De Tsjerne. Jaargang 6
(1951)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd
[pagina 330]
| |
Kronyk fan it proaza.
| |
[pagina 331]
| |
Dêrmei is it biskiedende sein. Mar om't it literair gewisse in lestich ding is, wol ûnbilangryk ek noch oan it wurd. Lit ús dus, ús oan fak en oan plak forplichte fielend, op in pear literaire frag'en yngean dy't by In frou to folle en alle wurk fan Mulder to pas brocht wurde kinne. Hwer stiet dizze minske yn 'e Fryske literatuer, en hwer yn 'e tiid? Ek fan dat oangeande falt it net ta en liz him gjin ûnkromte by. Hwant hy sylt, of flodderet, nuver troch ús literaire en ús tiidgeastlike ûnderskiedingen hinne. Bring him mar ris hwat skiklik to plak. Bygelyks yn it stik fan ús wenstige ûnderskieding tusken lektuer en literatuer. Men fynt fan beide by Mulder, mar fan beide net to skieden yninoar. Folksskriuwer, hat er dochs op sté en op stuit fan alles dêr't er fuort mei boppe de folksskriuwerij útkomt. Oars as it gros fan ús folksskriuwers is er artyst. It artistike is syn elemint en syn fluïdum. Hy sjocht minsken en dingen mei artistike eagen, reägearret der op as in artyst, wit se op syn bar artistyk libben mei to jaen. Allyksa rint hy der by folle folksskriuwers út troch oarspronklikheit, troch geast, trpch flecht en, net to forjitten, troch fakmanskip. Ek hwer't er slim tsjin dat fakmanskip sûndiget, fornimt men fuortynienen dat er wit hwat in forhael, in petear, composysje is en easket. Kin men syn wurk dan ta de literatuer rekkenje? Ja, as er net sa kostlike nonchalant en soargeleas wie, as de minske yn him de skriuwer minder yn 'e wei stie en him der mear om bikommere. Sa't Mulder mei syn artistike kwaliteiten en mûglikheden omspringe kin, hat er fan it enfant terrible. It is in skriuwer swak soms en rûch en mei to min foarm, dêr't greatere skriuwers as hy, dêr't Fryslâns hiele skriuwerskloft ien en oar fan leare kin. Hy bitrout him, wis, wolris op it wylde ôf, en hat net to folle lêst fan krityske of fan twivelriedige remmingen. Hy doar skriuwe en hy fortelt mar wei. Leau mar net, dat hy ta de scribinten biheart dy't foarút al beve foar de krityk fan 'e Tsjerne. Dat is syn gefaer èn syn bihâld. En hy kìn fortelle. Syn fortellen giet net ûnder yn biskriuwen noch yn skôgjen en redenearjen. Der sit aktiviteit yn, en feart. Feart sawol to lead as to pas. Mulder makket oan, hy wol de ein bistrûze, mar ek, hy kin falle en fuortynienen wer opstige. Hwat wit er foaral, sa argeleas wei en dochs skerp rekke, der flitsende petearen út to smiten. En hwat is it allegearre fris itjinge en sa't er forhellet. Syn figueren libje. Hy forfeelt net. Hwant hy nimt en makket dy figueren net gewichtich, like- | |
[pagina 332]
| |
min as himsels. Hy hâldt allinne mar fan 'e minsken en kin as in bern mei harren boartsje, sèls optein mei yn it spul. Goed, ik sil dat allegearre net oerskatte; dêrfoar sjoch ik der tagelyk to folle flechtichs en opperflakkichs yn, to folle dat mar frijhwat rûch forarbeide is, to folle dat syn foarm net krige hat. Mar bliuwt der dêrom net genôch oer dat wy yn ús literatuer skoan brûke kinne? En yn ús tiid net minder. Is Mulder in modern skriuwer? Ja en né. Modern is er yn dingen as it sa direkt mûglike opnimmen en werjaen, de oanfet fan 'e stof, de middels fan fortellen dy't er to baet nimt en de procédé's dy't er tapast, de aktualisearring en de pointearring. Of faeks moat ik yn pleats fan is sizze kin wêze. Hwant hy bynt him net bot, mar giet frijmoedich to wurk en wol op it ûnfortochtste stuit út 'e bân spring'e. Ek fan foarm en styl is syn originaliteit wol sa great, dat er by need sels it âlderwetske net skrommet. Foar alles hâldt en weaget er it mei de frijheit. Dy nimt er net allinne foar himsels - tink der bygelyks ek ris om, hoe't er it hiele forhael troch ûnforhoedske ynfallen hawwe en springende opmerkingen meitsje kin dy't bûten de miet to plak komme, en allinne forantwurde binne yn 'e sfear - mar gunt er syn figueren ek. Likemin as strang biskiedende wetten foar de foarm moat men by dizze skriuwer in strak determinearre birin fan it forhael en ûntwikkelingsgong fan 'e persoanen siikje. Dêrom hâldt er ek net fan in skerpe psychologyske analyse. Syn minsken lit er safolle mûglik forkeare yn 'e sfear fan 'e frijheit. Hja krije allegearre mei fan Mulders eigen frijheitsbigryp. Hja bliuwe oer 't generael reëel, mar binne allegearre hwat oars as sljocht hinne en wer, hawwe elk foar oar hwat frijs, sels hwat fan 'e frijkaerter oer harren - en dan meast in boartsjend en bernlik elemint. Hja sizze op stuiten eigenaerdige dingen en soargje ûnforwachts foar forrassende dieden. Hwant foar har staller is it libben gjin ûnkearbere gong fan oarsaek en gefolch, mar wûnder, genede, ryklik forfal. Foar him is libben oerfloed. Mar allerfierst stiet Mulder fan 'e g'east en it sin fan 'e moderne tiid ôf. Syn wurk is frij fan melancholy, twivelsucht en wanhopige problematyk. Hy is bliid mei de bliden, ek as er mei harren skriemt. Hy fortiist syn minsken net yn skôgingen en redenearingen, mar lit se ienfâldich hoopje of jowt oars sels de hoop foar harren net oer. Dus de idylle. Né, alteast net yn 'e tradysjonele sin. Dêr- | |
[pagina 333]
| |
foar hat dizze skriuwer to folle kunde oan 'e hurdens fan it libben en binammen oan it kwea yn 'e minske. Hy wit wier wol hwat der yn 'e wrâld to keap is. En al weaget er, wittend fan 'e macht fan 'e forlieding, út noed mei de minsken dy't fan him lêze sille en út leafde ta de minsken dêr't er fan forhelje wol, him net fier yn it ryk fan 'e demonije, dochs mijt er it forhael fan it hurde, it sûndige en it donkere libben ek wer net. Sa is it net om 'e nocht, dat er yn In frou to folle confrontearret oan it lijen en de dea. Mar by dat allegearre hâldt er sympathy foar de minsken en hope foar it libben. Oer rjochtfeardigen en oer goddeleazen forkundicht er de greate barmhertichheit. Dat is Gerrit Mulders idylle. Sels mei de gemeente wit er rie, better, haw ik soarch, as de gemeente mei him. Hwant ek dêr is syn plak net maklik oan to wizen. Hy ideälisearret noch de tsjerke noch har lju, yn g'jin inkele formaesje. Mar hy forachtet har al likemin of jowt har hjeljoun. Syn evangelysk christendom heart oeral en nearne thús. Yn alle tsjerken, oant yn syn eigen ta, siket er de minske en yn 'e minske it bern fan God. En yn dat siikjen is er net skriel, mar royael. Dat kin er wêze, om't er wit fan greate skuld en dus leaut oan noch greater skuldforjeffenis. Hy wit, dat God in kening is en dat wy dêrom preesters wêze meije, de barmhertige kant neist. In rike erfenis forwachtsjend en dêr al fêst mar foarskot op nimmend, rekkent er de romte. Dêrfandinne syn heechachting fan minsken, syn hope foar minsken, syn mylde humor, syn boartlik fortellen, syn frijheit en soargeleasheit, sels yn it literaire. It soe my tige nij dwaen, as Gerrit Mulder gjin bisûndere oansluting hat by dizze teksten: En ik seach in greate skare út alle tongen en talen en folken en tsj erkenGa naar voetnoot*) dy't gjinien telle kin. Hy hat de Leviathan makke om der mei to boartsjen. Sillich de sêftmoedigen, hwant hja sille de ierde ervje. Wy forwachtsje, neffens syn bilofte, in nije himel en in nije ierde. Nou, dy nije ierde, dêr bisiket er yn it foar al hwat fan to fortellen. Dêrfandinne syn yn- en útfallen. |
|