greep hâldt, bûcht en wrikt neffens syn wil nei in, miskien fan to foaren to ‘efterheljen’ takomst, dy't allinnich oant nou ta stiifkoppich wegeret har oan ús to oppenearjen oars as by de oertsjûge dogmatici en de lju dy't, nei folks sizzen, de wrâld ‘yn it festjebûske hawwe’ en dy't dus om alve ure fêststelle kinne dat it mei in ûre tolf wêze sil?
Yn alle gefallen: it ûnderfiningsbyld is to algemien en to oertsjûgend om der oertsjûge né op to sizzen. De skiednis, ek dy fan it kommende, oppenearret har oan ús as skiednis, as kontinuïteit en dêr sille wy it ynearsten wol mei dwaen moatte. Op syn bêsten kin men de saek iderkear wer yn 'e kiif sette en bisykje de skiednis, los en linich, op elk stuit iepen to hâlden, op elk stuit ‘kieze’ to litten. Der is, determinisme réeel of in harsenskym fan it breklik yntellekt, foar ús ien ûnûnderbrutsen ûntjowing fan Bach nei Bartok, fan Shakespeare nei Sartre, fan Paulus Potter nei Picasso, en dat immen mei hwat histoarysk stylgefoel ridlik gau in muzykstik op in 50, 25 jier nei datearje kin, is in feit. Hwa hellet it yn 'e plasse en skriuw hjoed de dei muzyk yn 'e suvere trant fan Mozart, hwa foeget yn in geniale taest in tsiende symfony oan Beethoven syn njoggen ta, sûnder oan histoaryske bidragerij skuldich to stean? Hwa foeget masterwurken ta oan it oeuvre fan Vermeer sûnder skandael en sûnder processen? Hwa sil, oars as by wize fan Buningiaenske aerdichheit, fersen skriuwe yn 'e trant fan Vondel - biynfloeding as réele mooglikheit fansels byside-litten?
Earne ûntkomt de kunstner net oan syn tiid, is er it slachtoffer of de foltôger der fan, libbet er ‘yn it kader fan syn tiid’, lyk as men dat neamt - Dr Suys kin it net sizze sûnder de irony fan de oanhellingstekens - earne leit it munster Tiid grinzen op oan kunstners selsbiskikking, al hat er fan de politike, ekonomyske en stilistyske konstellaesje fan dy tiid gjin binul. Earne dus kappet, troch de kunstner hinne, de kunst har in wei nei de takomst, is de kunstner, ûnder protest of net, hearrich oan in tsjustere macht dy't him driuwt.
Dêrfandinne dat de spits fan de litteratuer, fan de kunst yn it miene, it hawwe moat fan it experimint, - it experimint dat slagget of net slagget (de litteraire dadaïsten fan pl.m. 1920 b.g.), dat docht der net ta. Dêrfandinne dat de kunst har baenfagers hat, har foargongers, har foltôgers, har folgers en har ôfsluters. En it is dúdlik dat foar de greate mannichte, efteroan as hja útsoarte fan har mas-