| |
| |
| |
[Nummer 11]
Klaes Dykstra:
In Skotske ballade yn Fryske oersetting.
Moai Janke.
1)[regelnummer]
‘Dû moatst gean nei dyn heit ta, Janke,
Dû moatst gean as de wyn;
Dû moatst gean nei dyn heit ta, Janke,
Syn dagen forrinne, meiskyn.’
2)[regelnummer]
Janke stau nei har heit ta
‘O, hwat hat heit mei my foar, heit?
O, hwat hat heit mei my foar?’
3)[regelnummer]
‘Hwat ik mei dy foar ha, Janke,’ sei hy,
‘Dat is hwat fan bêd en spiis;
Praet giet, datstû hâldst fan Goe Wiger,
Mar dû troust mei in Frânske markys.’
4)[regelnummer]
Janke stau nei har keamer,
Hwa soe earder der klopje
5)[regelnummer]
‘O, brekke moat dit lok, Wiger,
In Frânske markys fart oer de sé
En trout my mei in ring.’
6)[regelnummer]
‘As brekke moat dit lok, Janke,
As brekke moat dit lok, Janke,
Dan treurje ik inkeld mear.’
7)[regelnummer]
‘Mar dû moatst helje dyn trije susters,
Lit harren gean nei Moai Janke,
Har dagen forrinne, meiskyn.’
| |
| |
8)[regelnummer]
Wiger stau nei syn trije susters,
‘Meitsje oan, en gean nei Moai Janke,
Har dagen forrinne, meiskyn.’
9)[regelnummer]
Guon loeken har siden hoazzen oan,
Har skuon stoep d' oare yn,
Guon loeken har siden mantels oan,
Sa klaeiden se har deryn.
Doe stauwen se nei Moai Janke
10)[regelnummer]
‘O, ik haw berne dit popke, Wiger,
Mei swiere pine en smert;
Bring thús, bring thús dyn popke, Wiger,
Hwant fiede doar ik it net.’
11)[regelnummer]
Hy naem syn soantsje op 'e earm
En hy stau nei syn memme klinte
12)[regelnummer]
‘O, doar op, doar op, memme,’ seit hy,
‘O, doar op, en lit my yn;
De rein reint op myn ljochtgiel hier
En de dauw' dript oer myn kin,
En 'k ha myn soantsje op 'e earm,
Syn dagen forrinne, meiskyn.’
13)[regelnummer]
Hja hat mei fingers lang en smel
En mei har earms lang en smel
14)[regelnummer]
‘Tobek, tobek nou, Goe Wiger,
Gean treastend nei har ta:
Hwant dû hast' mar ien fiedster hawn,
15)[regelnummer]
Wiger wie mar amper fuort
En syn faem mar pas op bêd,
Doe't ynkaem dêr har leave heit:
‘Meitsje oan en klaei de breid.’
| |
| |
16)[regelnummer]
‘De holle dy docht my sa sear, heit,
En de side docht my sa sear;
En siik, o siik, fiel ik my, heit,
It breid-wêzen wurdt hjoed net mear.’
17)[regelnummer]
‘O, jimme klaeije in keine breid,
Mei in bliere mantel oan;
Hwant hja trout hjoed in Frânske markys,
Ek al moast hja stjerre moarn.’
18)[regelnummer]
D' ien set harsels yn 't bliere grien,
Yn 't brún hat in oar har set;
Mar Janke sette har yn 't read,
Om foaroan to blinken troch de stêd.
19)[regelnummer]
En d' ien set harsels op 't swarte hoars,
Op 't brún hat in oar har set;
Mar Janke set har op 't molk-wyt hoars,
Om foaroan to riden troch de stêd.
20)[regelnummer]
‘O, hwa sil 't liede, dyn hoars, Janke?
O, hwa sil it liede it bêst?’
‘O, hwa oars as Wiger, myn trouwe,
Him haw ik it alderleafst.’
21)[regelnummer]
En doe't s' yn Marije-tsjerke wiene
To knotsjen de hillige trou,
Doe seach Moai Janke' wang sa bleek,
En de kleur gyng har op en ou.
22)[regelnummer]
Doe't it miel dien wie, en alles rûm
Foar d' alderearste douns:
‘O, wy sill' de breidsfammen nimme
En meitsje de sirkel roun.’
23)[regelnummer]
O, doe kaem yn de Frânske markys,
Sei: ‘Breid, wolst dounsje mei my?’
‘O, fuort dû, fuort dû, Frânske markys,
'k Sjoch ommers net nei dy.’
24)[regelnummer]
O, doe kaem yn har Goe Wig'er,
‘O, ik sil de breidsfammen nimme,
En wy dounsje ús net sêd.’
| |
| |
25)[regelnummer]
‘'k Hie in oare tiid mei dy, Wiger,
Dat sil bikend hjir stean.
Dan hiestû dounse mei mysels,
Lit dôch dy fammen gean.’
26)[regelnummer]
O, doe kaem yn har Goe Wiger,
Sei: ‘Breid, wolst dounsje mei my?’
‘Ja, siker wier, en 'k wol sa graech,
Ek al brekt de rêchbonke my.’
27)[regelnummer]
Hja kearde har net troch de douns,
Troch de douns net trije kear,
Doe't hja delfoel oan Wigers foet
28)[regelnummer]
Wiger naem de kaei fan syn kiste
En joech dy oan syn feint:
‘Siz thús, siz oan myn leave mem,
Dat hja hiel goed is foar myn soan,
Hwant hy hat ek gjin heit.’
Taljochting. It is al fakentiden bitreure, dat der yn 'e Fryske litteratuer neat oerbleaun is fan in Germaensk epos; dyselde spyt kin men uterje op 't stik fan balladen, dy't ienkear oer it hiele Germaenske Noarden, oeral om Fryslân hinne, songen waerden, dat nei alle gedachten ek wol yn Fryslân sels. Wy kinne wol sizze, dat ús dêr neat fan oerlevere is (it kin wêze allinne in wize hjir en dêr, mar dat sil earst nochris yngeand útsocht wurde moatte).
Hoe't dy balladen, mei har oangripende primitivens ûntstien binne is in probleem op himsels: op it mêd fan de litteraire krityk stiene de yndividualisten (‘ien sjonger hat de ballade skreaun’) en de communalisten (‘it folk hat de ballade makke’) lange tiden lyk foarinoar oer; de lêste tweintich jier is it lykwols algemien bitinken, dat de measte balladen fan yndividuele oarsprong binne - yn 'e mounlinge oerlevering rekken, en yn dat proses altyd lang net minder waerden, mar fakentiden gâns better; se hawwe har typyske eigenskippen opdien op har tocht troch de ieuwen hinne; de yndividuele kanten en hoeken binne der mei de tiid ôfskjirre, ‘lyk stiennen op 't strân fan de baren glêd-slipe’.
De Germaenske balladen binne sûnder mis it moaist biwarre bleaun yn Great Brittanjen, en dan binammen yn Skotlân. De Skotske ballade ‘Fair Janet’ (Child's English and Scottish Popular Ballads, nû. 64), dêr't wy de Fryske lêzer hjir in oersetting fan
| |
| |
foarlizze, is grif net de bêste, man wol ien fan de nijsgjirrichste: it forhael hâldt forbân mei de semi-histoaryske Deenske ballade ‘Kong Valdemar og hans Söster’ (Grundtvigs ‘Danmarks gamle Polkeviser’, nû. 126); beide balladen hawwe in fanke, dat fan famylje tsjin har sin in man optwongen krijt, har wiere feint in bern jowt en dat oan 'e soarch fan oaren tabitrout, en har dan oan 'e ein deadounset, mei dêrtusken troch lytsere oerienkomsten. Dit forhael hat inkelde histoaryske conneksjes mei kening Valdemar, dy't fan 1157 ont 1182 yn Denemarken regearre; de poëtyske foarm, dy't der nei alle gedachten net folle letter oan jown is, hat him nei alle kanten troch 't Germane-dom forspraet: oer Noarwein en Sweden, oer Dútsklân, oer Yslân, via de Färöer en de Orkney-eilannen nei Skotlân, oeral foroarjend en himsels oanpassend, en, yn Skotlân artistyk alhielendal yn 'e hieme ballade-kunst omraend, mei it resultaet dat de Skotske versy mei syn dramatyske feart en djipgong, syn suver filmyske kwaliteiten fierwei de bêste wurden is; it hert fan de sjonger kloppet deryn; de ballade is hjir ek it meast Germaensk bleaun: de tragyk is allinne yndirekt utering oan jown; de smert wurdt net útsprutsen; de klam leit net op 't forhael (sa as yn de Skandinavyske farianten), mar de sterke, hertstochtlike heldinne, dy't fjochtet en stjert foar har leafde, draeit alles om; de leafde-foar-de-sibbe striidt yn har tsjin de leafde-foar-in-feint; de dochter-yn-har wrakselt mei de forseine-faem-yn-har. Hja trotsearret needlot en dea, en triomfearret yn 't stjerren: se hat har libben foar nij libben jown. Frijwillich giet se de deadsdouns yn (in relikt fan de Skandinavyske optwongen douns om har ûnskuld to biwizen); har feint wol har der noch fan wjerhâlde, omt er har libben sparje wol; mar hja hâldt it initiatyf, sa as
troch de hiele ballade hinne, en har greatskens triomfearret op it aldertragyskste stuit.
(Fan de sawn Skotske versys strykt de oersetting yn greate halen mei de A-versy; de forsprieding fan de ballade oer Noard-Europa jowt de stúdzje fan Dr Luise Tuscke: ‘Fair Janet’ und ‘Kong Valdemar og hans Söster’ gâns materiael oer, dêr't dizze ‘taljochting’ ek mei op basearre is).
De sawn Skotske versys hawwe de folgjende mienskiplike ynhâld: ‘In forhoalen leafde is geande tusken Janet en Willie; Janets heit wol, hja sil in oare man boaskje; de moarns fan de trouwerij krijt se in bern; allinne Willie wit dat. Op har forsiik bringt er it by syn mem; Janet moat de breidsklean oantsjen en de stoet liede. Se is ynein en fielt har siik; dôch is hja hearrich. Op 'e brulloft wol se méi nimmen oars dounsje as mei har feint. Se stjert yn syn earmen’.
|
|