De Tsjerne. Jaargang 7(1952)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 87] [p. 87] W. de Jong: Greatskens. Ik liz iepen op papier, forburgen foar harren dy't wol fredich sliepe, gjin dreamen, gjin gesichten krije en oan gjin ûnrêst lije. Ik stean warleas op papier en jow my oer oan dy't itselde fjûr, deselde neden skrinen fiele, oan dy't hjir taeste nei itselde, net to finen lân; en dit is my in lytse genede: dat njonken my tsjogge stagen oare warleazen, en dit jowt my moed: dat dy't net sykje grif net fine sille, en dit my greatskens: dat ús it kennen jown is en it smertlik fielen. Linquenda. Ien ûre gjin witten, gjin flymjende kennis! ien nacht lang forjitte dat ienris ik moat forlitte de biminden en dizze lânsdouwen, sûnder it rotsfêst bitrouwen dat, nei de chaos, mei 't hèrskeppen der kosmos, ik werfine sil it lân, it griene, en mei de biminden wurd foriene, letter, yn ljochte nachten, oan nije wetters. Vorige Volgende