De Tsjerne. Jaargang 7(1952)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 46] [p. 46] U.J. Boersma: Confessio. Wol is de Dea de ein net; gjin izich ûnwerroplik Neat kin stean as útsjoch nei 't wurch swalkjen lâns dizich paed, mei folle leed ta lean - Noch ek bigjin allinne fan heger lok en boppe-ierdske steat -: Koe men de lêste eangst mei dizze dream oerwinne hwerom it libben hjirre jit sa fûl bigeard? It Libben sels, yn grinzen net to heinen, weaget ús bert' en dea yn wider wielings wei - Strak is dit skouwe hert syn greatste striid ûnttein en giet dizz' lêste freon, bitrouwend, nei! - Ahasveros. Ik rin de stille strjitten lâns en sjoch de finsters ljocht; dêrefter spilet elk syn stik: de rol dy't it Lot him socht - Ik gean as wie 'k in frjemdeling, de eigen doar foarbij; de nacht is treastlik, kalm en koel en nimmen wachtet mij - Hoe lang sil jit yn tsjusternis myn hert sa iensum gean? It kloppe faek om hâld en hael, mar nimmen woe 't forstean - Dêr slacht in doar, de lêste ljochten dôvje - Oan 'e ein ta iensum, sil ik eigen wegen gean. [pagina 47] [p. 47] Ofrekken. Gean fluenske ‘moaije’ wurden dy't feal oerklaeije wêzens glâns - Ik haw forlet fan kleare, hurde, jow flokwurd en satyre nou in kâns! As ik net leavje mei, dan sil ik haetsje al hwat my ienris nei oan 't herte lei: mysels it meast - en dan dy staesje fan húchelders yn eineleas g'eklei! - Hwa skrillet foar morele konsekwinsje, dy't bitterheit oant yn 'e siele krong? Hwa't útsjoch mist oer alle grinzen Sil dy noch eangje foar de deadesprong? As mei my stjerre koe foargoed ál tinken oan forline of hjoed.... Grins-slûker tusken Nou en Ivichheit: dyn libben hie gjin story-kwaliteit! Vorige Volgende