wy by in kontrôle kamen. ‘Namen bitte’: ‘Marijke - né Maria Jansma’. ‘Schein?’ - ‘myn heit’ - sêfte earm dy't my wer nei de doar treau. Op 'e nij yn in trein, in kamp - in trein - hoe faek? De ein wie in kamp. Op in moarn moasten wy, as altyd, bûten komme. Fjouwer oppassers rjochten it gewear op ús, hea, like dy iene man net op Heinrich, de Sudetendútsker? Njonken my sakken Gertrud en Marianne rocheljend yn elkoar. Hwer hie ik dat rocheljende lûd earder heard? Ynienen waerd ik wekker. -
Ja, it wie mar in dream, Janita. Ik waerd wekker fan Aili, de lytse Finse, dy't alle nachten de mage boppe de tonne lege, nou't hja wist dat hja swier wie en hy, John, gjin oppasser mear yn 't kamp wie.
Justerjoun, doe't it skimerich waerd, stie Pierrino wer efter it trie en wy hiene ús wenstich praetsje. ‘Noch trije dagen en de tsjinst sit der op en ik gean nei hûs, Maria. Ik freegje dy jitris, trou mei my. Dou bist to goed foar it kamp, Maria; dyn hier is ljochter as it skom fan 'e sé en dyn eagen binne blauwer as it Lago Maggiore. Ik ha in âlde mem en twa broers dy't troud binne, mar hja sille in plak foar ús romje yn har wente, earne op 'e flakte by Modena, hwant ik ha dy leaf, Maria.’
En ik sei tsjin him: ‘Moarn Pierrino, moarn sil ik dy sizze hwat ik dwaen sil’.
Dat is joun, Janita. Ik sjoch it stikeltrie; ik sjoch Aili, dy't alle nachten boppe de tonne stiet; de sigeunerinne, dy't sawntjin bern hat, sa't se seit en altyd oer 'e groun flybket en de luzen tusken har neilen knapt. Ik sjoch Irma, dy't op in nacht in ein makke oan it libben troch har oan in balke yn 'e efterste barak op to hingjen en Katinka, dy't de polzen trochsnien hat mei in stik glês. Ik sjoch Alexandra, dy't har bern dea makke, om't hja it net by har hâlde mocht en ik sjoch it wurd: ‘Unthiemen’.
Mar ik sjoch ek de earme goare wenten yn 'e flakte by Modena, de froulju mei har brune eagen en it lange swarte hier, de bern dy't oan memme rokken hingje, de miggen - de hast ûndraechlike waermte - Pierrino. -
Ik sjoch - God, hwat sjoch ik net. Ik sjoch mem wer efter de graniums sitten en ik gean wer mei heit yn 'e âlde skou nei 't skûtsjesilen en ik meitsje mei Geeske fan Simens-Jap in baes fan in snieman.
Joun sil ik Pierrino myn antwurd jaen moatte, Janita, mar ik wit noch net hwat it wêze sil. -