| |
| |
| |
Marten Sikkema:
Fiif balladen fan François Villon.
Ballade foar syn faem Marthe.
Sabeare-skientme, dy't my earme siel
Safolle kostet, wreed ynsté fan swiet,
Leafde dy't hurder is as 't hurdste stiel
En dy't ik fan myn stjerren amper skied,
Unhuere tsjoen, dy't yn 'e dea my fiert,
Forhoalen greatskens dêr't it folk foar stjert,
Glêshurde eagen dy't gjin dearnis siert,
Skewiel in earme en forniel him net.
't Hie better west, hie 'k op in goede dei
Oars earne omsjoen, 't kaem myn ear to stea;
Oan diztiid ta wie neat my yn 'e wei,
Nou moat ik drave ta myn skande en skea.
Hé, greate dêr en lytse dêr! Och hea,
Hwat komt my oer, 'k bin oan 'e dea forret;
Och dearnis, wol noch harkje nei myn bea,
Skewiel in earme en forniel him net.
De tiid komt, dat dyn lichem, hjoed sa soun,
Fordroege is, forgien dyn swiete fleur;
'k Sil der om laitsje, is 't my dan jit jown,
Mar né, dat net: ik bin dan in âld steur
En dou in sjamme sûnder glâns of kleur;
Drink dêrom ta, noch is it net to let,
Mar fier in oar net boartlik yn 't malheur,
Skewiel in earme en forniel him net.
Prins fan dy't leavje, tel dit net to licht,
Noch haw ik fan jins gunsten rju forlet,
Mar elke fromme hat de djûre plicht:
Skewiel in earme en forniel him net.
| |
| |
| |
Ballade fan de froulju fan Foarhinne.
Fortel my dochs, yn hwat lânsdouwe
Is Flora, de Romeinske, keard,
Alcibiade, wûndre frouwe,
Har nift Thays, fan elk bigeard,
Echo dy't andret op ús winsken
Oer wide sompen en rivier,
Mei skientme, swider as fan minsken.
Mar hwer 's de snie fan f'line jier?
Hwer is de froede Heloïse
Foar hwaens forbeane leafdetoarst
Pierre Abélard op wrede wize
As muonts, en lubbe, boetsje moast?
En hwer de keninginne, letter,
Dy't Buridan mei hûd en hier
Biboun yn sekken smiet yn 't wetter?
Mar hwer 's de snie fan f'line jier?
Foarstinne Blanche, de leeljekeine
Haremburgis, grevin fan Maine,
Greatfuotte Berthe, Béatrys,
En Jeanne d'Arc fan Lotharingen,
Fan d' Ingelsken yn 't iepenbier
Forbaernd; hwer binn' hja, faem-foarstinne?
Mar hwer 's de snie fan f'line jier?
Wol, Prins, hjoed net fornimme litte
Hwer oft hja binne, noch fan 't jier;
Wol dit refrein mar gau forjitte:
Mar hwer 's de snie fan f'line jier?
| |
| |
| |
Ballade fan de tsjinstridichheden,
makke foar it Concours de Blois.
'k Forlij fan toarst dêr't de fonteinen sproeije,
Ik klappertoskje, stean ik yn 'e brân,
'k Riboskje gleon as fjûr, dêr't ounen gloeije,
In frjemdling bin ik yn myn eigen lân.
Bleat as in wjirm, mar klaeid nei hege stân
Laitsje 'k yn triennen, wachtsje ik op neat,
Wylst ik myn treast fyn dêr't de smert regeart;
Ik haw myn slinger wol, mar wille net;
'k Bin tige sterk, sûnt my de krêft ûntskeat,
Oeral forspein, fan elkien let en set.
Neat bin ik wis fan as ûnwissichheden,
Hwat tsjuster is, dat is my klear en wis,
Ik twivelje oan neat as fêstichheden,
Myn kennis krij 'k allinnich op 'e gis.
'k Sil alles hawwe sûnt ik alles mis;
Yn d' iere moarn siz 'k elkenien goejoun;
'k Bin bang to fallen, liz ik oer de g'roun;
Ik tink to erven, rjochten haw ik net;
'k Bisit al moai hwat, mar 'k ha neat jit woun,
Oeral forspein, fan elkien let en set.
Soargen ha 'k net, mar muoiten follerhande
Om saken dêr't ik gjin bilang by ha,
Hwa 't goede fan my seit bringt my to skande,
Hwa't wierheit fan my seit, dy liicht mar ta.
Myn bêste freon is nimmen oars as hwa
In swarte raven neamt in blanke swan;
Dy't my to nei komt is myn rjochte man;
Koartswyl en earnst, ik ûnderskied se net;
'k Unthâld it measte, wit der neat mear fan,
Oeral forspein, fan elkien let en set.
Genedich prins, jo founen 't faeks al út,
'k Bigryp wol gâns, mar lykwols net in sprút,
'k Stean boppe en fal ûnder elke wet.
Hwat wit ik mear? Myn lean bliuwt ta bislút:
Oeral forspein, fan elkien let en set.
| |
| |
| |
Gebet yn ballade-foarm,
makke foar syn mem, om it oan ús leaf frouwe to bidden.
Himelske frouwe, regintes fan d' ierde
En keizerinne oer it helsk gebiet,
Wol my, jins needrige kristinne, liede
Dêr't al jins leaven libje yn geniet.
Al wit ik, dat myn deugd út neat bistiet,
Jins gunsten, leave frouwe, keninginne,
Binn' greater as myn greatste sûnden binne,
Dêrsûnder sil net ien, hoe achtenearre,
Ik liich der net om, ea de himel winne.
Yn dit bitrouwen wol ik libje en stjerre.
Siz oan jins soan, ik wol him tabiheare,
Dat er forjowt myn sûnden allegear,
Lyk as oan dy Egyptyske alearen
En oan Theophilus, de learde hear
Dy't oan 'e kweade hert en siel forlear
Mar likeg'oed ûntkaem is sûnder skea.
Jo, faem, dy't droegen yn jins súvre lea
It sakramint, yn missen selebrearre,
Biwarje my foar sok ûnhuerich kwea.
Yn dit bitrouwen wol ik libje en stjerre.
Ik bin in earm âld wyfke, wurch fan lijen,
Fan soks as letters wit ik net in sprút;
Sjoch 'k yn ús tsjerke nei de skilderijen
Fan 't paradys, dêr't harpe is en lút,
En fan de hel, dy't sielen gleon omslút,
Dan wurd ik kjel fan 't iene, myn goadinne,
Fan 't oare bliid; lit my de blydskip winne,
Sa freegje 'k jo, dy't alle sûnders hearre,
Hwannear't hja from en net skynhillich binne.
Yn dit bitrouwen wol ik libje en stjerre.
Suvere godsfaem, jo ha ienris droegen
Hear Jezus, dy't regeart yn ivichheit,
Dy't ta ús kaem en op syn skouders loege
Al ús forkeardens en illindichheit.
Op jonge jierren liet er him fordjerre,
Hy is ús Hear, dat is myn wissichheit.
Yn dit bitrouwen wol ik libje en stjerre.
| |
| |
| |
Grefskrift yn ballade-foarm,
makke foar himsels en syn maten, ear't hja hongen wurde soene.
Jim minskebruorren, libjend nei ús dea,
Wês mijen yn jim oardiel oer ús lot,
Hwant hawwe jimme dearnis mei ús skea,
Dan sill' jim mear genede ha by God.
Jim sjogge ús hjir bongeljen ta spot,
Fiif, seis man sterk; forroppe en fordien
Is 't flesk, dêr't wy alear sa'n sin by hien',
Wylst wy, de bonken, ta hwat túch forstouwe.
Oer ús illinde glimke dochs net ien,
Mar bid de Hear, dat er úslju forjowe.
Sjoch, bruorren, mei forachting ús net oan,
Wy smeekje jim, al binne wy mei rjocht
En reden hongen; hwant jim witte skoan
Dat elk de grins fan goed en tsjoed net sjocht.
Bid foar ús earmen, oan 'e dea forkocht,
Marije leave soan, dy't alles wit,
Dat syn genede ús lykwols net forlit
En 't hellefjûr net lôget oer ús rouwe.
Wy binne dea, gjin siele pleag' ús jit,
Mar bid de Hear, dat er úslju forjowe.
It reinen hat ús wettere en spield,
De sinne makk' ús toar en swart en hurd,
De ravens ha de eagen ús fornield
En strieken út mei wynbrauhier en burd.
Foar ús gjin rêst, wy bingelje foar skut
Nei lofts, nei rjochts, sa't yn 'e hjitte hei
In boartlik sigentsje 't biskikke mei,
As fingerhuodden skeind fan fûgelhouwen.
Wês dêrom wiis en folgje ús net nei,
Mar bid de Hear, dat er úslju forjowe.
Prins Jezus, jo dy't stjûre elts bistean,
Lit ús dochs net troch helle poarte gean,
Nou't wy ús skulden oan jins gunst bitrouwe.
O minsken, jow ús net jim spot ta lean,
Mar bid de Hear, dat er úslju forjowe.
|
|