It wetter giinstere yn 'e nachtlike glinstering. Hja seach my oan, in bytsje skou, sarkastysk. Hwat soms itselde is.
‘Bisefste, hwatst dien hast?’ frege ik.
Hja andere net; har mûle sakke lichtsjes iepen, Wy slag'gen nei in skoft bindoarren yn har hôtel. En seagen elkoar hwat oan en seine forstannige dingen. Doe't út it Easten wei de himel al bigoun oan to ljochtsjen, setten wy beide as út ienselde oandriuw op it finster ta. Foar ús lei Parys yn 'e slomme. De dei kundige him oan. Der lei hwat tears yn dat ljocht oer dy stêd, doe.
Lang stiene wy nei bûten to sjen, sûnder in wurd to sizzen. It stille oanwinnen fan 'e dei.
‘Bisefstou, hwatstou oan my dien hast?’ Opstige út in forswijde wémoed hongen dy wurden yn 'e jonge dei. Hja seach my oan, rêstich en biret, en ús hannen founen inoar.
Ik wiste nou dat ik de groetenis fan immen oan it heitelân oerbringe koe, en de thúsreize like my tûzen parten lichter ta. Parys hie my loslitten. Parys. Mar Janke net. De pear dagen dy't my noch fan myn fuortgean skaetten, hawwe de lêste bôgen slein. Mei oerliz, en ek oertsjûging binne wy oan dit aventûr bigoun. En Parys hat de earste tsjûge west.
Dat ús boargemaster der neat fan fette, sil oan him lizze, en it spyt my dat myn forhâlding mei de bern der sûnt net op foarút g'ien is. Janke, hwerom moatstou nou siik lizze?
Miskien hat hja dochs gelyk. Fjouwer jier ha wy ûnwitten jong west. Ik bin dochs noch jong? En hja noch mar fjirtich? Mar miskien hat hja dochs gelyk. Wy ha yn fjouwer jier in hiel libben oerdien.
Hwerom fetsje wy inoar nou net mear? Is hja yn har sykte dochs wer tobek fallen ta journaliste, binijd nei en bigien op de ûntjowing, nou, fan harsels? En hat hja my sadwaende dochs wer tobek twongen ta dokter?
It kin bêst wêze, dat wy beide yn inoar de wrâld loslitten hawwe; wy hawwe him ek sa fûl, yn inoar, oangrypt. Wy bisjogge inoar nou mei deselde fornuvere eagen dêr't wy de wrâld mei bisjogge. En binne wy dan, krekt dan, net hâlden, ús folslein oan inoar to jaen, omt wy safolle oan inoar hawn hawwe?
Hwat seistou, Janke?
O, Janke sliept. Dat har sliep goed wêze mei.