De Tsjerne. Jaargang 7(1952)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 86] [p. 86] Durk Miedema: Sjong, myn siele! Hwerom soestû net sjonge, myn siele? en tjirgje dy from en frij? Moatstû inkeld bineare dy fiele fan skiednis syn twingend tij? Hat de wrâld dy bidraeid yn 'e wiele en dwelmet de deaskrik dij? Heevje dy ta de Heare, myn siele, ta Him is de tagong frij. Hwerom soestû net sjonge, myn siele? en tjirgje dy from en frij? Hast forlet fan in ierdryk, bimiele mei ferve fan dideldij? Hast forlet fan in libben, bidiele mei 't goede, yn oerfloed rij? Of, is God dy yn alles, myn siele, en neat dy sa nei as Hij? Hwerom soestû net sjonge, myn siele? de Hear jowt dy romt' en frij. Hat omdôch dy syn ljochtskyn omstriele mei gloede sa gol en nij? Hwerom soestû mei soargen ompiele, hwer't freugde is fel en blij? Sjong dû Goade dyn lofliet, myn siele, hwant nimmen is Hear as Hij! Vorige Volgende