Op it harspit:
Men moat mar doare......
Lang om let hawwe wy Klaes Westra op 'e planken sjoen, ‘declamator van Stiens’. Hy wie biselskippe fan twa akkordeonmannen, dêr't ien ek pianist fan wie. Wy hawwe ús foarnaem om nea wer to harkjen nei dy smoute, útkôge praetsjes, dy oankundige en forklearre mopkes, dat minne Frysk (‘...... doe wied er noch net jierdei......’), dy kliemske stoplapen, en om nea wer, as de ‘grap’ op it heechst is, dat ostentative gegniis to sjen, om út de simpele kuddedieren ûnder it publyk doch it forsearre sukses fan in skatterlaits to rispjen. Dat weake, romantyske, âld-wrâldske, sentimintele moralisearjen, dat hiele oanskôglik preekjen (‘......wy sitte hjir joun sa smûk byinoar yn 'e seal; hwerom yn 'e goedichheit giet de hiele wrâld net sa smûk byinoar sitten? Dan hiene wy frede...’) wolle wy ús nea wer oan erger je, nóch oan de mjitske thema's - faek en folle forwettere echo's fan Tetman -, nóch oan it breklik neidwaen fan Jarich-op-syn-bêst, en binammen net oan de wikkerdewé-hâlding op it stik fan de Fryske striid: alle partijen tofreon hâlde, wól fan polysjekneppels prate en oer foaroanmannen (men moat aktuëel bliuwe, net wier, en it stiet foarnaem), mar fierders tuike-tuike, gjin oardiel útsprekke...... Der koe ris ien de seal útrinne.
Dat dat mei sokke healwize, brike kluchten, sjerpeftich útsmarde wiisheit, ûnnoazele eksplikaesjes ek barre kin, is blykber nea net oan tocht. Allinne flymjende, fine humor, it gjin-wurd-tofolle, it fan effekt laden forrassende oantsjutten sil it leechrinnen fan sealen foarkomme. In kabaretman moat nou ienkear hwat oars wêze as in kombinaesje fan in lollige seremony-master op in brulloft en in swiete, wrâld-herfoarmjende dûmny op in preekstoel.
Mar ja -, der is ôfgryslik lake en hantsjeklapt. It wie ‘een buitengewoon gezellige avond’ neffens de krante.
K.D.