De Tsjerne. Jaargang 7(1952)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 51] [p. 51] A. Jousma: Fryslan. 1 Dû, frjemdling, dy't op Fryslân's romten stiet, en dy't dit folk en dit myn lân net ken, wit, dat hjir ieuwen lyn in keningsbern yn wâld en fjild syn jonge dagen sliet. Dû sylst op koele marren, mar it liet fan wyn en weagen g'iet foar dy forlern as 't sjongt fan keningen en helten en fan rom en gloarje, dy't ús lang forliet. Mar ienris wie dit lân in machtich ryk: syn floaten foeren en syn stinzen riisden, syn stêdden bloeiden oan de wide streamen. Doe wie oan dit myn folk gjin oar gelyk: it hearske heech en eigen wetten wiisden strang rjocht, dêr't fredich nou de greiden dreame. 2 Syn goaden wennen yn in wolkelân: Wodan, ieneagich, dy't it needlot wit, en Frigg, dy't weeft mei fêste en blanke hân, en Balder, dy't men oansjocht en forjit troch him al 't oare. En Idûn; gouden bân hwertroch it blanke klaed him keare lit, dat it net falt -. En Thor yn wjerljochtsbrân, En Hermod, dy't op Bifröst's brêge stiet. Hwannear yn iere hjerst de lette sinne to rêsten giet, jit nou, nei ieuwen tiid, dan sjocht hja wer opnij de goadestêd, dy't minsk'ne swak ûnthâld sûnt lang forgeat. En jimmer rize yn wolkeg'lânzen swiid de âlde bylden, dy't net stjerre kinne. [pagina 52] [p. 52] 3 Doe kamen út it Suden krigers oan, forlokke fan de rykdom oan de streamen. In nije Godheit wisten hja to neamen, yn mart'ling, neaken, oan in krús forstoarn. De grize kening foun de Minskesoan yn 't Godshûs, dat der boud wie oan de seamen fan 't Ryksgebiet. En hy forsonk yn dreamen by 't bluodrich drippen fan de stikelkroan. Syn hert wie wurch fan ierdske striid en skyn: der weagen lieten oan yn licht Latyn, hy foun dêr wûndere fortreasting yn. ‘O, bleke God, sa swak, sa swier bilêst, hoe himet myn yneinens nei dyn rêst. Jowstû de frede, dy't myn siel genêst?’ Vorige Volgende