Stil is it, en de spanning is great. Op dit stuit steane himel en hel foarinoar oer, God en de divel stride. Nou hearre hja ek de tonger dy't troch de stoarmlûden hinne bolderet en de rein dy't tsjin de glêzen oanslacht. De hjerst kundiget him oan, it is de warskôging foar de rispinge, it sein fan de forgonklikheit kommendeweis.
- Doar ik dat net?
- Dou doarst nou wol, mar dou kinst aenst net! Yn ús selskip, in dak boppe de holle en by kunstljocht, ja.... mar doch it ris allinne, op in eilân, yn it tsjuster en sûnder bisketten dak boppe de holle!
- Hwa bringt my der hinne??
Né, der wurdt neat tusken set, dêr is de saek to great foar en fan to folle gewicht, en it is Jan Molenaar tinken. Sels fan kristlik komôf, hat er al lang twivele, mar nou 't dit oan it útbrekken ta is, dit hwat nou wankt him op it stikken ôf binearet, nou is er oer alle twivel hinne: der bistiet gjin God, oars soe it sa net kinne. Nea hat it him sa helder west as op dit stuit, en hy sil it biwize, dat er foar syn wurd stiet.
In pear maten nimme it oan, him mei de motorboat nei ien fan de krúspôllen yn de Hegemer mar to bringen. Dêr tusken it Heidenskip en Nijegea op 'e pôlle midden yn de mar sil er bilidenis dwaen.
De ôfspraek is, hy sil op in âlde skippershoarn blaze as er nei in goed healûre syn skreau yn de loft roppen hat. De boat sil him ôfsette en weromfarre nei de trochsnijing en dêr wachtsje op it sein fan de hoarn. Né, Kees de Haan giet net mei, hy bitrout Jan Molenaar op syn wurd.
As de boat rémakke wurdt, prakkesearje de measte mannen al oer hwat oars - it is de lêste frije joun, en in pear hawwe in faem sjoen dêr't hja ôfskied fan nimme moatte. It meastepart fan harren giet op sjou nei Koudum; mocht de kastelein op bêd lizze, dan moat hy der mar útroffele wurde: hja moatte en sille in sûpke hawwe, hwant hwat kin in minske yn spkke omstannichheden better dwaen? Of't der al of net in God is, rekket harren de klean net.... de jenever is noch bêst.
Of't er mei nei syn keamer giet, freget de legerdoomny oan Kees de Haan, mar dy seit, hy giet leaver bûtendoar. De loft is hwat trochskuord en de wolken driuwe yn greate