den? Of biddelje hja bernlik om oanhâld - is it greatdwaen mei lytse herten?
Of is 't it moedich opstekken fan 'e helmplom, de panache, en daegje hja út? Of is it licht in oanfal út it forskûl wei?
‘Dit boekje mei koarte forhalen (‘sketsen’ sizze hja to uzes almeast, nou hawar) wol gjin program wêze en gjin graedmjitter dêr't men de hichte fan it koart forhael yn Fryslân fan ôflêze kin. De forhalen binne op bistelling skreaun, sûnder bygeand resept, en der binne yn it Frysk grif bettere skreaun as dizze sawn’.
Skétsen - nou hawar.
Theun de Vries, yn syn ‘Fryske Stilistyk’, like neat nuvers oan dy namme to sjen, mar syn boek is fan 1937. De skets is in soarte fan ympresje of oantekening, seit er, dy't net in great en folslein byld bringt, al kin se bisûndere suver wêze en troch har skerpens fan sjen en de krektens fan har rêdde tekening, faken treffe.
Koarte forhalen - dy namme seit dus mear. Akkoart, mits, men sjocht dy net as oersetting fan it wurd ‘short story’, oersetting fan in wurd, dat teffens in bigryp wurden is. De short story, dy't trillet fan spanning, dy't nei de ein tilt yn ien greate klimaks en ôfknapt as glês! Oh, O'Henry!
Goed: wy tekenje net mear; wy jowe nou lûd. En dan atonael?
Hoe spitich dochs, dat dit boekje gjín program en gjín graedmjitter wêze wol, dat it sa frij-bliuwend oanbean wurdt. Hwant hie it net in ultimatum wêze kinnen foar in striid tusken generaesjes?
Hja kinne skriuwe, dizze sawn, hja forsteane it fak, al sjocht men ek fan fierren, dat Spanninga, alteast as proazaïst, winlik net by dit espel heart. Hy hat de measte siden fanneden om syn forhael nei de ein to fieren; hy is biskriuwender, ómskriuwender; hy hat net dat forlet fan direktens yn syn utering. En hoewol syn taelrykdom en -bihearsking útstekt, komt er net fierder as in bihyplik en hwat âldfrinzich forhael.
Sûnder mis, de bêste stikken binne fan Dam en Wadman.
Freark Dam, dy't yn krapoan fjouwer siden de ivige épisode fan de foreale pubers fêstleit, mei dy wiere, wanhopige toan, dy't harren hiem is, mei dy jeuchlike resignaesje, dêr't men by it âlder wurden pynlik om glimket. En dan dy knappe, koarte kontouren fan lân en minske, en it fansels-sprekkende fan it oarlochsleed. Hy kipt der út, al skreau er ek ûnegael en soms mei stjitterige wurdkar;