gefolgen dy't faek folle letter oan it ljocht komme.
De Fryske Biweging hat yn dit drama ta taek de dramatyske haedpersoan - it Nederlânske Regear - to helpen ta selsherkenning to kommen, d.w.s. ta de erkenning fan de plicht ek de Fryske Naesje to hoedzjen.
De frage hokker gefolgen - steats- en (of) administratyfrjochtlike - út it akseptearjen fan dizze moderne politike opfetting fuortkomme sille, is ien fan it twadde plan, rekket it nationale bigjinsel net.
Dit twadde plan leit dus alhiel yn it flak fan de opportuniteit. Foaropsette mieningen - lyk as b.g. it perfoarst ôfwizen fan útsûnderingswetjowing - binne hjir net op har plak: It sykjen fan de gaedlikste oplossing sil in saek fan oerliz wêze tusken Fryslân en de Nationale Oerheit.
Wol kin men yn g'reate linen de wei útsette dy't ta in praktyske oplossing liede kin.
De nije ynterpretaesje fan 1798-1814 smyt yn it foarste plak de fraech op, yn hoefier rektifikaesje nedich is, d.w.s. hwat dien wurde moat om goed to meitsjen, hwat Fryslân troch de ont nou ta jildende - foutive - opfetting tokoart dien is. Om mar in pear direkt foar de hân lizzende foarbylden to neamen:
It opheffen fan de Frentsjerter Akademy soe reden wêze kinne om net deun to wêzen mei Ryksstipe oan de Fryske Akademy.
It Ryk soe fiks oer de brêge komme kinne om de efterstân op ûnderwiisgebiet yn to heljen, dy't hjir al fan it bigjin fan de 19e ieu ôf oan al mar greater wurden is. En sa is der mear.
Just foar dizze needsaeklike rektifikaesje kin desintralisaesje op himsels ús net helpe. Hjir sille bisûndere maetregels nommen wurde moatte en dan soe it dochs wol ris wêze kinne, dat oan sokssahwat as útsûnderingswetjowing net to ûntkommen is.
Dêrnei komt de kwestje fan de regelingen dy't ta'n doel hawwe de demokratyske ûntjowing fan de Fryske folksmienskip foar de takomst feilich to stellen. Ek hjirby kin de fraech steld, oft men mei desintralisaesje klear komt.
Just de taelkwestje jowt oanwizing, dat yn Fryslân problemen lizze, dy't yn gjin oar diel fan Nederlân oan 'e oarder binne. Hwa't mient dat mei de erkenning, dat it Frysk in Nederlânske tael is, dizze swierrichheden út 'e wei binne, forliest út it each, dat de tael nea los to meitsjen