Op it harspit:
Men moat mar doare!
Tsjonge, jonge, hwat hat K.D. dy Klaes Westra moai út 'e leage wosken, net? Hwat mient sa'n seremonymaster (mei syn beide accordeonmannen) wol! Dat K.D. krekt sa'n simpel kuddedier is as it publyk, dêr't er oars altiten syn brike kluchten en ûnnoazele eksplikaesjes oan slite kin? Mar dan hat er it mis, sjedêr! K.D. is de seale útroun en hy wol dy ‘declamator van Stiens’ nea wer hearre. Der mei dan nóch sa'n moaije foto fan Klaes Westra yn it deiblêd fan Fedde stien ha yn syn rol fan de Fryske útjower op 'e Boekejoun 1951, in oare redakteur fan ‘De Tsjerne’ mei dan nóch sa dúdlik yn ‘Frysk en Frij’ skreaun ha, dat de revue fan it Selskip Westra ‘in moedich bisykjen’ en in ‘forbining fan kunstsinnigens en folksaerdigens’ is, soks lêst K.D. net en yn alle gefallen docht hy gjin war om ris op in boekejoun of by ‘It Bûnte Libben’ to sjen. Né, hy giet ‘lang om let’ nei in joun ta, dêr't de lju net ienris in selskipke bitelje kinne of wolle en de lieder needsaekje om lykme allinne foar in kear wer ris to forfallen yn it âlde genre (sa ‘buitengewoon gezellig’) dêr't er sa graech út wol, mar dêr't er krekt salang yn omwrotte moat ont de Fryske kuddedieren ris stadich, o sa stadich leare om de ‘flymjende fine humor’ to forstean, dy't Klaes Westra ek wit to wurdearjen en dy't er forstiet en goed forstiet.
Mar sa lang sil er om syn brochje de seremonymaster wol úthingje moatte en hy skammet him dêr net foar, hwant hy moat der fan ite. Dat soksoarte wurk neat mei ‘declamatie’, noch minder mei cabaret fanneden hat, wit er sels dealiske skoan en hy biwiist it mei syn meidwaen oan de Boekejoun en syn revue, dy't gjin mjitske thema's en gjin forwettere echo's bifettet. Dêr bin ik wis fan, hwant neist in sketch fan Hein Faber binne de measte teksten fan my skreaun en as der ien is dy't mear it mier hat oan mjitske thema's, dan bin ik it wol. Dêr mei K.D. by Tetman wol ris nei fornimme. Ik woe dus mar sizze, dat K.D. allinne rjocht fan praten hat as er Klaes Westra mei syn minsken spyljen sjocht en heart yn dat genre, dêr't er al pretindearret it yn it cabaret to sykjen. En dan bin ik der wis fan, dat syn oardiel hiel oars útfalle sil, al seit it my persoanlik in lyts bytsje, salang ‘De Tsjerne’ gjin fêste toaniel- en cabaretrubryk hat en de redaksje romte jowt oan intelligente recinsinten dy't brulloftsamusemint as cabaret skôgje en sadwaende mei in kanûn op in protter sjitte (en der ek noch fier by troch reitsje!). Mar, hjir is de saek net mei út. As it ‘De Tsjerne’ tinken is mei it cabaret, dan heart hja oan elts bisykjen op dit mêd omtinken to jaen. Foar Klaes Westra bitsjut dat: in skôging (lang om let) fan ‘It Bûnte Libben’ of fan oar nij wurk, dat er as cabaret oantsjinnet. Mar dy recinsint kin dan fansels nea K.D. hjitte, hwant dy hat him ‘foarnaem’ (né, setter, net ‘voornaam’) om nea wer nei Klaes Westra to harkjen.
S.J.v.d. MOLEN.