Sifers lige net.
Dr. W. Kok, Onderscheiden-Ongescheiden. Achtergronden van de Friese Kwestie.
T. Wever, Franeker 1952.
It hiele fraechstik dat ‘de Friese kwestie’ hjit, komt yn lêste ynstânsje del op 'e fraech: wurdt de minskemienskip dy't wy ‘it Fryske folk’ neame en dy't fan oaren faeks oantsjut wurdt as ‘de gezamenlijke inwoners der Provincie Friesland’, to koart dien yn stoflik en geastlik opsicht? Stoflik, dat wol sizze: ekonomysk, sosiael, finânsjeel. Geastlik, dat wol sizze: polityk, kultureel, intellektueel, seedlik. Al dizze dingen binne net to skieden, hja foarmje ien gearhingjend komplex. Sadwaende kin in great part fan de hiele stoffe yn 'e exacte foarm fan nofteren sifers dellein wurde. Sifers lige net. Dêrom liicht Dr Kok net, as er op groun fan sifers ta de, tige myld formulearre, oanklacht komt fan in ‘ongelijke en onbillijke behandeling’. Uteraerd bislacht dizze brochuere, himmel, mar fan omkaft hwat skruten útjown (hearre Flylân, Skylge, it Amelân en Skiermuontseach net by Fryslân?) net it hiele komplex. In hantboek fan de Fryske saek sil, mei it each op de iderkear wikseljende aspekten, ynearsten wol in fromme winsk bliuwe. Hwat Dr Kok foar ûnderwiis, tael en kunst dien hat, freget needsaeklike oanfolling op de mear stoflike terreinen, al komt Dr Kok b.g. mei syn materiael oer de kosten dy't foar in Fries oan it folgjen fan heger ûnderwiis forboun binne, winliken ek al op ekonomysk mêd.
Fansels sil den Haech syn formalistyske slogans ré hawwe om dizze sifers dea to slaen. It sterkste argumint is ommers dat fan de machthabber, foar hwa't ‘alles sûnt minskegehûch altyd sa west hat’. Is 't net sa?: ‘een herziening van de subsidiëringspolitiek (is) nodig. Maar die kan niet dan geleidelijk worden opgevoerd’ (Min. fan U.K. en W., sitearre bis. 7); ‘geleidelijk’, ‘in bescheiden mate’, ‘een aanvang gemaakt’, ‘werk, dat adem vereist’, ‘zoveel mogelijk tegemoet te kunnen komen’, ‘enigermate’, sjoch dêr in lytse karlêzing út 38 rigels ministeriëel proaza, it amtlik jargon fan alle tiden.
Der hawwe trije Excellinsjes yn Ljouwert west. As feit in lytse morele oerwinning. Lit ús hoopje dat harren oan it forstân brocht is, dat hja de totaliteit fan it Fryske libben tokoart dwaen soene, as hja ús ôfsâlten mei in pear tûzen goune subsydzje-forheging. In lek skip kin men net driuwende hâlde troch in prop papier yn ien gat to stopjen en de oaren iepen to litten.
Ien opmerking: ‘Voor een paar duizend gulden per jaar kunnen alle leerlingen dezer Kweekscholen Fries onderwijs krijgen; de Friezen onder hen zijn dan tevens klaar voor de Friese acte, die uiteraard niet een onderdeel van het eindexamen Kweekschool mag zijn’, seit Dr. Kok op blz. 15. Ik soe sizze: ‘die uiteraard een onderdeel...... moet zijn’. Just yn de faek hwat materialistyske en op akte-jagerij oandriuwende sfear fan de Nederlânske ûnderwizersoplieding is in duorjend birop op frijwillichheit in mistaest. Mei alle frijwillichheit giet it Fryske ûnderwiis op 'en dûr kroandea.
A.W.