Filmkronyk:
De mythe Marlene Dietrich.
Der hat in tiid west - in goede tweintich jier forlyn - dat de generaesje fan ús âlden ûren yn 'e rige stie om in kaert foar de bioskoop. It wie yn 'e dagen dat de lûdfilm útfoun wie en de stomme film, mei alle kwaliteiten dy't er yn 'e rin fan 'e jierren krige hie, útwreide waerd mei de nije diminsje fan it lûd. De filmmakkers, bigien op hwat men ‘filmysk’ neamt, krigen der in nij gebiet to experimintearjen by. Dreech waerd der arbeide - mar dat wie it net hwerom't ús heiten (en memmen) yn 'e rige stiene. Twa wûnderbaerlike froulju - gâns útinoar rinnend fan figuer en karakter - byldzje elk op har wize it typysk froulike út. Beide binne hja symboal fan it frou-wêzen, alteast sa wurde hja sjoen. Der wie in algemiene Marlene Dietrich- en in Gretha Garbo-kultus dêr't wy nou forsteld fan steane. Hoe faken hawwe wy - greatbrocht by de ‘mear réalistyske (?) Amerikaenske film fan nei de oarloch - de forhalen net oanheard út 'e gouden tiid fan de film, fan Marlene har prachtige skonken, har stimme, har geheimsinnich sex-appeal fan ‘DE frou fan alle manlju út 'e tritiger jierren’...... ‘Ich bin von Kopf bis Fusz auf Liebe eingestellt, das ist meine Welt, sonst gar nichts’.
En nou is de forneamdste Dietrich-film - ‘Der blaue Engel’ - wer yn roulaesje, en joun oan joun in útforkoft théater. De âlderein bilibbet Marlene wer as tweintich jier tobek. Foar harren is de mythe net stoarn, hy hat nij libben krige. Foar ús - dy't de gouden tiid net bilibbe hawwe - is dizze konfrontaesje in hiel oarenien. Ek wy binne optein oer dizze film, mar op oare grounen.
Om to bigjinnen is er qua byld en montaezje gâns better as in protte Amerikaenske films fan tsjintwurdich. Technysk sawol as fan ynhâld is ‘Der Blaue Engel’ aktuëel bleaun. Allinne Marlene foldocht net mear, hja is forâldere.
Neist de fotografy en it byldrhythme - erfskip út 'e perioade fan de stomme film - is it binammen Emil Jannings syn spyljen dat dizze film sa great makket. As spylder fan formaet typearret hy treflik en mei gefoel foar forhâldings en nuances Prof. Immanuel Rath; earst as learaer-frijfeint, dy't troch in soarte fan bangens en plichtsbisef nea oan froulju ta kommen is en as sadanich in karikaturael minske, mar dy't letter, troch syn learlingen, alwer út syn plichtsbisef wei, yn 'e kunde brocht mei dizze krûdige kant fan it libben, syn rol fan karikatuer dochs fierder libbet as de ‘fuot’-feint fan Lola-Lola, de ynkarnaesje fan de sex-appeal. Prof. Immanuel Rath is in tragyske figuer, sûnder hertstocht, sûnder greatens, sûnder him syn midsmjittichheit biwust to wêzen. Hy hat oars net to dwaen as syn plicht en dat docht er dan ek mei hertstocht. En ek dan as er mei Lola-Lola troud is, trêddet er mei deselde stomme hertstocht it deistich paedtsje lâns, as de fuotfeint fan syn frou.
Earst by in konfrontaesje fan syn learaersjierren en syn troudman-wêzen, en as er boppedat sjocht dat syn ‘masteresse’, dy't allinnich ‘auf Liebe eingestellt’ is, in oare man foar kar nimt, wurde by Prof. Immanuel Rath de hertstochten wekker. Yn in