De Tsjerne. Jaargang 7(1952)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 129] [p. 129] [Nummer 5] G.N. Visser: Trije oersettingen nei Augusto dos Anjos. Iensumheit. In sjamme allyk, dy't yn in woast en skier Aliensum lân syn lêste taflecht sochte, Waerd efter grêven feal ik iepenbier, Gyng nei dyn doar, dat ik dy groetsje mochte. 't Wie kâld, mar as it wyntsje net wiswier Dat koelens bringt nei't gleon de sinne ljochte. - Né, 't wie sa kâld, dat ik in limmet glier, In blinkend slachtersmês to fielen tochte. Mar dû hiest gjin bigreatsjen mei myn smert En ik gyng fuort, wêrze en skou by allen. - In kiste dêr't in lyk yn leit to stjonken - En ik gyng fuort, in bonkerak, oars net As tanich fel, toar parkemint om 't holle Neare gerammel fan myn tryste bonken. Intime strofen. Sjuchst wol, net ien op 't tsjerkhôf wie der by Doestû dyn lêste dream big'roefst, allinne D' ûntankberheit, dy swarte partnerinne Dy't altyd by dy is, dy folge dy. Wen oan 'e weaze alfêst, dêr moatst dochs hinne. De minske, dy't yn ierde' woastenij Mank bisten libbet - nea sil er partij Sûnder sels bist to wurden, wêze kinne. Nim lúsjefers, in sigaret, stek oan! De pea fan hjoed dat is in rachel moarn, Deselde is de hân dy't flaeit en toarket. Hat immen faeks bigreatsjen mei dyn smert, Toarkje op syn leffe hân, bitrou him net, Spui op de mûle dy't dyn mûle snoarket! [pagina 130] [p. 130] Sonnet. In lyk ús Heit, syn eagen dof en forglêze en de lippen dy't ik patsje in deadlike greide fan micro-organismen, woeker dy't wreidet oant wrak wurdt it fleis om gêstjend as sider to wêzen. O hurd Biwâld yndie, dat de minske en de wêrzi- ge Hydra bynt oan ien hurde Natûrwet beide en de mars fan 'e molekulen rigelet mei de ûnsteurberheit fan in klokwurk, net to bilêzen. In lyk ús Heit, en de hân dy't ik sa faek patte tofretten alhiel fan maitsen, as de forrotte tsizen op Lucullus' wieldedis. 'k Leavje ús Heit yn 't grimeljende ûntbinen wylst necrofage bekken ivrich him sline en modder syn infekte tekken is. Vorige Volgende