De Tsjerne. Jaargang 7(1952)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 97] [p. 97] [Nummer 4] Jan Piebenga: Geastlik liet. Offer fan dit ierdske libben, Earste en ûnbismodske laem, Yn gjin bloed oan my bisibbe, Dyn read bloed dat is de daem Dêr't ik efter skûlje en slûgje, Dyn forrieder en dyn bút, Alderlêst ta 't feestmiel noege, Deade stobbe dy't wer sprút. Lampe en doar yn tiid fan tsjuster, Blynseach bearste nimst my oan, Sljochtest óér it hjoed en juster, Lûkst myn each allinne op moarn. Hwat bin nachten, hwat bin dagen Hwaem it iivge ljocht bistriel't? Alle klachten, alle fragen Haw ik op dyn herte mield. Harker fan de stomste gjalpen, Redder út it nearst trewyn, 't Wetter dat my fier oerstjalpe Wurdt troch dy in sé fan wyn, Dêrt't myn boat, de dûkersarke, Rjocht de himel binnensylt, Oer de glêzen strjitten farket, 't Krús as boarch en skeagebyld. Laem en lampe en loads, dou biste 't Boadskip dêr't de kym fan tilt. Dêrst yn finzenissen gieste Wurdt it daelk in iepen fjild. Komst yn hoalen of paleizen, 't Bloeit dêr as it maitiidshôf, Geane aller minskne reizen Op dyn ierdske reize ôf. Vorige Volgende