| |
| |
| |
Anne Wadman:
Der komt in man werom.
Twadde bidriuw.
(Spilet 4 wike nei it earste yn café ‘De Posthoarn’, dêr't Ine Smeding en Arent Koopmans elkoar yndertiid foar it earst moete hawwe; Arent sit to praten mei Hessel Mulder.)
It wurdt in greate organisaesje, man. Kontaktpunten rounom op 'e wrâld, yn Dútsklân, Spanje, Argentinië. In wrâldmacht....
Jitris, Mulder, ik haw myn nocht fan al hwat organisaesje hjit.
Ek as it foar dyn eigen saek is?
(Glimkjend.)
Hwat is myn saek?
Dyn saek, jandoary.... dyn saek? Dyn saek, sâltsek? Punt ien: striid tsjin it kommunisme. Punt twa: ús rehabilitaesje op it forum fan 'e wrâldskiednis.
Ik haw net folle gedoente mear mei de wrâldskiednis.
Né, mar de wrâldskiednis wol mei dy.
En hwat de striid tsjin it kommunisme oanbilanget, dêr haw ik myn poarsje fan hawn. Hat it hwat jown?
Yn alle gefallen hawwe jimme de earste stjit opheind.
Wylst dou en dyn kornútsjes feilich op har partijbureau's sieten to stikjes-skriuwen.
(Sil lilk wurde, bikoarret him.)
As ik net ôfkard wie.... Mar goed, dat dêrlitten. Dou en dyn maten, ús kammeraten dy't sneuvele binne oan it Eastfront, hawwe hja net de earsten west dy't it gefaer ynseagen en der tsjin strieden?
Us kammeraten, dy't sneuvele binne. Hwerfoar sneuvele?
Foar ús saek, de saek fan Europa.
Mei ik freegje: dy tûzenen Joaden, binne dy ek sneuvele foar de saek fan Europa?
(Hunend.)
Soa, ek al Joadophyl wurden? Ja, ek foar de saek fan Europa.
Mei ik freegje, is Europa der op foarútgien?
Praet my net fan Joaden. As der fan de tsien Joaden
| |
| |
noch ien oerbleaun is, hat er hjoed de dei in bek foar tweintich....
Dan hie 't mei minder forgassingen ek takind, foar de saek fan Europa, as ik goed rekkenje.
Nou ja, der sille ek wol goede Joaden mei om hals gien wêze, dat giet sa yn in greate tiid. Ik fiel my net roppen om se werom to heljen. It binne myn freonen net.
Dou. En alle oaren dy't it doe al ynsjoen hawwe, - doe't de froede boargers Stalin wol ôfslikje woene.
Ynsjoen, seiste. Ik haw noait hwat ynsjoen. Ik bin blynwei op hwat ynflein. Ik haw allinnich neikwêke hwat Göbbels my foarkwêke. Ik haw gjin boek lêzen oer it kommunisme, gjin letter fan Marx. Ik hie de grounwet fan Nederlân nea sjoen, nea in Twadde-Keamerf orslach lêzen....
Né, mar dou wist, dat ús hearlike lân 57 politike partijen ryk wie. Yn namme fan de demokraty.
Ik wist net iens hwat demokraty bitsjutte. Ik wist net hwerom't in Joad in Joad wie. Ik wie oars net as in bidoarn iennichst soantsje, dat syn eksamens op 'e tiid dien hie, en hwat greate wurden en holle leuzen opheind....
Kin my gjin barst skele. Dou hast ienris leaud oan it greate idéael, hast der foar fochten, hiest der foar stjerre wold, en hwat let it dan dat de minske de clou fan syn idéalen net biredenearret? In minske is ek mar in wurktúch yn it greate wrâldproces. Ober!
(Ut 'e fierte.)
Ja, mynhear!
Hwat dyn harsens net forwurkje koene, hat dyn gefoel dy yntuïtyf sein.
Just, en nou haw ik sa njonkelytsen hwat mear bitrouwen yn myn harsens krigen.
(Glimkjend.)
Skuldgefoelens is ek in wize om jinsels to hanthaven. Dyn skuldgefoel, dat is dyn foarm fan ûnskuld. Mar nimmen leaut oan dyn skuldgefoelens, lit stean fan oan dyn ûnskuld.
Dousels ek net. Se skouderje dy, en haetsje dy. Of se komme út 'e hichte mei hwat falsk meilijen op dy ta. Sa fan: Wer ien dy't fan holle leuzen bilazere is....Lit ús hwat meilijen mei him hawwe.... Re-
| |
| |
edukaesje neame se dat, wer-opfieding, reklassearring. Philanthropy, hjit it, as it om in pantsjefol sop giet. Mar by harsels tankje hja de Hear, dat hja net binne lykas dou.... Oan dyn fal lûke hja har eigen selsfoldienens omheech. Har solidariteit is falske skyn. Skynhilligens.
Mei ik witte hwat dyn solidariteit my to bieden hat?
(Ober op.)
Om to bigjinnen: in glês bier. Twa bier, ober.
Yn 't twadde plak: jowt it dy gjin feilich gefoel, dat wy efter dy steane as ien man, ien greate organisaesje, dy't dy helpt en bystiet?
Ik soe net witte hwer't dyn organisaesje my yn bystean koe.
It giet ek net alderearst om dy.... mar om al ús kammeraten, de libbenen en de deaden.
De widdouwen en wezen. De iene kammeraet moat jild hawwe, de oare in baentsje.... De tredde....
....moat frijkocht wurde of in advokaet ha. In oaren moat wer yn syn hûs of moat in pas ha foar Spanje of Argentinië. In dossier moat fortjustermoanne wurde.... Dêr hawwe wy ús mantsjes foar.
Wysels, ús idéalisme, ús Dútske freonen, allegearre dy't yn ús de foarhoede sjogge fan it nije Europa.
Kinne jim de deaden wer libben meitsje?
Yn ideële sin al, ja. Rehabilitaesje foar harren dy't de earste striid tsjin it kommunisme oangyngen, dy't de earste stjit opheinden. Alleman striidt hjoed de dei tsjin it kommunisme. De skiednis sil ús ienris de eare jaen dy't ús takomt. Ek ús deaden sille har lean hawwe!
(Under de lêste tuurden is Steensma opkommen.)
(Bliuwt stean.)
Hear ik goed? Hawwe de hearen elkoar wer foun? Kom, dêr bin ik bliid om. Klearst biwiis dat de Europeeske demokraty noch libbet. Nòch.... Hawwe de hearen hwat sin oan de Amerikaenske oarloch?
Mear as oan dy fan de Russen.
Dat is 't forstânnichste ek foar jimme soarte.
| |
| |
Oarlochsstokers, collaborateurs, profiteurs.... Allinnich, Koopmans, ik woe jo riede, wês hwat foarsichtich.... Jo binne nou wer by ús yn 'e saek....
Fortsjinje jo jou brea ek al yn sa'n kapitalistesaek?
(Tsjin Arent.)
Wit hwat jo dogge.... der wurdt om jo tocht. Ik haw myn mantsjes.
Ut hwat namme sprekke jo?
Né, mar ik siz de wierheit al.
Ik soe sizze: hy lêst de Wierheit.
Dizze wierheit, dat oan de hearskippij fan boargerdom, fascisten, jildmagnaten en oarlochsdriuwers in ein komme sil.
En dan nimme jo en jou mantsjes de saken oer.
Ienris sil de reade flage fan it proletariaet oer de hiele wrâld waeije. En dan hawwe wy foar dizze persoan
(wiist op Mulder)
gjin genede. Oft wy it foar jo hawwe, hinget fan jo ôf.
Hwat hawwe jo op my tsjin. Liz ik jo ien strie oerdwers?
Elkenien dy't de nije tiid net sjocht en ús tsjinwurket, leit ús in strie oerdwers. De maetskippij giet syn gong en mealt har fyn. Jo, Koopmans, witte hwat it is, fynmeald to wurden troch de gong fan de histoarje.
As de histoarje hwat op my tsjinhat, moat de histoarje syn gong mar gean.
Jo hawwe ienris de forkearde partij keazen, kies nou de goede.
Moat ik perfoarst in partij kieze?
Elkenien dy't him forantwurdlik fielt foar it wrâldbarren kiest ús partij. Docht er it net dan wâddet it wrâldbarren oer him hinne. Dan is er in folksmislieder, in freon fan 'e tsjusternis, in.... in....
....in Titoïst, ....in réaksjonnair ....in....
Ik bigryp jo net, Steensma.
Jo sille it ienris bigripe. As it dan mar net to let is.
(Ober komt op mei bier.)
Goejoun.
(Steensma ôf, rjochts troch gordyn.)
Twa bier. Astjobleaft, hearen.
(Of.)
| |
| |
Sokken moasten ophongen wurde oan 'e heechste beam. Forrieders fan de goede saek.
Nim my net kwea-ôf, Mulder. Ik haw ienris miend dat ik de wrâldpolityk yn 'e bûse hie. Ienfâldige skema's dy't de Führer ús opdiste, ienfâldich as 2 plus 2 is 4. Wy binne wyt en de oaren swart. Dus slane wy de swarten dea, dan binne alle minsken wyt. Dat hawwe wy dien, dou en ik. Mar it is noch krekt like fier. Wy binne wyt en de oaren binne swart. Hawwe wy net genôch swarten deaslein of binne de witen ek swart wurden?
Tinkst dat men de wrâld rêdde kin troch jinsels foar swart en in oar foar wyt to forklearjen?
Jimme hawwe allegear de mûle fol oer it rêdden fan 'e wrâld. Dou, Steensma en de hiele santepetyk. Soene jim earst net ris gear oer it rêdden fan jimsels?
Hast in klap mei de Oxford-pûde hawn?
Dat nou just net, né. Mar ik bin al hwat biskiedener wurden. Fan dy kommunist bygelyks bigryp ik neat. As de wrâldskiednis it kommunisme fansels tofoarskyn tsjoent, hwer makket er him dan drok oer? Dy man praet myn tael net. Dou sprekst ek in oare tael as ik. Sprekst út namme fan kammeraten, út myn namme, út dy fan deaden sels. Hoe witstou dat de deaden it mei dy iens wêze soene?
Hwat soe der fan 'e wrâld tolânne komme, as der gjin lju mei diedkrêft wiene, dy't de dea oandoarsten?
Weddestou noch altyd op 'e hurde knûst?
Mar man, hwat wolstou dan?
Soe de wrâld der net better hinne lizze as de minsken bisochten to leauwen oan elkoars goede bidoelingen?
Dan soene Steensma en ik beide gelyk hawwe. Mar wyt is gjin swart.
Jimme koene ek ris beide ûngelyk hawwe. Dan hoegden hakkenkrukken lyk as dy Steensma en dou net oan polityk to dwaen, hy net oan syn reade flage, dou net oan dyn organisaesje.
(Skodhollet.)
Dou bist in ûnhuere individualist.
Hwerom net? Hwerom jin altyd mei oarmans saken
| |
| |
bimuoije ear't men klear is mei jinsels?
Ezel, dou bigrypst neat fan 'e wrâldsituaesje.
Dat kin útkomme.... Ik bigjin pas sa linkenoan hwat fan myn eigen situaesje to bigripen. Dêr haw ik ynearsten genôch mei to stellen. En fierders, Mulder, ik bin hjir joun foar hwat oars kommen. Nim my net kwea-ôf dat ik dat op dit stuit al sa wichtich achtsje as dyn wrâldsituaesje.
(Giet stean.)
En as dat frommis dy stikke lit?
Dan gean ik nei hûs. Ik bitelje dyn fortarring.
Wy prate wolris wer. Ik sil dy in bledtsje stjûre litte.
Bisparje dy de muoite. Ik haw oan myn eigen organisaesje genôch.
Goare individualist, oant sjen. Hjir is myn adres. Ast my ris nedich haste....
(Jowt in kaertsje oer.)
Goejoun, edele minskerêdder.
(Mulder ôf. Arent bliuwt oan syn taffelisje sitten, sjocht op 'e klok, lêst it kaertsje.)
Hm, fortsjintwurdiger.... Mar net freegje hwerfan.
(Docht kaertsje yn 'e bûse, glimket.)
Ober!....
Yndertiid hiene jimme hjir fan dy aerdige skimerlampkes stean, reade mei giele flammen. Petroaljelampkes.
Hoe lang is dat lyn, mynhear?
Njoggen jier.... hjoed op 'e kop ôf njoggen jier. It wie yn 'e bisettingstiid, doe't it elektrysk krap wie.
Mynhear hat in goed ûnthâld.
Guon dingen bliuwe jin sa by. Hawwe jimme dy dingen noch?
It stiet my sa by, yn 'e kast yn 'e biljertseal moat noch hwat fan dat âlde spul wêze.
En anjers, reade anjers, hawwe jo dy ek?
Dy grif wol, mynhear, yn 'e ytseal. Mar hwat....
Dêr haw ik mar sa'n sin by. In skimerlampke en reade anjers foar my.
(Under dit petear komt Welling op mei Marijke Wassenaer.)
It giet om in dierber stikje forline....
Ik sil sjen hwat ik dwaen kin, mynhear.
(Of mei bierglêzen.)
(Tsjin Welling.)
Sjoch, dêr hast dy NSB-er ek, dy't yndertiid mei Ine omsloech.... dy't nou wer by ús....
| |
| |
Ah, Koopmans, man, hwat sitst wer iensum to stoarjen. Wolle se net rane, de sûnden? Hwat seist, Marijke, NSB-er? Pas op, der is forskeel yn rang en stân. Dizze man wie SS-er, moatst him net misledigje....
Welling, - kom, jo hawwe noch altyd nocht oan 't libben, hè'n?
As nea to foaren. Nou't ik dy hjir sitten sjoch, man, it geloksfielen trochtrillet my oant yn myn lytse tean. In man to sjen dy't him noch djipper bilazere fielt as iksels.
Buormans leed is in goede treast, Welling.
Man, dat seist goed. Lit ús in slok nimme, op 'e oerwinning fan rjocht en frijdom.... op dyn bikearing ta demokraet, op 'e heilsteat dy't de frede ús brocht hat. Dat ús goede âlde demokraty it dy wer gunt om to sykheljen ûnder de reek fan Lucas Bols.
Kom, Thomas
(Lûkt him oan 'e jas.)
, lit dy fint stikke.... hwat hast mei dat rosmos oan 'e pet.
It fanke hat gelyk, Welling, hwat sille wy bidije mei in heildronk? Dou en ik passe elkoar net, ús rollen binne omkeard.
Hwat woest dêr mei sizze?
Ik bin nou illegael wurden en dou....
Hm.
(Sjocht skean nei Marijke.)
Alhoewol....
(Sjocht ek skean nei Marijke.)
Dyn legaliteit hat syn grinzen ek.
Dou bist dochs keiner as ik tocht, Arent. En sa ûnskuldich. By de SS koene se dat net, in troud man dy't nocht hat oan in jong ding. Dêr koene se allinne de Männerfreundschaft, - en de frou op syn bêsten as Ehrenmutter.
(Ober komt op mei skimerlampke en faes mei reade anjers, bliuwt diskreet op eftergroun.)
Kom, Marijke, hy is noch net rjocht ta de Westerske demokraty biwend. Fanke, jow my in earm....
(Hja fordwine efter it gordyn.)
Hjirsa, mynhear. Sit noch oalje yn. Ik haw myn kollega frege. Wy brûke dy dingen noch wolris as de stream der ôf is. Altyd maklik.
(Stekt ûnderwiles lampe op, bliuwt ôfwachtsjend stean.)
Haw ik jo hjir méar sjoen?
| |
| |
Mar de lêste jierren dochs net.
It stie my al sa foar.... ja, in minske wurdt der net jonger op.
Dat is wrâlds birin sa, mynhear. Is mynhear in goede kunde fan mynhear Mulder?
Mulder? Ja, hwat soe dat?
Wit mynhear, dat dy NSB-er west hat?
Ja, en minske-iter, hawwe se my forteld.
M....minske-iter....? Ik wit net....
En jo hawwe.... kapper west?
Ikke kapper....? Hoe komt mynhear der by!
O, ik tocht sa.... Mar it wie mar in grapke. Ik woe mar sizze: hwat docht it der ta hwat immen west hàt?
Dêr hat mynhear g'elyk oan. Wy moatte forjitte en forjaen, n'twier?
Sa is 't krekt. Bring my mar in kop kofje.
Goed, mynhear....
(Ober ôf. Ar ent sjocht op 'e klok, fluitet in deuntsje, wachtet. Welling komt efter it gordyn wei.)
Siz Koopmans, - dou hâldst dy de bek, nou?
Nou né, mar.... ik koe der spul mei krije.
Spul mei in oar of mei dysels?
Dat is altyd better as mei dysels.
Dou bigrypst my net. Om dat fanke.
(Wiist.)
Tinkst dat ik der bilang by ha dyn illegaliteit roun to krantsjen? Ast dy ober nouris geweken naemst....?
Moaisa.
(Giet foar Ar. oer sitten.)
En lit ús nou saken dwaen.
| |
| |
(Forheard.)
Sàken dwaen? Wapens?
Ast myn help nedich-hast foar dat fanke....
(Oerein.)
Welling, hwat wolstou fan my?
Bliuw kalm. Tochtstou dat ik net trochhie dat it dy om Ine to rêdden wie?
(Giet wer sitten.)
En tochtstou dat ik myn eigen pôt net siede koe?
Dat stiet tige yn 'e kiif.
Hja hat gedonder mei de soan fan de direkteur.
My bikend. En hja hat dij blau rinne litten?
Rankune is in kweade karmaster.
En mei ik witte hwer't dyn eventuële stipe yn bistean soe?
Earst dit. Ik haw in frjemd soarte sympathy foar dy. Net foar dyn soarte as gehiel, dat wol ik der wol bysizze....
't Is net om 't ien of 't oar. Mar mei ik dy yn it sin bringe, dat dêrjinsen in prakje op dy wachtet? It mocht ris kâld wurde.
Haw gjin noed. Dat waermje ik sa wer op. Lit my rêstich útprate. Dus net foar dyn soarte, mar wol foar dy as ienling. Sokken as dou wurde licht it slachtoffer fan harren soarte.
Mei ik witte hwer't ik dyn bysûndere tagedienens oan to tankjen haw?
Dou hast SS-man west. Ik wie yn 't forset. Ta in hichte moatte wy elkoar bigripe kinne.
Männerfreundschaft, woest sizze?
Lit dat der mar bûten. Wy hawwe beide foar ús idéael de dea yn syn wrede snappert sjoen. Dyn idéael, g'oed, it wie in great forsin, in mistaest, in misdie, om myn part. Myn idéael, lit ús earlik wêze, it stie ek net mei beide fuotten op 'e groun. Boppedat: hoe folle idéalisme wie der by ús en hoe folle bleate sucht nei avontûr en nei moardzjen en brekken?
(Spotsk.)
Set myn bikearing ta de Westerske demokraty net op 'e sigen. It is in tear plantsje.
| |
| |
(Earnstich.)
Us soarte mei trochstrings heger stien hawwe as dines, stik foar stik wiene wy de bêsten ek net. Sjochst it oan my. Hwer is it op útroun? Drank, froulju en de rest. Lit ús it sa sizze: Hitler syn Frieden hat dij fan 't hynder brocht. Hitler syn Krieg hat it my. Makket it by einsluten in bulte forskeel?
Welling, mei ik witte hwer't ik dizze preek oan to tankjen haw?
Lit my útprate. Dou bist tekene.
Ek noch, as Ine dy ôfstegeret om in Joad dy't to biroerd wie om in sten yn syn kloeren to nimman?
Lit Ine der bûten. En de Joaden leaver ek.
Goed. Dus dou bist tekene. Wel, wy wiene ek tekene, wy fan it forset. Net allinne by jimme soarte, mar ek by de saneamde ‘goeden’. Ik haw nei de bifrijing ris in Frânske forsetsfilm sjoen, en oan 'e ein, doe't it partisane-leger oer de heuvels oankaem, hearde ik in fint sizzen - it wie yn Amsterdam -: Kaak, daar komme de extremiste.... Sjoch, dat is it hwat dij en my forbynt: foar de froede boarger binne wy beide extremisten. Us freon Steensma soene wy der ek by nimme kinne.
Ik haw mei Steensma gjin mienskip.
Tiidgenoaten kenne elkoar net werom as bisibbe g'easten, dat hat altyd sa west. Ik siz ek net dat dou en ikke en Steensma bisibbe geasten binne, mar wy binne dat foar de froede boarger. Arent, ik haw se kennen, de lytse anti-mantsjes, dy't thús om 'e hurd in steil wurd hiene oer Rotmof en sa, mar as der in ûnderdûker oankloppe, skieten se yn 'e broek.
Mysels net. En letter hawwe hja mei har kwea gewisse ús op it stuoltsje set en ús oangappe, ús, forsetshelden. De deaden hawwe in moai grêf krige en in monumint en greate krânsen, hwant hja wiene ûnskuldich wurden. De libbenen hawwe hja mei wiereek en sjerp biarbeide.... Mar ûnderwiles krûpten se gau wer op har eigen stuoltsjes en yn har eigen hokjes. Yn 'e groun haten se ús, omt wy mei ús bloed har hokjes tobrizelje wold hiene....
Siz, hwerst op út wolste....
| |
| |
Ditte: de froede boargerman leit op 'e loer om it avontûr dea to knipen yn syn fette fingers.
Hwat haw ik mei de froede boargerman fanneden?
Noch dúdliker: Salomons Junior leit op 'e loer om dyn leafde dea to knipen.
Soe ik ek dwaen yn syn gefal.
Goed, mar litstou dy dea knipe?
Welling, gean nei dyn prakje ta.
(Oerein.)
Goed, ik gean. Mar ûnthâld ien ding': it is in smous.
Bistou de ex-SS-er of ikke? As dyn soarte krekt sa is, dan hawwe jim gâns fan ús leard.
Ik sprek net út namme fan myn soarte. Ha 'k al lang ôfleard. In minske moat syn eigen wierheden sykje.
En net dy fan Himmler en Julius Streicher.
As ik dy helpe kin.... siz it dan. Ik haw ynfloed op it fanke.
Ik haw dyn help net nedich.
(Ober komt op mei kofje.)
Hjir komt aenst in frouminske foar my. Alhiel yn 't fatsoenlike, hear.
Hjoed njoggen jier lyn hiene jim hjir op 'e grammofoan sa'n moaije sentimintele plaet. Lily Marleen. Is dy der noch?
Der mei in skuorke yn sitte, mynhear, mar hy is noch yn wêzen.
As dat frouminske hjir in pear minuten by my sitten hat, draei dan dy plaet foar ús.
Ik wit net, mynhear.... Hwat doel hat soks?
Dêr haw ik sa'n sin by. Samar.
Sit der gjin lityk efter?
Allinne mar muzyk. Muzyk.... en erotyk. Mar dat lêste is net foar jou rekken. De skea stean ik foar.
(Skodholjend.)
Ik sil sjen hwat ik dwaen kin, mynhear.
Ik rekkenje der op. Dêr is se.
(Ine komt op, Arent oerein.)
Joun, Ine.
| |
| |
Joun, juffer Smeding.
(Diskreet ôf, sjocht noch in kear tomûk om. Arent helpt Ine út har mantel.)
Folle tiid haw ik net....
Ik kin koart wêze, Ine. Gean sitten.
(Skoft.)
Miskien fregest dy ôf hwat my bisielet.
Ik sels ek: ja en né. En dochs is it hiel ienfâldich. Ik wol graech wer mei dy.
As dyn rjochtlik eigendom.
Neam it sa. Ik neam it oars. Mar it komt miskien op itselde del. Rjocht net juridysk nommen, mar seedlik.
Hm, seedlik seiste. En....?
Bin ik noch skuldich of net? Seist ja, dan ûntslaen ik dy fan dit ûnderhâld. Dan rekkenje ik dy ta de lju dy't achtsje dat men better fan oarmans fouten leare kin as fan eigen. Bin ik skuldich of net?
Dou hast misdien tsjin dyn folk en tsjin.... tsjin de biskaving.
Ik haw misdien ja. Ik haw misdien. Ik haw myn straf útsitten. Hoe lang bliuwt in misdiediger skuldich?
It is net oan minsken om dat út to meitsjen.
En wol oan minsken om de misdied fêst to stellen?
Dat lêste is al makliker, ja.
Haw ik foar dy myn skuld dylge?
Dan binne wy like fier as hjoed njoggen jier lyn.
Mei dit forskeel, dat dou en ik beide njoggen jier âlder wurden binne.
Dat is foar ús beide gelyk. Dizze njoggen jier hawwe der net west.
Ik kin de tiid net weromdraeije.
Omt ik wer gewoan libje wol. Ik haw dy by my droegen sûnt ik myn fout bigie.
Ik haw dy net ta dy fout oanset. Krekt oarsom.
| |
| |
Ik wie blyn. Ik tocht dat ik ek foar dy stried. Ik haw oan it Eastfront stien. Ik haw minsken formoarde, al haw ik se sels noait sjoen, omt wy de forkearde kant útgyngen. Om dy wie it. Forblining hat it west. Mar myn leafde foar dy is bleaun.
Hwat witstou fan myn leafde foar dij?
Dat dy greater is noch as minen foar dij. Mar, al soe it net sa wêze, dan noch: jow my in kâns. Ik freegje net datst op 'e slach wer fan my hâlde kinst. Mar jow my in kâns. Lit ús it bisykje. Lit it wer wurde lykas it earen wie....
(Plaet fan Lily Marleen bigjint to spyljen, sêft op 'e eftergroun. Ljocht effen alhiel út. De folgjende scène spilet njoggen jier tobek. Ljocht sadanich dat der yndie hwat in oare sfear is.)
Nim my net kwea-ôf, is dizze stoel frij?
Ja, noch al. Mar der binne wol mear stuollen frij.
As jo in pûrfrjemd foar my wiene, doarst ik ek wol earne oars sitten to gean.
Jo hoege om my net lef to wêzen.
Foar in frou is elke man lef.
Moat in frou de leffens fan elke man forneare?
Ik haw ek net sein, dat ik elke man bin.
Né, mar ik haw net sein, dat ik fan alle manlju perfoarst krekt op jò sit to wachtsjen.
Tja.... as jo op in oare man sitte to wachtsjen....
Ik bin net wend om op manlju to wachtsjen.
Hja wachtsje ornaris op jo.
Jo moatte net to folle efter myn wurden sykje.
En jo net efter myn dieden.
(Ober komt op.)
Hwat sille jo brûke, juffer.... Smeding?
Ik bin net wend myn bistellingen fan in oar dwaen to litten, mynhear.... Koopmans.
Dat sil de ober itselde wêze, tink?
Ja, mynhear, dêr meitsje wy gjin ûnderskie yn. It komt allegear út deselde flesse.
Dus.... hwat út 'e flesse.
Port. Né, dat is in oare flesse. Ek vermouth. Mar út deselde flesse, en gjin surrogaet, ober.
Dogge wy net oan, mynhear.
Jo hoege jo om my net to forbrekken mei sloppe frouljusdrankjes.
| |
| |
It giet dizkear om 'e flesse en net om hwat der yn sit.
As it jo by de froulju ek om 'e bûtenkant to rêdden is, jow ik jo net folle kâns.
Ik sei: dizkear. Fierders kin ik alle kanten út. Twa vermouth, ober.
Astjobleaft, mynhear.
(Ober ôf, efkes stilte.)
As ik flau wêze woe, soe ik sizze: Dominy giet foarby.
Hm. As exkús net gek foun. Mar it wasket jou flauwêzen net skjin ôf.
Yn guon situaesjes stiet sels de skerpsinnichste minske foar skut.
It biwiist dat sels de skerpsinnichste man net frij is fan stompsinnichheit.
Ik hie it oer minsken, net oer manlju.
Foar in man bistiet de wrâld út manlju.
En de himel út froulju. Jo binne wantrouwich fan aerd.
Dêr joech dy dominy fan jo my wol oanlieding ta.
Der is in wei, om dat wantrouwen kwyt to wurden.
Fuortgean en in oare frije stoel opsykje.
Dat bidoel ik net. De ienfâldige, iepene wei. Arent Koopmans is myn namme.
(Amusearre.)
Moat ik my nou ek foarstelle? Jo kenne my dochs?
Jo kenne my en ik jo. Ine Smeding, netwier? Mei ik Ine sizze?
Ienfâldich en iepen is 't, dat moat ik jo meistimme. Ja, as jo it net litte kinne. Ik kin it jo net forbiede.
Né, mar jo soene wegerje kinne op myn praet yn to gean.
Dat hing'et by my net oan in namme. Allinnich oan it praet sels.
Dit liket net in ûnaerdich bigjin.
Mar dan in ein mei perspektyf, mei in forlangstik.
Jo sjogge mear as ik sjoch.
O, hwat dat oanbilanget....
Jo hawwe in twadde gesicht. Lit ris hearre.
Jo hawwe itselde hwat ik haw.
Oan 'e iene kant langst nei hwat romantyk.
Eangst foar dyselde romantyk.
| |
| |
Ja. Romantyk is gefaerlik yn dizze tiden. Bommen en deade minsken. Honger en bloed. De lampe fan de romantyk barnt net heech.
Jo hawwe langst nei romantyk. Allinne.... jo doare him net oan, jo kinne him net forantwurdzje. Jo sizze: is dìt nou in tiid foar romantyk? Wylst de fleantugen raze en de bommen falle. Om fan 'e krappe tabak net ienris to praten. Wolle jo oanstekke?
(Sigaretten. Ine nimt oan.)
Fansels is der wol romantyk. Romantyk is great yn tiden as dizze.
In greate tiid is altyd bluodderich.
Jow my dan mar in lytse tiid.
Mei in lytse romantyk. In skimerlampke en in faeske mei reade anjers. Soms is petroalje romantysker as neonljocht.
Dy is ús noch litten. Noch - nimmen wit hoe lang.
Is it gjin forblining as wy ús oan 'e idylle oerjowe? Gjin selsbidroch?
Ja, mar dan is it hiele libben selsbidroch. Dizze sigaret ek. En jo dôvje him net út.
(Ober komt op mei twa glêzen.)
Astjobleaft, dame, mynhear.
Tankje. En dizze drank ek. En dy wegerje jo net.
(Ober ôf.)
En út forlet fan romantyk net. Ik moat jo in bikentenis dwaen.
Ut forlet fan romantyk? Of fan fatsoen?
Beide. Ik bin lêstendeis efter jo oanroun, út 'e saek wei, samar, om to sjen hwer't jo wennen. Ik seach hoe't jo de kaei út jou taske fandelen en yn it slot stieken. Yn gedachten folge ik jo, de treppen op. Krekt doe't ik tocht: nou moat se op 'e twadde fordjipping wêze.... floep, dêr gong it ljocht op en ik seach jo de gordinen taskouwen. Ik leau, it hat sa wêze moatten.
Lit de philosophy der mar bûten. En doe?
Doe bin ik jo fierder folge, yn gedachten altyd. Hoe't jo de gaskachel oanstieken op jou keamer, in pear
| |
| |
dingen to plak setten en yn in stoel sitten gongen en tochten: Dy dei sit der wer op. En doe liezen jo in brief.
Fan.... fan.... jou âlden.
Doe.... eh.... doe hawwe jo in skoft foar jo útstoarre en tocht....
Ja, nim my net kwea-ôf, gedachtelêze kin ik net.
Mar hoe witte jo fan dat brief....?
Ik wit neat.... it wiene myn gedachten mar.... neat mear, neat minder.
En hwat hawwe jo doe fierder dien?
Ik bin nei hûs gien, hwant ik wie kâld....
En de morael fan dit.... mearke, sille wy mar sizze?
Dat ik jo sûnt net wer kwyt west haw. Hwat jo hjir dogge en hwat jo fan my tinke, wit ik net. Allinnich.... allinnich soe ik jo wol.... och, hoe neamt men dat ek al wer....
(Spotsk.)
Jou leafde forklearje wolle?
Dat binne sekke greate wurden. Ik bidoel....
Op bislissende stuiten sjitte manlju altyd to koart.
....myn gefoelens fortolkje wolle.
Bah, hwat in boeketael. Ik sil jo helpe: hwat oanhâld by my sykje wolle.
Dat is to plat by de groun.
Tankje. Nou, dan dit: hwat better mei my yn 'e kunde komme....
Ek net goed. Dat skriuwt men yn in brief, as men sels net doar. Né, dit is it: jo in bytsje sympathy jaen.
Dat is taktyk. Ik bidoel: sa folle as jo ha wolle.
Pas op, as in man taktysk yn 'e mûle wurdt. De finger en de hiele hân....
Jo moatte net sa erchtinkend wêze.... Der is.... foar myn gefoel hwat tusken jo.... dij en my....
En in faeskefol anjers....
En in glêsfol vermouth....
En noch in glêsfol vermouth....
(Wylst hja drinke
| |
| |
ljocht stadich alhiel út. Lily Marleen stjert út. Dêrnei ljocht toer op folle sterkte.)
Lit it wer wurde lyk as it earen wie.
In minske is sa frij as er sels wêze wol - en as er moed hat.
En as er dy moed net hat?
Dan sil er syn eigen tokoart oan moed ûnder it each sjen moatte.
Dat is suver forstânlik redenearre, Arent.
Forstân is de wize hwerop de minske mei syn g'efoel balânsearret.
Lit dyn gefoel dan sprekke.
Gefoel sprekt net. Swijt allinne.
Swij dan, en lit it gefoel oer dy komme.
Der is nòch in gefoel dat oer my komt. Herman hâldt fan my.
Dat is gjin njoggen jier. Hoefolle manlju hast hawn sûnt ik fuortgien bin?
Net folle. En dizze is de earste dêr't it tinken mei is.
Hy hat gjin traeljes om dy kapotbrutsen, lyk as ik.
Ik haw om dy ek gjin traeljes brutsen.
Dou hast om my yn gjin njoggen jier fan in oare man hâlde kinnen. Doe't ik in snotnoas wie, in dwaes, achtest my dyn leafdé wurdich. En nou't ik mysels wurden bin net mear?
En as ik yn dy tuskentiid èk ris mysels wurden wie?
Unsin. In frou is uteraerd harsels al. Hjir binne de brieven dy't ik dy oan it Eastfront skreaun haw - en net forstjûrd.
(Hellet in pakje brieven út binnenbûse, jowt se Ine.)
Lês se. En forskuor se ast net oan myn leafde leauwekinst.
Arent, it giet net om dyn leafde, mar om minen.
Jow dysels de kâns om wer fan my to hâlden, lyk as....
(Doar giet iepen, Herman komt der yn, bliuwt stean.)
E.... dus.... gjin loas alarm. Steur ik miskien?
Jo komme as wiene jo roppen.
(Oerein.)
Arent, it is better dat ik efkes allinne mei him praet.
| |
| |
Goed, ik gean.
(Arent ôf troch gordyn rjochts.).
Rottich, dat ik troch forried oan 'e weet komme moast, datstou hjir mei.... dy, dy....
Hjir is neat to forrieden, Herman.
Yn alle gefallen wol hwat to forklearjen.
Lit ús koart krieme. Punt ien: hy hat dy hjir ûntbean, is 't net sa?
Ja. Omt ik him net by my thús hawwe woe.
Punt twa: dou bist op syn forsiik yngien.
Ja. Dêr moat in minske frij yn bliuwe.
Punt trije: hy hat dy hjir ûntbean om dy op to easkjen.
Ast it sa neame wolst: ja.
(Driftiger.)
Dou hast net ûnforbidlik né sein. Dou bist hjir by him sitten bleaun. Jimme hawwe gesellich praet oer de goede âlde tiid doe't de flinke keardels har noch by de Waffen-SS oanjoegen.
De SS is hjir net oer praet.
Dat hiene jimme blykber skriftlik al ôfdien.
(Nimt it pakje brieven, dat foar Ine op it taffeltsje lei, blêddet der yn om.)
Hm, Smolensk, Kiew, Brjansk, Mogilew.... de goede âlde tiid. ‘Elastyske fordigening’.... ja ja.... Hawar.
(Keart him brúsk om en smyt de brieven trochinoar op it taffeltsje.)
....das kommt nie wieder. Dou hast net ûnforbidlik né sein en him de rêch takeard.
Né, mar dat wie ek net nedich. Ik haw ek net ja sein.
Dou hast net né sein en net ja sein - hast faeks alhiel neat sein?
Ik haw genôch sein. Der hat noch gjin sprake west fan ja of né. Allinnich fan in minske dy't yn need sit en om help seint.
In OSS wie better op syn plak.
Cynyske aerdichheden binne nea op har plak.
En dy help hastou net sûnder mear wegere.
| |
| |
Om dy de rêch ta to kearen.
Hast dêr it rjocht ta sûnder my oan to hearren?
Sûnder foarm fan proces wie foar dy hearen
(wiist nei it gordyn)
de normale wei. Lit ús oer rjocht net prate. Tsjinoer in SS-er praet men net oer rjocht.
Forjit net dat it rjocht oan him dien is, Herman. Hy hat seis jier....
Op rykskosten útfanhûze, ja.... Wel bliksems, haw ik net safolle jier....
(Ober komt op fan rjochts, efter gordyn wei.)
O, pardon, mynhear.... ik tocht dat dy SS-man....
(Wer ôf.)
Goed, lit ús sa net fierder gean. Lit ús àl oer rjocht prate. Lit ús ienfâldich sizze dat dy persoan by dij âldere rjochten hat as ik. Is dat goed?
Ta in hichte, ja. Ast mar witst, dat myn leafde foar dy gjin bernespultsje is....
Hwat g'reat! Hwat oeribele great! In frouljussiel dy't striidt tusken har leafde en har plicht. Plicht en leafde.... moaije titel foar in toanielstik....
Ik haw hoop dat dy twa elkbar hjir net útslute.
Dit rendez-vous wiist der oars al op, dat hja elkoar min of mear yn 'e wei steane.
(Wurch.)
Dou slachst troch, Herman.
Ei ja - soe men net trochslaen, as in fint dy't al lang biferzen wêze moatten hie yn Brjansk of Smolensk hommels opstiet en jin....
....Jin it leafste op 'e wrâld ôfnimt.... Of is dat to sentiminteel?
De fraech is mar oft it wier is. Yn trije moanne tiid.
Oan dyn leafde net. Mar wol oan dyn greatmoedichheit. Dou bist jaloersk, Herman.
Just, en gean nou noch ien stapke fierder en ornearje dat myn jaloerskens fuortkomt út in kwea gewisse.
Miskien is dyn selsdiagnose noch.sa gek net.
Dou twivelst oan dysels ek. Net oan dyn leafde. Mar wol hjiroan: oftstou my mear nedich hast as hy.
| |
| |
Lju dy't sa wis fan har saek en suvering binne, hawwe gjin help nedich.
Syn greatens is ek mar skyn, Herman, dat witstou dealiske goed.
Sa fyn is myn yntuysje net oangeande SS-sielen. Nammers, hysels hat my forsekere, dat er gjin genede foar rjocht frege, en mear g'reatskheden.
Hwa spriek doe fan stienhurde logika?
De logika fan de SS is altyd stienhurd.
Mei in stengun yn 'e hân is men altyd stienhurd.
Mar hwa twingt jin in stengun yn 'e hân to nimmen?
Hy hat it frijwillich dien - dy fout hat er foar blet.
Blel.... Doch net pathetysk.
Dou hast it frijwillich wegere - wie dat sa folle better? Foar dij gou yn alle gefallen in hegere twang.
Ine, lit ús dy âlde kou foar letter biwarje. Né, lit ús earst fêststelle oft der noch in ‘letter’ is. Ik freegje dy: hwa kiestou? Dêr giet it om. Al it oare is mar praten.
Jow my de tiid en de rêst om to kiezen.
In wike?.... In kertier kinst krije.
Yn in kertier kom ik der net út.
Goed, as it sa djip sit, dan sil ìk foar dy kieze. De SS hat it woun.
Miskien krije wy der spyt fan.
Dou bidoelst: krigestou der spyt fan.
Dat is lef, froulike logika - dy spyt silst riskearje moatte. Goeije.
(Nei de doar lofts.)
(Oerein.)
Herman, wês net ûnreedlik - haw bigryp foar in minske yn need.
Help dou him út 'e need en hy dij, dat is folle ienfâldiger. Op twa stimmen sjongt makliker as op trije.
(Giet op him ta.)
Herman, hear noch ien kear nei my....
(Pear stappen werom.)
As dat fan ús g'efolgen hat, lit ik dy net stikke. Mar soargje foar in garânsjebiwiis dat it myn gefolgen binne.
Myn sportiviteit hat syn grinzen, ja. Goeije.
(Of.)
| |
| |
(Ine allinne op it toaniel, rint werom nei har plak, pakt it taffeltsje beet. Arent komt op.)
Ine.... forjow my, dat ik net earder kaem, mar ik koe net.... ik....
Forjow dou my, dat ik joun net fierder mei dy prate kin....
Sil ik dy nei hûs bringe?
Né. Bistel in taxi foar my.
Goed. Ober!
(Ober komt op.)
Gean sa lang sitten, dou bist sa wyt as in doek. Hwat wetter?
(Giet sitten.)
It is al wer oer....
(Sitte wer foar elkaar oer, swijend, drinke romers leech.)
It muoit my, dat it sa gien is. Ik hie dy dit graech bisparje wold.
Dy hastou my net oandien, wol?
Der is ien dy't ús forret hat. Mar ik hie wizer wêze moatten.
Hoe wizer wêze moatten? It is foar dy dochs in kwestje fan rjocht?
Soms giet wiisheit boppe rjocht.
Gekkepraet. Ik haw keazen.
Mar dou hâldst fan him....
Dat is in saek fan rjocht. Dou hast my nedich. Lit ús dàt in saek fan wiisheit neame. Dan hast dyn sin.
Ik bigear myn sin net. Ik bigear dyn sin.
In frou wit net altyd hwat har sin is. Dêrom moat se har gefoel sprekke litte, né, oer har hinne komme litte. De tiid sil leare oft it goed is of forkeard.
(Swijen.)
Is it dyn hert dat it dy seit?
Hwat it hert seit is nea forkeard, kin heechstens forkearde g'efolgen hawwe....
(Lichtsjes kjel.)
Gefolgen....
En it kin forkeard útlein wurde.
Siz dus mar: ûnforstânnich wêze.
It hert lìbbet by it ûnforstân, Ine.
| |
| |
....Ik wit hwatst tinkst: SS wie oars!
Sokssahwat, ja.... Mar lit ús net oer it forline prate.
Né, oer neat. Sels oer it nòu net. Ik bin wurch.
(Swijen. Ober komt op.)
Mynhear, de taxi!
(Ober bliuwt op 'e eftergroun, helpt Ine yn har mantel.)
(Oerein.)
Moaisa. Ine, oant sjen.
Rekkenje dou mar ôf, ik rêd my wol. Oant sjen.
(Siket de brieven by elkoar.)
Sil ik se....?
Letter mar, goeije.
(Ine ôf. Ober bringt har oan 'e doar ta.)
(Pakt brieven byelkoar en yn 'e bûse.)
Ober, kenne jo mynhear Welling?
Ja, mynhear. Dy sit dêrre.
(Wiist nei rjochts.)
Hat dy in kertier lyn opskille?
Dy kommunist bidoele jo? Né, dy wie al lang fuort, ear't...
Ik soe it jo leau 'k wol fortelle kinne.
Hwa't de boel forret hat.
Hm, forret, forret, nou ja....
(Geheimsinnich.)
Dy juffer dy't by mynhear Welling is, hat leau 'k nyskes by de telefoan west. Mar it kin my misse, fansels....
O just.... soa, dy....
(Swijen.)
Nou ja, dondert ek neat.
Hawwe jo nei de oarloch sitten?
Dat net, mar ik hearde soks grútsjen. Fan SS en sa.
O neat, marre.... It kaem my yn 't sin.... Hjir is yn 'e hongerwinter in SS-man formoarde.
't Sil de iennichste net west hawwe.
Troch in Wehrmachtsofsier. Hja krigen spul - om in frommis - doe skeat dy Wehrmachtsman.... trije kear.... paf.... paf.... paf.... Sjoch, hjir sitte noch de koegelgatten.... trije....
| |
| |
Hy stoar mei Heil Hitler op 'e lippen, hjir lei it lyk, kroandea.... Wy hawwe der twa dagen foar sitte moatten. En wit mynhear hwat it moaiste wie?
Dy Wehrmachtsofsier hat letter de koegel ek krige. En se sizze, dy stoar èk mei Heil Hitler op 'e lippen.... ha-ha..... Mar it wie in rare tiid, mynhear.
Polityk is in raer ding, mynhear. Men moat jin der net yn jaen.... Nou dy Rus wer, mynhear.... As dy komt, dan kinne wy ús wol....
(Koart.)
Sa is 't. Hoefolle krije jo fan my? Alles by elkoar.
Ek fan de juffer? En mynhear Mulder? Trije goune.... fiif en sawntich, mynhear.... en in dûbeltsje foar de telefoan.... dy foar de taxi bidoel ik.
(Arent bitellet. Underwiles komme Marijke en Welling op, de lêste lichtsjes oansketten.)
Hé, âlde steppe-piraet! Hast dyn slinger hwat?
(Slacht Arent op it skouder.)
Kom man, gean mei nei Alhambra, it is hjir in deade boel.... Dan keapje wy ien op.... ja, hwerop....? Op dy, Marij? Né, net op froulju.... Op ûnderdirekteuren en kapitalisten.... né, op 'e kammeraetskip.... op 'e ienriedigens fan.... alle ûnmaetskipliken.... alle dupearden.... alle útskot fan SS en KP....
(Lûkt Arent mei nei de útgong.)
Kom mei, man, sa lang as der noch drank op 'e wrâld is, en gesellichheit.... en sa lang as Marijke.... noch hwat sex appeal....
(Syn lûd wurdt wei.)
(Doek.)
|
|