sil. Syn foargongers projectearren de wrâld op harsels; hy big'jint himsels op 'e wrâld tò projectearjen.
As ik nou, mei de twa koarte forhalen fan Geart Jonkman, ‘Frjemde Epistels’, foar my, in forliking meitsje tusken dizze forhalen en de boeken fan Van Houten en Haisma, dan kin ik sizze dat hja op dy allebeide safolle lykje as de bolle op 'e noardstjerre. It is allegearre hiel hwat oars. Mar as ik ús litteratuer grafysk oanjaen wol en rjochtingen oanwize, dan moat ik merkbite dat der fan Van Houten net, en fan Haisma wol in streek rint nei Geart Jonkman ta. It expressionistysk elemint, de selsprojecty, sprekt hjir allinne folle sterker.
De biskriuwingskunst, eartiids sa mei soarch bidreaun, is hjir in bykomstich elemint wurden. Milieu, omstannichheden, byfigueren, hja binne allegear hastich ynelkoar timmere ta in ymprovisearre decor, dat inkeld mar eftergroun jaen moat oan it psychologysk barren, en gjin wearde bisit yn himsels. It giet de skriuwer der net om, ús in krekt byld by to bringen fan Ljouwert of Kralingen of Kopenhagen, fan in slachfjild, in weverij of in konsintraesjekamp. Forskate boeken, flak foar de oarloch tige socht, waerden romme om har ynformative wearde en har learsumens, en mannichien prize him lokkich, ‘Dokter Vlimmen’ fan Roothaert lêzen to hawwen omdat der safolle nijsgjirrige meidielingen yn stiene oer it fé-artse-bidriuw.
Nou, Jonkman hat it yn syn earste forhael ‘De Forantwurding fan Foppe Feanbaes’ oer in psychiater, mar hy makket him net drok oer de milieutekening. Hjir en dêr pleatst er in fakterm, as in simpel setstik op modern toaniel, om in krom sfear to jaen, mar fierders binne de striid en it conflict fan dizze man bilangriker as syn deistich bidriuw en syn stoflike omjowing. Einliks brûkt de skriuwer ek dizze man en syn rivael sels mar as requisiten. It is hwat nuodlik om hjir it wurd ‘marionetten’ to brûken, omdat dit yn 'e letterkundige krityk altyd in foroardieljende bitsjutting hat. Mar dochs tink ik hjir oan de marionetten fan Feike Bosma, elemintair fan bou en foarm, mar fol suggestyf libben as de acteur oan 'e triedden lûkt.
Hjir leit in complimint yn en in biswier. It complimmt, dat de skriuwer sûnder folle uterlike middels in maximum oan spanning en lêsberens wit to birikken. It biswier, dat