as wist se net hwat se der oan hie en se skeukte mar hwat op 'e stoel hinne en wer. Se hat doe by my oan it opmjitten west, yn in dûbeld hûs is dochs alles gelyk. De Maeije's binne se mei har boeltsje oerkommen en se ha doe de middeis by ús iten. Dat wie harren oars fiersten to mâl, mar se sieten sa yn 'e rommel, dat woe ik sa hawwe. Mar dochs bleau Ytsje, sa hiet se, hwat oan 'e skrutene kant. Dou komst der wol ris hwat bot mei oan, ju, it sil fansels wol wenne, sei Jabik dan. En nei in wike-mannich sieten wy sa middeis al ris bûtendoar op 'e bank to breidzjen. Se mocht hjir wol wenje, sei se, it útsicht wie sa rom en dy feart foar de glêzen wie al sa moai. Dan sei ik wol: Bern, ik wit net hwatst der oan fynst, mar mear makke ik der net fan, hwant ik hie dy feart al sa lang foar de glêzen hawn, dêr seach ik noait nei. En nou moat ik der altyd nei sjen, dat ik der hast gek fan wurd. Mar ik moat net ôfdwale. Wy sieten dan wol ris op 'e bank, mar dat duorre net sa lang, hwant doe kaem de ûngetiid en moast Ytsje melke. Ik die dat oars altyd, mar ik bin der forline jier mei ophâlden. Ik wie al oer de fjirtich en ik hie myn nocht der ôf sa njonkelytsen. It wie alle dag'en like gleon dy earste wyks en de iene weide nei de oare waerd by de boer ta de skuorre yn riden. Elk hie it like drok en Jabik kaem jouns skjin yn ein thús, ik allinne hie it op sloffen. Mar dêr kaem ek in ein oan, hwant op in moarn, ik lei noch op bêd, kaem Ytsje wer werom. Se wie mislik leau 'k, hwant ik hearde har wol spuijen. Ik der ôf en der hinne. Och fanke, dêr hast dy al forwrotten mei dy waermte, sei ik, mar se lake sa'n bytsje, se hie de foarige deis to folle brune beantsjes hawn, woe se ha. It bikaem al ridlik gau, mar de oare moarns wie it wer sa en doe sei Jabik ûnder breaiten: Miskien is der wol hwat to rêdden mei har. Hwat ha 'k him doe
útlake. Hwat witstû dêr fan, ju, âld strûk? Mar hy sei neat, hy seach my allinne mar oan, lyk as hy my altyd oansjocht as ik sokke ding'en siz. Mar doe't er fuort wie, hie ik in min sin. Der is hwat to rêdden miskien, mjelde my yn 'e holle om. Ik woe it net sa ha, hwant se hie al trije jier troud west en it soe har wol krekt sa gean as mysels, miende ik, mar ik wie der dochs net wis fan. En doe't de boer yn 't skoft kaem to freegjen of't ik it melken fierder fan har oernimme woe, wist ik it wol. Wel ja, my bêst, der mankeart my neat, hear! sei ik, mar doe't er fuort wie, sei Jabik: Dou moatst sokke dingen net altyd sizze, ju dat helpt ommers dochs net.