De Tsjerne. Jaargang 7(1952)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 131] [p. 131] Geart Jonkman: Faits accomplis.... Ik bin de fleaner fan 'e skimerjoun De motor hat de wolkens hommels foun Mar ringen rint de wizer al tobek En sûnder brânje stean 'k wer op 'e groun. Ik bin de meaner fan 'e twadde sneed En foar myn dwaen wol aerdich op 'e g'leed Mar as ik even nei de bûsdoek taest Sjongt skean foar my in seine, nij en wreed. Ik bin de lêzer fan it oarde diel Ik bin de haedpersoan, de nomm'le siel Mar 't is jit om in side as hwat to dwaen Dan stjer 'k as offer oan it kâlde stiel. Ik bin de rinder fan de lêste post Ik kom fan hoop en freze oan 'e kost Mar as my aenst de tas fan 't skouder glydt Haw ik in oar en net mysels forlost. Vorige Volgende