Toanielkronyk:
Muze en amusemint.
Iepening fan Tetman de Vries syn nije programma ‘Ik kin it net litte’: efter in improvisearre toanbank, drok petearjend mei sabeare klanten, ropt Tetman de tiid wer op dat er it spylark oan 'e wylgen hongen hie om in tabakssaek to driuwen. It liket hast in to persoanlik weromtinken om oer it fuotljocht, alteast foarsafier't men yn Fryslân persoanlike weromtinkens hawwe kin. Mar it wûnderlike is, dat it Tetman slagget om dêr allinne op 'e planken, sûnder mei requisiten to skermjen, sa'n sterke suggesje fan syn spyljen útgean to litten, dat dy sabeare klanten der wier steane, dat men harren suver wèrken, en foaral: dat men leaut oan de stille superioriteit hwermei't dizze pseudo-winkelman boppe de situaesje útstiicht. It is knap, raek en direct; it is cabaret.
In pear scènes letter: in cynyske pessimist jowt syn visy wei oer de hjoeddeiske wrâld, in goede oertsjûgjende tekst dy't stiet. Mar dan komt Tetman op en sjongt it lietsje fan ‘de lytse dingen’. Oer lytse dingen, klein geluk, is gâns skreaun en songen. De spetters fan it lok binne wurden ta cliché. Mar Tetman ropt it cliché ta libben, yn in sfear fan tempere freugde dy't jin oansprekt en meinimt. It is licht, djip en simpel; it is cabaret.
Sokke hichtepunten, dy't tinken dogge oan Wim Kan, oan Dirk Witte, bliuwe stean, ek al forsinkt de rest fan it programma meastepart yn treasteleas leechlân: allegearre spul út in tiid dy't fiersten to lang skoft hâldt. It falt ek net ta om mei trije man sterk oan 'e ein fan in joun noch deselde greep op it publyk to hawwen as oan it bigjin. Binammen as men dan sokke einleaze moalpankoeken serveart as de skets oer de emigraesje of dy fan de fuotbalmatch. De lêste wurdt dan noch wol folge troch in dessert, mar dat bidjert mear as dat it goed makket: de fuotbalstriid wurdt brûkt as symboal foar it wrâldconflict, Tetman tôget sels in eagenblik mei de ierdbol om. Mar al komt men soms ticht by Dirk Witte, men is fuort noch gjin Charlie Chaplin.
***
Fryslân wurdt oerstreamd mei Hollânske revue-, variété- en ‘bûnte’ programma's, oer de radio en ek yn de sealen. It hat sadwaende in greate wearde om Fryske ‘folkse’ programma's op to dissen mei lietsjes oer fiskjen, aisykjen, bollen dy't fan 't tsjoar reitsje en al sa mear. Tetman is it sels slagge om syn noflike en brike nûmers fier boppe A.P. to krijen sûnder dat de sealen leech bliuwe. Der bliuwt fansels fan oer, dat net elkenien yn alle opsichten noch bûten de Hollânske import kin. Mar der binne plannen yn oanbou om ek de Hollânske dreunen en healwizichheden mei Fryske to biconcurrearjen. Der sille faeks lju wêze dy't soks noedlik achtsje, mar de Fryske Biweging kin himsels allinne mar tsjinwurkje mei al to folle paedagogyske alluere.
It is in oar probleem, dat de smelle Fryske boppebou fan intellect forlet hat fan flitsende cabaret-programma's yn de geast fan