De Tsjerne. Jaargang 7(1952)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 80] [p. 80] A. Jousma: Redbad, it bern 1 Doe libbe 't bern, dêr't ik jim nou fan sjong: syn hert wie sêft, syn each as sinne blier, syn lea as fan in jonge god, syn hier as sulver, dêr't in sinnestriel oer gong. Soms is it my, as hie 'k him kend, sa jong. sa bloun, fris as it deiljocht, moarntiids ier. As giene wy togearre ûren fier, wylst prille maitiid yn 'e beammen hong. It wijde wâld sjongt yn it sinneljocht mei tûzen stimmen, nea hearde ik it sa. Wy dreame fan Walhalla's g'oadelân. Myn eagen hawwe swijend sines socht: dy stoarje yn langstme nei de kimebrân en Balder's namme lúst'ret er my ta. 2 Hwannear hja sprekke, wyl't har mantel wiid waeit op 'e wyn, de preesters fan de God oan 't swarte krús, tomidden fan de spot fan fûle kriichslju, dy't de reade striid wol leavje as in wyld en wreed genot -: en as dan stadichoan de stilte gliidt oer 't roerich folk, dat om it bitter lot fan de Rjochtfeardige rout -, dan is er bliid. Hy leavet Him, de Krúsling, hwa't de pine fan wrede spikers skuort troch teare hannen en fuotten, wylst hy yn syn need net wit hwerom syn Greate Treaster him forlit: stjerrende stim yn ljochteleaze lannen. ‘O Kristengod, lit my Dyn ljocht biskine’. [pagina 81] [p. 81] 3 ‘Earwearde hearremyt, dy't ienlik wennet yn 't wâld en mear fan wrâld syn wêzen wit as folle oaren, siz m' allinne dit: ‘Hwa is dyn God, dy't men mei krúsdead leannet?’ Hwerom mei stikels dan him kroane en it forflokte hout him jown ta troan en sit? Fordraecht in God, dy't minsken wurde lit, dat hy forhune wurdt fan hwat hy bernet? Ik haw him leaf. Hy hat sa helpleas lit, mei bloed bismodze, in offerdier foar ús, yn machtleasheit biklaeid mei greate macht. Sá leaf, dat ik by tiden net mear wit, foar hwa myn hert mei mear forlangjen slacht: foar bloune Balder of de God fan 't krús. Vorige Volgende