De Tsjerne. Jaargang 7(1952)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 44] [p. 44] Klaes Dykstra: Kriem. De hjerst is in frou, alles hat leafde yn: spegels fan blau biaezme, en blyn fan triennen, fan dau.... it skruten g'ordyn, it grien-leavich klaed, fan twingende wyn tobrutsen, trochstaet.... en in raffel karmyn, in flamme fan read, gearroun oer 't paed.... littend nei kriich, yn siddringen bleat, de glimmende twiich ûnder loften fan lead: de hjerst is in frou.... Mare Frisicum. I Hjir sjongt it liet dat is fan alle ieuwen, Tûmelt de branning skûmjend oan it strân, Mei bûnte núnders ratteljend oer 't sân - En altyd swinke en raze heas de miuwen. Hjir kaem it boat fan Thiadrik oandriuwen, Breed-silend as in greatsk-foreale swan, Mei kostle frachten út it Wytsinglân: De sâlte sfearen binne noch to priuwen. Hwat ek alear oan eedlens wie en teach, Dyn dynjend spielen bleau aloan gelyk; Stees fiterje dyn driften weach nei weach To slikjen fûl oan dunen, rots en dyk, Dat, grien en flak, Fryslân troch alle tiden Kantwurk fan libben brûs hat oan 'e siden. [pagina 45] [p. 45] II O, oan dyn flanken hawwe griene lannen Fan jier op jier yn helle farven bloeid; Fan ieu op ieu waerden de ekers ploeid, Rûgelen rispingen yn hurde hannen, De seinen fagen linich troch de stannen; Yn kannen is de swiete molke floeid - En altyd hast de iggen streake en knoeid En roun dyn rûzing brûzjend om 'e rannen. Yn 't swiere lûd fan dyn oanwêzichheit Boddet in boerefolk foar 't frij bistean. En sa't dyn widzjend gean g'jin sêdding krijt, Is stees it skaei fan prykjend bloed bifearn, Dat, fan dyn stouwend branning-wyt omwolke, Fryslân dreech leit mank de Germaenske folken. III O, Mare Frisicum, de hurde kusten Wien' foar dyn langsten stees it hege doel; Yn boun mei jonge winen, sâlt en koel, Bifredichst skûmjend hieltiid nije lusten. Wyls stoepen lâns dyn seamen d'aldergreatsten, - Forsille sonken yn 'e tiidne poel - En elk foar oar hat foar't er hymjend foel En ear't har swurd en harpstringen torusten, 't Forhoalen twingen ta great skeppen hawn, Dat sêdzjend briek op 't strân fan d'ivichheit Ta flinters brûs beevjend op 't einleas sân, Mei stees wer farsk forlet deroan ûntwaeid, Dat aloan ûnder dyn rûzige akkoarden De drift fan Fryslân bounzet troch it Noarden. Vorige Volgende