De Tsjerne. Jaargang 7(1952)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 88] [p. 88] Hessel Miedema: Melancholia. Under goades grammoed sonk de himel, griis fan mankelikens, del - sa leech dat ik allinne noch op 'e ierde stie - en al it oare - lege pleatsen in âljende kou in stompe toer - ûnbirikber fier yn dy himel wie, skier fan mankelikens kime wie net mear allinne de sinne as in wytweiten troanje hong swier oer de miede. Vorige Volgende