STIENSTRA:
Ja, ja, mar sa't hy oer libben en stjerren praet, né, dat giet my to stûf. Sa...... sa kâld en cinysk...... né, Wouter, dat is my......
Sa stiet it der. Sa prate gasthúswyfkes oer dokter's mefrou dy't oan spiritisme docht. Mar dêr giet it noch net om. Ik wol sels oannimme, dat immen as Wouter, dy't ta dokter leart en dus fan dingen wol 't ien en 't oar witte sil (ommers hy leafhabberet yn wiisbigearte!) en dy't boppedat mei Inte oer dy syn nije ‘ynsichten’ gauris in ‘debat’ hawn hat, dochs sa stompsinnich dêroer prate kin, mei 't each op syn ienfâldige heit. Ik wol der sels net oer falle, dat in existentialist dy't suver is yn 'e lear, wol oer it ‘libben’, mar grif net oer it ‘stjerren’ praet, en dat Sartre syn engagéwêzen hiel hwat oars is as ‘kâld en cinysk’. Dit hiele, op himsels guodkeape en neat-sizzende petear, dat allinne mar by in grou soarte publyk stimming meitsje kin tsjin in rjochting yn 'e wiisbigearte, dy't him dêr neat fan oantsjocht, en dat fan dy wiisbigearte in mjitske karikatuer jowt, mei hinne bruije. Men kin dy mannichte yn in toanielstik nou ienris net de existentialistyske leare dúdlik meitsje yn wurden.
Mar as men nouris nei de persoan fan Inte giet en siket hwer't dit existentialisme fan him yn 'e praktyk winliken op rêst, dan fynt men net oars as hwat holle phrazen oer ‘to be or not to be’, dy't mei Sartre noch Heidegger ek mar hwat út to stean hawwe. Hwa is Inte? Hy spuitet hwat puberteitsphrazen oer it ‘stumperich soadtsje hjir yn Fryslân’, oer de Hampelmannen en de Goaden fan de Olympus (hwa hat hjir foar Inte model stien: Barend sels of...... ikke?). Hy hat wol hwat bistek op Lysbet, lûkt him werom as er fornimt dat Wouter him foar west hat, mar kriget nei in min of mear dwaze en alhiel net op inerlike striid rêstende Kusco-en-Telasco-scène dyselde Lysbet dochs noch. Hy draeit de radio iepen, as syn mem de foarrige deis to hóf brocht is, lyk as de haedpersoan út Camus syn ‘L'étranger’ yn dat gefal nei de bioskoop giet, - omdat men de deaden troch roubitoan dochs net wer libben kriget. Hy neamt as in 2de klas HBS'er de Jazz (hjir Jass neamd): ‘it nije’. Hy is ‘bigien op dy (hokker?) moderne dichters, ja alles hwat modern is lûkt him’ (s. 27). Hy is, mei de mûle alteast, tige op 'e konvinsje tsjin, mar syn rebelly (syn skoanheit neamt him in noch al ‘opstânnige natuer’) is sa pubertair en sa nuet as in laem: guon goe-boargerlike, alhiel net existentialistyske soannen hawwe wol forheftiger mei har heiten oerheap lein......
Yn it twadde bidriuw - syn forlovingsfeest - wol er syn faem winliken leaver oerdwaen oan syn broer, omt dy Lysbet, liket him ta, lokkiger meitsje kin. Hâldt er net fan har? Wol er syn broer graech lokkich sjen? Doar er de forantwurdlikheit net oan? Hat er allinne mar de pé yn, om it boargerlike forlovingsgedoch? Wy witte it net. Hy makket dan in, tige opsetlik yn elkoar timmere, kweajongeseftige scène mei syn eptige en wettyske oansteande skoanheit en ropt: ‘Fatsoen? Hwat is fatsoen?’
Yn it tredde bidriuw is er normael troud man en heit fan in soantsje en it iennichste sprútseltsje existentialisme moat hjir út bistean, dat er hwat mei de faem, nou ja, frije is it wurd net, - 't-is-sa-mar-hwat en 't leit op gjin inkelde wize yn 'e situaesje.