Hy waerd wyt om 'e holle en bigoun to switten. En hy waerd lulk, omdat er mar in lyts mantsje wie. Hy pakte tsjin har út, dat soks foar har gjin foech joech. Der stie him tige dizenich hwat foar fan in nije elite, dêr't er him sels in skoftke ek ta rekkene hie. En hy brûkte it wurd, sûnder forbân mei oare. Hy steapele alles op elkoar, hwat syn binevele brein opjoech om in muorre op to taesten tusken dy frjemde fint en Amelia (Sibylle-eagen, kantwurk, Eastsé, rêdding fan it Neat). Hy krige in gefoel oft er bigjinne soe to skriemen. Alles wie fierder ôf, de seal wie greater en Amelia ljochter, ljochter mar net rein mear.
Syn frou waerd lulk doe't hja him dêr sitten seach mei dat fanke. Hja helle him derwei en fjurre yn in hokje fan de vestiaire oerstjûre wurden op him ôf. Hy moast der om laitsje. Luik gyng hja nei hûs.
Doe't it feest ôfroun wie, stoep er mei Amelia yn ien fan de extra-stedsbussen dêr't de saek it personeel mei skewielde. Hja rieden in skoft en de bus rekke linkendewei leech. Op it lêst wiene der noch trije oaren. En de chauffeur fansels.
- Amelia, frege er, is dit dy chauffeur?
- Ja, sei Amelia.
Hja roun nei foaren en fandele nêst de chauffeur in jildtas wei en it mûtske fan in konduktrice. Hja roun nei de earste man.
- Dat mûtske stiet dy kreas, pop, sei dy. Doe draeide er him om en sei: Jow my effen in kwartsje fan dy.
Mei ien taest yn de bûse fan syn oerjas hied er in kwartsje beet en goaide it Amelia ta, dy't it opheinde en yn de tas die. De man tikke oan syn hoed, doe lei er Amelia de earm om 'e mil en patte har. Hja lake en glûpte út syn earm nei de twadde man. It forroun krekt as de earste kear: hy mocht bitelje en de man siet in skoftke mei Amelia to frijen. En by de tredde man gyng it net oars.
Hy siet stiif op syn bankje to sjen. Der kaem him in lietsje yn 't sin en hy bigoun to sjongen: - In den hemel is enen dans, 't is voor Amelia.... Halleluja....
Amelia lei laitsjend yn it gongpaed. De trije manlju leine op 'e knibbels tusken de bankjes en taestten en kidelen oan har om. Har laitsjen davere him yn 'e earen. De grouste fan de trije - hy tocht: dat is in fortsjintwurdiger fan de saek en naem syn hoed foar him ôf - raesde: - Hâld dy stil, hampelman. Hy liet de hoed op 'e flier falle.