fetberheit fan autoriteiten dy't it folk dêr't hja jierren oan fortsjinne hawwe folslein miskenne) soe, as it Grinslân oanbilange, ôfstimd wêze op it grounakkoard: ‘Hwat wurde wy der better fan, as wy ús mei soks bimuoije?’
Dizze mear prozayske, faek yn tige ûngunstige sin ‘saeklike’ ynstelling fan 'e Grinslanner, dy't har yn 'e skiednis gauris sa ûnnoflik en op 't lêst tragikomysk iepenbiere yn it Grinzer imperialisme en in obsessy sjittende wrok tsjin de ‘Fryske Ommelanden’, dy't har ûnderdrukking bisochten to wreken, is in fruchtber, al to fruchtber ûnderwerp, dêr't ik my, om ûnderskate reden, wol foar wachtsje sil en gean der op yn. Foar in diel omdat ik, as Grinzer, der net folle sin oan haw om krekt de swartste siden fan myn stêd (en, by einsluten, ek myn gewest) nei foaren to heljen; mar ek, en mear jitte, om't net de histoaryske en de ekonomyske, mar de artistike en de dêrmei forboune djippere psychologyske kanten my oangeane.
Om dy to definiëarjen, moat men útgean fan alles hwat it libbensrhytme, de gefoelstoan, koartom: it inerlike wêzen symboalysk uteret. E'n dan komt, as fornaemst uteringsmiddel (mei't yn beide gefallen noch muzyk en sang, noch de douns hwat bisûnder ekspressyfs hawwe dat mjitte wêze kin) de tael yn 'e bineaming. Nou lykwols net, of net yn 'e earste pleats, de tael yn offisjele, ingere sin, mar it hiele konglomeraet fan dialekten. Fierders, fansels, de ynfloed fan dy dialekten (it latinte dialekt om sa mar to sizzen), as Fries èn Grinslanner Nederlânsk prate: in tige goede gelegenheit om de eigentlike forskillen to hearren. Dêrby falt it op dat it lûd fan 'e Grinslanner swierder, donkerder en doffer is, mear yn himsels bisletten (binnenmûls). It is om sa mar to sizzen roun of ôfrouner fjouwerkant by it spitsere, skerpere, biweechlike fan it Frysk.
Dat it ‘aksint’, by it offisjele Nederlânsk as ienheitsbasis, de markante forskillen hâldt, jildt ek, mar uteraerd folle swakker, as Fries en Grinslanner beide yn it Nederlânsk dichtsje. Ek dan kin men, letterlik en mear figuerlik, sprekke fan latint dialekt. Hwat mysels oanbilanget: hwa't myn gedichten lêst sûnder hwat in Noardeast-Nederlânsk aksint, lêst se einliken forkeard; it dreunende fan 'e ‘en’-útgongen, hwerby't de e forfalt of omtrint forfalt, is foar my in bilangryk elemint yn 'e klank. Natuerliker wize binne de Hollânske dichters yn har ri-