De Tsjerne. Jaargang 6
(1951)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd
[pagina 302]
| |
Earste bidriuw.
(Spilet op it Direksjekantoar fan de Fa. David Salomons; de Directeur; Ine Smeding, beide efter skriuwbureau.)
SALOMONS:
(Diktearret.)
Ueber die Möglichkeit einer Lieferung innerhalb zweier Monate, kann erst in einigen Tagen entschlossen werden.... Wir werden jedoch versuchen.... Ihnen möglichst bald die verlangten Modelle zuzuschicken. Hochachtungsvoll.... Oan't safier.
(Telefoan giet.)
Direksje Firma Salomons.... Ja, direkteur.... Koopmans, seine jo.... Ir. Koopmans?.... O ja, just....
(Ine hâldt effen op fan tikjen, dir. sjocht har kant oer, hja giet wer troch.)
.... Hwatsei.... Ja, ja.... Ik wit net.... Kin 'k sa net sizze.... Miskien.... Hwer wie 't ek al wer om?.... Ja, o ja.... Hoe lang hawwe jo.... eh.... seis jier.... Hm.... Just ja.... Tja....
(Sjocht op 'e klok.)
... Tsien ûre.... Dan fuortdaliks mar. Goed, kom dit mar út.... Yn alle gefallen, stel der jo neat fan foar.... Sûnder forplichtingen, ja.... Oant strak, Koopmans.
(Leit op. Tinkt efkes nei mei hân oan 'e holle, tsjin himsels.)
Nuver.... nuver.... Seis jier mar effen... Hawar....
(Ine is ophâlden fan tikjen, sjocht Sal. oan. Hy fornimt it en blêddet yn papieren. Giet dan oerein.)
SAL.:
Juffer Smeding, hwat ik sizze woe.... hjir komt aensens in persoan foar my, in Koopmans, dy't hjir earder....
(Ine makket in biweging.)
O ja, jo sille him wol kenne.... jo sieten doe noch op export, is 't net sa?.... Hat seis jier sitten, fanwegens.... nou ja, docht net ta de saek. As dy man hjir komt aensens en ik bin noch net werom, lit him dan mar efkes yn, ik haw in boadskip op 't magazyn.
INE:
Goed, mynhear. | |
[pagina 303]
| |
SAL.:
En as Welling komt, hjir is de tekening fan it nije ûntwerp B 5. It rapport Súd-Amearika is noch net ré. INE:
Komt yn oarder, mynhear.
(Wurdt kloppe, Welling komt yn, mei in steapel post.)
WELLING:
Moarn mynhear, juffer. SAL.:
Moarn, Welling.... Nou, juffer Smeding, jo rêdde 't wol? INE:
Wis mynhear.
(Sal. ôf.)
WELL.:
Jitris: Moarn, juffer.
(Leit pakje post op dir. tafel, pear steaten op Ine harres.)
INE:
Moarn, Welling. WELL.:
(Mei klam.)
Dat tocht ik.
(Giet op Ine har bureau sitten.)
INE:
Hege gedachten hawwe jo. WELL.:
Forwachtsje jo oars fan my? Ik sil jo sizze.... INE:
(Brekt him ôf.)
Hjir is de tekening fan ûntwerp B 5. It rapport Súd-Amearika is noch net ré. WELL:
Moai sa.
(Leit de tekening neist him del, skikt tichter by.)
Hoe is 't, juster in goede joun hawn?
(Bûcht him nei har oer.)
INE:
Hoedàtsa? WELL.:
(Laket spotsk.)
Men sjocht wolris hwat, is 't n't sa? INE:
Ik wit net hwer't jo op doele. WELL.:
(Geheimsinnich.)
Noch altyd dy hege gedachten, moa'jo tinke. Goed, ik sil dúdliker wêze. Ik seach jo sa fleurich yn in taxi stappen. INE:
(Hwat kjel.)
Waei op man, hwer bimuoije jo jo mei!
(Sjocht efterom nei de doar dêr't Sal. trochgien is.)
WELL.:
Wês mar net bang, ik bin gjin forrieder. Hoechst my net sa ôf to snauwen! Ik hie dyn heit wêze kind.... Meist bêst hwat bitrouwen by my sykje. Ik bin potticht. Sjoch, doe tocht ik: dy hat de aep binnen.... In takomstich direkteur.... hm.... net gek. INE:
Welling, ik woe dat jo òàr praet hiene. WELL.:
(Spotsk.)
It kin dochs wol ljocht fordrage, dat tusken jo en.... e....? INE:
Yn alle getallen stel ik gjin priis op it ljocht fan jou walmich oaljepitsje. WELL.:
Insinuaesjes litte my kâld, juffer. Ik bisjoch sokke ding'en fan 'e.... ja hoe sil ik sizze, fan 'e psychologyske kant. INE:
Hokker dingen? Myn insinuaesjes? WELL.:
Né, jou àvensaesjes. | |
[pagina 304]
| |
INE:
(Lûkt oan 'e skouders.)
Hn? WELL.:
Yn 'e leafde. INE:
Just soa. Hawwe jo Freud bistudearre? WELL.:
Né, it libben.
(Bûcht nei har oer.)
Sjoch, hwat my yn dit hiele probleem it measte nij docht, is ditte: Hwat soe ús achte direkteur
(wiisfinger oer skouder nei door)
der fan sizze? As er it wist, altyd. En hy wit neat, fansels?
INE:
Net dat ìk wit, mar.... WELL.:
Sjoch, hy is wakker greatsk op syn ras. Ik wol net sizze dat jo nèt goed fan ras wêze soene.... Mar ras is ras, wit' je.... En 't âlde folk is keken yn sok ding. Wy ûnbisnienen.... INE:
(Giet oerein.)
Mynhear Welling.... WELL.:
(Sabeare forheard.)
Mynhéar? INE:
Mynhear Welling, ik woe wier dat jo ophâldden.... Dat binne myn saken. Bring my der net ta om jòù ras to hifkjen. Ik mocht oars ris by it ras goathoun to lânne komme.... Hjir is de tekening. WELL.:
(Laket.)
Dat ik mei goaten forbiningen ûnderhâlden haw en noch ûnderhâld, is wier. Mar freonlik binne jo net. Allegear troch justerjoune? Hy hat jo dochs net.... ôfsâlte, wol? INE:
(Rjochtop foar him oer, strang.)
Hwat wolle jo fan my? WELL.:
Jo woene niis hwat fan my, as 't my net mist. INE:
(Lûkt oan 'e skouders.)
Ik soe net witte, hwat ìk fan jó wolle soe! WELL.:
Oar praet! Nou, hjir is oar praet.
(Geheimsinnich.)
Witte jo, dat dy Koopmans wer yn 'e stêd is?
INE:
(Unforskillich.)
Hwat Koopmans.... ik ken gjin Koopmans. WELL.:
Lit my dan sizze: Arent. Arent Koopmans. Noch dúdliker: de ingenieur. Noch dúdliker: de S.S.-man. Der Obergefreiter. Dy kenne jo grif wol. INE:
Dy hàw ik kennen. WELL.:
Nou, jo soene him nou net werom kenne. INE:
Hoedàtsa? WELL.:
De moedfearren hingje him frijhwat. INE:
Hawwe jo him sprutsen? WELL.:
Sjoen en sprutsen. Hy is meager en mankolyk. Boppedat âlder en wiisder wurden. Groeit yn 'e groun op fan skuldbisef. Mar as 't nypt net in minne fint, né, lang gjin minne fint. | |
[pagina 305]
| |
INE:
Hwat woene jo dêr mei sizze? WELL.:
O neat.... Neat oars as dat.... de jonge direkteur der in konkurrint by kriget. INE:
Dy.... eh.... Koopmans haw ik yn gjin sawn jier gedoente mei hawn. WELL.:
Sawn jier is de ivichheit net. Stel sa'n fint is earlik suvere, ik bidoel.... hat himsèls earlik suvere, en dêr sjocht er nei út, hwat kin him dan seedlik bihinderje om de striid tsjin Salomons Junior oan to gean? Hwat harsens oanbilanget.... INE:
Ik soe de harsens der mar bûten litte, as ik jo wie. WELL.:
Nou, goed dan, hwat it ras oanbilanget.... wurdt it pynlikernôch. Sa'n ljochte Germaenske reus, dat lycht der net om, al is er yn it kamp nou just net ôpkreaze. INE:
Welling, ik haw dat mear murken. Hawwe jo lêst fan joadehaet? WELL.:
Ikke....? Haw ik.... haw ik oanlieding jown om dàt to forûnderstellen? INE:
Ik hie it fan jo net tocht. WELL.:
Soa, ei soa.... Nou, ik moat sizze: ìk haw myn paedtsje yn 'e illegaliteit wol skjinmakke, as jo dat soms miene. INE:
Dy dingen slute elkoar net altyd út.... Yn alle gefallen, ik leau net dat jo der geastlik sa folle opstutsen hawwe, yn 'e illegaliteit.... WELL.:
Der wie lichaemlik to folle op to knappen, fanke. Foar de lju dy't ûnder de groun krûpten. Doe woed er my wol ôfslikje, dyselde Junior fan dy. Om in breakaert mear. Mar doe't ik him frege oft er in stengun yn syn kloeren hawwe woe, doe poetste er forleg'en de ringen fan syn fingers. En sjoch nou ris.... Hy is de mynhear wer, en Welling, dy't de dea foar him yn 'e snappert seach, dy mei steaten opmeitsje.... INE:
Dus dochs Joadehaet? WELL.:
Lit my it sa sizze: Myn freonen binne it net. Hoe en hwat krekt, Joast mei it witte. Hja binne handich en útsliept, och ja, dat wie ik ek, Hawar.... it is in kwestje fan temperamint, leau 'k, of fan sykheljen....
(Doar iepen, Salomons Jr. komt yn, hinget hoed oan kleanhanger.)
HERMAN:
Moarn, jongelju.... Kom, in treastlik tête à | |
[pagina 306]
| |
tête? Justerjoun beide op avontûr west?.... Of lilke koppen? Fij, en dat op 'e skoandere Moandeitomoarn as elk glimt fan nocht oan it wurk.
(Giet sitten efter it bureau fan syn heit, bigjint de post nei to sneupen.)
Fordraeid, wer neat út Stuttgart.... Hwat sjogge jim nei my, haw ik hwat nuvers?
INE:
Mynhear Welling munsteret jou ras, mynhear Salomons. Hy woe graech hwat mear ras hawwe.... HERM.:
Ine.... juffer Smeding, ìk woe graech, dat jo jou brutaliteiten foar josels hâldden. WELL.:
Hm. HERM.:
Welling, is der noch neat út Stuttgart? WELL.:
Neat, mynhear. It poepelân swijt as in mof. 't Hat wolris oars west, mar tsjintwurdich kin men mar op har wachtsje. HERM.:
Welling, ik woe dat jo biseften, dat saken saken binne. En dat men ienris ophâlde moat fan haetsjen. Wy hawwe de Dútskers nedich, dat is nou ienris sa.... Miskien wolle jo.... e.... nei jou ôfdieling gean? WELL.:
Wis, mynhear, ik g'ean al.
(ôf, knypeaget Ine by de doar efkes ta, dy't oan 't skouder lûkt.)
HERM.:
(Giet nei har ta.)
.... Moarn Ineke....
(Nimt har holle tusken syn hannen.)
.... Goed sliept, fanke?
INE:
Hie minder kind.
(Tutet him werom.)
HERM.:
Dou sjochst oars mâlle brimstich, 't hie dus ek bètter kind. INE:
Och, dy forfelende Welling - dy fint moat altyd jins nocht oan it libben bidjerre. HERM.:
Dan stiet dyn nocht wippelich op 'e skonken. Hast der spyt fan, dat fan justerjoune? INE:
Ik haw nea spyt fan de dingen dy't ik mei ynmoed doch, Herman. Ik bin gjin bern mear; as ik hwat weijow, wìt ik hwat ik weijow. HERM.:
(Giet op har bureau sitten.)
Hwat hie dy Welling nou wer? INE:
(Sjocht foardel.)
Hy hat ús sjoen, justerjoun.... dy smjunt.... HERM.:
Kin men immen in smjunt neame omt er syn eagen net ticht hat? INE:
Né, mar wol as er syn snappert net ticht hâldt. HERM.:
Tsjin hwa tinkst dat er syn snappert net tichthâldt? INE:
Tsjin my. | |
[pagina 307]
| |
HERM.:
En hwat soe dat? Fielst dy dòchs net skjin op 'e ribben? INE:
(Giet stean en sjocht ta 't glês út.)
Dat is 't net, Herman. Mar dit: hwat hat in oar nedich mei ús gelok, of lit my leaver sizze: mei ús.... HERM.:
.... hoopjen op gelok? INE:
Sokssahwat ja. Dou witst ek wol, dat fan dy en my stiet noch tige wippelich op 'e skonken, om dyn byld to brûken.... Jimme heit.... HERM.:
Yn de goedichheit, hwat hat dat mei Welling to meitsjen? INE:
Yn alle gefallen ditte, dat Welling wol trochhat hoe't jimme heit hjir oer tinke sil.... HERM.:
Hat er dat sein? INE:
Ja, mei hwat oer ras der by. HERM.:
Hy is de man noch al om oer ras to praten. INE:
Goed, haw ik him ek sein, mar hat er ûngelyk, hwat jimme heit oanbilanget? HERM.:
Wit ik it? Tinkst dat it my hwat skele kin? Tinkst dat ik it slachtoffer wurde wol fan dat forflokte konservatisme? INE:
Kin hy, mei al syn goedens, dy net, as er wol, slachtoffer meitsje dêrfan? En as it him tinken is, dan docht er it. HERM.:
Ine, wy binne greatbrocht by de orthodoxe leare.... dou witst wol, de theory fan it útforkarde folk en de rest.... it patriarchaet ynbigrepen. Myn broer is dêr kapot oan gien.... Hy wie to greatsk om foar de Poepen wei to krûpen en hat him slachtsje litten yn Poalen. Miskien bin ik dêr to lyts ta en to lef, miskien ek to forstannich, mar ik kìn net mear yn dy skema's tinke. As ik it foar de foarm doch, is it om ús heit in deugd to dwaen, of leaver: gjin sear to dwaen. INE:
Just, en hoe fier giet dat deugddwaen of dat net sear dwaen? HERM.:
Net sa fier dat ik der myn gelok om slûpe lit. INE:
Bist der sa wis fan dat ìk dyn gelok bin? HERM.:
Sûnt justerjoun al, ja. Dou net? INE:
Ik wit n't, Herman. Soms is it as skriuwt it forline jin de takomst foar. HERM.:
't Is sa, dou bist in f rou mei in forline. Mar it forline bistiet net mear. | |
[pagina 308]
| |
INE:
It forline bistiet net en it bistiet dochs. It leit altyd op 'e loer.... HERM.:
Ineke, hwat is der fan 'e moarn mei dy? Lit ús net sa theoretisearje. Lit ús gewoan wêze.... Jowst net mear om my? INE:
Jawol, Herman. HERM.:
Sit Welling dy dwers? INE:
Né, Welling leit my sljocht. Mar ik haw soms it idé, dat er my troch hat. HERM.:
Hwat biseurst dochs, dy troch ha? Hwat ìs der oan dy troch to hawwen? INE:
Hast gelyk, ik bin mar in.... Nou goed, lit ús net langer theoretisearje. HERM.:
En hwat Welling oanbilanget.... hy hat forfelende kanten, dat is sa. Mar yn ien dirig haw ik respekt foar him. INE:
De ivige illegaliteit. HERM.:
Ivich of net - ja.
(Sjocht foar him út.)
As hy der net west hie....
INE:
Goed, mar hy hàt der west, en dou bist der ek noch. Hwerom it altyd wer hearre to moatten? Ik wit nou op en út, hoefolle piloaten, hoefolle ûnderdûkers, hoefolle breakaerten, hoefolle Joaden, hoefolle kraekjes en alles hwat der mei mank is. Soks forfeelt yn 'e ein. HERM.:
Moatst rekkenje, dat is syn rasgreatskens. Hat er ûngelyk? Hwat hawwe dou en ik dien? Weikrûpt en ôfwachte oant de bui oerwie, op syn bêsten flokt en kankere om it ûngemak.... Mar hawar
(springt fan 't bureau)
it stokramt leit wer ré.... Dy forflokte Stuttgarters....
(Giet nei syn eigen bureau. Der wurdt kloppe.)
HERM.:
Ja!
(Arent Koopmans komt yn, hoed yn 'e hân.)
ARENT:
Moarn.... e.... is de direkteur to sprekken? HERM.:
Hy is der net, mar miskien kin ìk.... INE:
Mynhear Salomons.... jou heit hat fan 'e moarn mei dizze.... e.... persoan ôfpraet. Hy soe hjir daliks wer wêze. Hy is op 't magazyn. HERM.:
Hwa binne jo? AR.:
Koopmans, Arent Koopmans. HERM.:
(Oerein, min of mear forbûke, sil op K. ta.)
...... Man, hwat.... Kóópmans? ...... Binne jo dy....?
(Komt wer ta himsels.)
.... O just, wolle
| |
[pagina 309]
| |
jo hjir sa lang sitten gean? De direkteur sil sa daliks wol komme. Hiene jo boadskip? AR.:
Dat hie ik, ja. HERM.:
(Yn spanning, tikkelt mei poatlead op it bureau.)
Just.... Miskien witte jo dat ik ûnderdirekteur bin? AR.:
Ik haw ôfpraet mei de direkteur, mynhear. INE:
Mynhear Salomons, sil ik sa lang....
(Giet oerein.)
HERM.:
Né.... né.... Ine, bliuw dêrst bist. By neijer ynsjen haw ik dizze persoan neat to sizzen. Hwat my oanbilanget.... AR.:
(Sjocht Ine oan, wifket oft er nei har ta sil, giet oerein.)
Ine.... ik hie net sjoen datstou it wiest.... .... Goed soun? INE:
(Sjocht skean nei Herman, jowt Ar. de hân.)
Giet wol, ja. Mei.... jo ek? AR.:
Koe minder.... myn iene each.... hawar.... En mei dyn âldelju? INE:
Us heit is wei, sûnt twa jier. AR.:
Och....hoe âld wied er? INE:
Yn syn trije en sawntichst.... HERM.:
(Hat him al in skoft forbiten, brimt.)
Mynhear Koopmans, mei ik jo der op wize, dat it hjir in direksjekeamer is en gjin jachtweide? AR.:
Dan kinne Ine en ik faeks op 'e gong efkes sounfreegje? HERM.:
As jo hjir kommen binne to sounfreegjen, hiene jo faeks gaedliker stuit útsykje kind. Hjir wurdt arbeide.... Ine....
(Wiist nei har bureau.)
INE:
(Giet oerein.)
Nim my net kwea-ôf, mynhear Salomons, ik moat efkes nei de Export....
(Nimt pear papieren en giet der út.)
HERM.:
Ine, ik forsykje dy: bliuw hjir.
(Hja giet lykwols.)
AR.:
It muoit my, dat ik lêst bisoargje. HERM.:
Never mind. Prestiizjekwestjes binne myn sterkste kant net. En ik haw it idé dat jo en ik alteast yn dat stik net sa fier faninoar ôfsteane.... AR.:
Dat koe wolris wêze, ja....
(Swijen.)
HERM.:
Jo hawwe relaesjes mei juffer Smeding hawn, is 't sa net? AR.:
Ik haw âlde relaesjes mei juffer Smeding, ja. HERM.:
Ik hàw? Hwat bidoele jo dêrmei? AR.:
Binne relaesjes gjin relaesjes mear, as de tiid se in skoft opkeard hat? HERM.:
De tiid kin mear as opkeare, kin ek slite. | |
[pagina 310]
| |
AR.:
Feiten ja, mar relaesjes net. HERM.:
Hwat bitsjutte relaesjes dy't gjin feiten mear ta grounslach hawwe? AR.:
Mei ik earst witte yn hwat relaesjes as jò ta juffer Smeding steane? HERM.:
Lit ús dat biwarje foar in neijer yn 'e kunde kommen. Ik haw neat to forbergjen, mar ik wol graech earst witte hwat jò to forbergjen of to iepenbierjen hawwe. Feiten leaver as.... relaesjes. AR.:
Ik haw âlde relaesjes, forjow my it wurd, mei dizze saek. Ik fiel my der oan forboun. En de feiten binne, dat ik hjir wer bin en graech myn rjochtlik plak wer ynnimme wol - al hat it faeks de skyn, dat ik g'enede foar rjocht sykje. HERM.:
En al binne jo ré om yn dat gefal de skyn foar it wêzen to nimmen? AR.:
Dat sil de tiid leare.... Alhoewol, ik praet as man tsjin man, is 't net sa? HERM.:
Lit ús dat yn earsten oannimme. AR.:
Ik haw mis west.... fout. Lit my net bisykje it jo mei omhael fan wurden to fortellen. Men moast sûnder wurden leauwe kinne. Ik haw foar myn fouten seis jier sitten. Seis jier bûten de wrâld libbe, seis jier neitinke kind, seis jier mysels op it harspit hawn. Ik bin skuldich oan de rotsoai fan juster, ik bin skuldich oan 'e rommel fan hjoed, oan de dea fan jou broer, oan 'e dea fan tûzen oaren. Ik nim oan, dat der gâns ta myn forûntskuldiging sein wurde koe, net allinnich fan advokaten, mar ek fan minskekenders. Ik haw dat lykwols net nedich. Ik haw myn skuld, myn dwaesheden, myn tokoarten oertocht, trochtocht, forarbeide - fortard. Ik haw it gefoel, dat ik op skjin papier stean, dat jowt my de drystens om hjir to kommen. HERM.:
Ik nim dat graech oan, mar ynhoefier moat it my twinge om bilang to stellen yn jou lot? Ik bin ús Leaven Hear net. AR.:
De minsken wolle ús Leaven Hear net wêze - en hja hawwe miskien ek wol gelyk: it libbet lichter sûnder dy forantwurdlikheit. HERM.:
Dêrom hawwe hja ús Leaven Hear nedich, om Him de rol to jaen, dêr't hja harsels foar weiwine.... Mar komme wy ea út dy sirkel wei? God hat ús as | |
[pagina 311]
| |
minsken makke om Him gelyk to wurden, mar stelt dêrmei yn feite dat wy Him wanlyk binne. AR.:
De praktyk fan myn libben draeit ek mei yn dy sirkel, ja. Mar binne wy der klear mei om it op dy sirkel to skouwen? HERM.:
Objektyf sjoen hawwe jo folslein gelyk. Ik hie jou fout ek meitsje kind, as my dêr de gelegenheit ta jown wie. Jou skuld is dylge, jo moatte de maetskippij wer ré fine. Mar der bliuwt altyd in gefoelsrest oer. Jo sille fan my as Joad net forwachtsje dat ik dy gefoelsrest maklik dylgje kin. Ik haw minder bilang by dat útdylgjen as jo. Lit my mar earlik sizze: myn lytsminsklikheit forset him dêrtsjin. Ik haw to folle rankunes om ús Leaven Hear to spyljen, en to min pretinsjes. Mar lit ús saeklik wurde: Hwat is jou forlang'en hjir? AR.:
Ik mien, op groun fan hwat ik niis sein haw, dat myn plak op dit fabryk is, as it my dêr ha wol. HERM.:
Omdat jo bilang by it fabryk hawwe of omdat it fabryk bilang by jo hat? AR.:
Om beide - ûntbrekt ien fan beide bilangen, dan wurdt it him net. HERM.:
Ienris hawwe jo ditselde plak yn ditselde fabryk forlitten om jou dwylsinnige opstigingen to folgjen. Sei it jo doe neat? AR.:
Net genôch om dat oare to kearen. Mar dat hat west, is foarby, fortard yn seis jier konsintraesjekamp. HERM.:
Ik leau net dat jo it measte rjocht hawwe om jo op 'e konsintraesjekampen to biroppen. AR.:
Ik birop my net op hwat ik dêr lìt haw, mar op hwat ik dêr fortàrd, op hwat ik dêr wòùn haw. HERM.:
Is dat alles hwat jo winskje: in plak op it fabryk, of is der mear? Ik miende nyskes út jou familiariteit tsjin myn personeel, dat jou fortarringsproses noch mear konsekwins jes hie.... AR.:
Ik leau net dàt dat hjir im Frage is.... HERM.:
(Skerp.)
Fint, sprek dyn moers tael - bisparje ús dat bargoensk!
(Telefoan.)
HERM.:
(Nimt heak.)
Ja.... Direksje Fa. Salomons.... Stuttgart?.... Nein, noch keinen Anschlusz.... O, jawohl.... Ja, richtig'.... gut, schön.... aber besonders in unserer neuen Branche....
(Arent giet ûnderwiles nei de doar fan de Wachtkeamer, Herman
| |
[pagina 312]
| |
sjocht him fol argewaesje nei.)
.... Also.... fünf und zwanzig.... Lieferung in drei Wochen oder einem Monat.... Jawohl, ich wiederhole: fünf und zwanzig.... drei oder vier Wochen.... Jawohl, Herr Schürcke.... Danke vielmals... Danke vielmals... Auf Wiederhören, Herr Schürcke.
(Under it tel. petear is Sal. Sr. ynkommen, bliuwt binijd stean. Herman leit heak del, telmannich yn tinzen.)
SAL.:
....Stuttgart? En.... HERM.:
Ja, lang om let. 25 stiks. Mei trije of fjouwer wike.... Skriftlike bifêstiging fan de bistelling folget. In goede goai, heit! SAL.:
Ja jonge.... HERM.:
Spitich dat it.... SAL.:
Hwat spitich? HERM.:
Foar dàt naesje is dêrre.... Dat wy ús jild dêr oan fortsjinje moatte. Mar ja.... saken binne saken.... dat preuvelje ik Welling altyd sa kreas foar as er.... Forjamme.... SAL.:
Saken binne saken is hjir net it alderearste motyf. Minsklikheit is minsklikheit komt noch earder.... Hwer is juffer Smeding? Ik haw in boadskip foar har. HERM.:
(Ofwêzich.)
Hwatte? Hwerre? SAL.:
Ik freegje: hwer sit juffer Smeding? HERM.:
O, dy.... ik leau dy sit op Export, ja op Export. SAL.:
(Skillet.)
.... Direksje.... ja, mei ik daliks juffer Smeding? Nèt?.... Nou, dan is se.... Wacht....
(Heak.)
HERM.:
(Rint nei de doar fan de wachtkeamer.)
Hjir sil se wêze.... Ja, juffer Smeding, de direkteur hat boadskip oan jo.
(Ine komt op, hastich en opwoun.)
SAL.:
Juffer Smeding, wolle jo efkes fuortdaliks dat dossier fan de Fa. Meerding opsykje, oer de leverânsjes fan forline jier. Der is hwat net yn oarder. INE:
En hjir bringe? SAL.:
Ja.... ja, hjir bringe....
(Ine sil fuort, Dir. ropt har werom.)
Wacht effen, hat dy.... e.... hjir noch net west?
INE:
Ja mynhear, dy is yn 'e wachtkeamer.... Sil ik....
(Herm. sjocht har efkes swart oan.)
SAL.:
Ja, rop mar efkes.... En dan it dossier Meerding... INE:
Goed, mynhear.
(Giet nei de doar fan wachtkeamer.)
| |
[pagina 313]
| |
Mynhear Koopmans, jo kinne ynkomme.
(Koopmans rint by har lâns, hoed yn 'e hân.)
SAL.:
(Rint op him ta, Herm. bliuwt stiif op 'e eftergroun stean.)
Mynhear Koopmans.... noch goed mei jo? AR.:
Tige, tank jo.... Mei jo ek, hoopje 'k? SAL.:
(Wiist nei Herman.)
Eh.... jimme kenne elkoar? HERM.:
(Draeit him ôf.)
Wy hawwe de eare al hawn, ja. SAL.:
Myn soan is ûnderdirekteur.... Nou, mynhear Koopmans, nim in sit.... ja dêrre mar.
(Ar. giet sitten.)
En....
AR.:
Ik haw niis ek al efkes mei jou soan praet, mynhear Salomons, en dêrby ryklik folle wurden brûkt, bin 'k bang.... SAL.:
Lilke wurden?.... AR.:
Dat net sa lyk.... mar to folle.... guon situaesjes kin men yn wurden net útlizze, Koart en goed.... ik woe jo freegje.... hawwe jo in plak foar my op it fabryk? SAL.:
(Tinkt nei.)
Jo hawwe seis jier sitten. AR.:
Seis jier, mynhear. SAL.:
Hoe tinke jo oer jou eigen.... AR.:
.... forline? SAL.:
Forline. AR.:
Ik haw mis west, fout, sa fout as in minske mar wêze kin. SAL.:
Is jo dat ynmoed foar de folle 100%? AR.:
Né, net foar 100 %, mar hwat der ûntbrekt oan dy 100 is advokatepraet, - ik wol it der gerêst op ta nimme, Ik wie jong, ik wie ûnder bisleur fan falske leuzen, ik hie hwat to folle avontûr yn my, ik wist net hwat ik presiis die. Mar ik hie it witte moatten, Ik haw jo forret, en jou soan, en jou oare soan, myn âlden en myn faern, allegear haw ik se doe forret. En al dy kleminsjes dogge dêr neat ôf of ta. Ik haw folslein fout west. HERM.:
(Driftich.)
Kin immen dy't sa alhiel, sa troch ende wer troch fout west hat, net better mei foutwêzen trochgean? AR.:
Ik soe net witte hoe't ik it ha moast. HERM.:
Of de plakken mije dêr't se jo kend hawwe. SAL.:
Herman, hâld dou dy der bûten.... AR.:
Hwat jou soan seit, dêr kin 'k ynkomme, mynhear Salomons, - mar as ik nou earne oars weikroep, | |
[pagina 314]
| |
soe 'k myn skuld út 'e wei gean. In minske ûntrint syn skuld om fierrens net. Dy giet mei him. SAL.:
Ik kin jou motiven wol sahwat neikomme, ja. Mar ik freegje my dochs ôf: sille de minsken hjirre yn jo net in fijân sjen, jo skouderje, jo forachtsje, jo it libben sûr meitsje? AR.:
As ik it fortsjinne haw, hwerom dan net? En as ik it net fortsjinne haw, hwat let it my dan? Ik haw mei in protte dingen ôfrekkene, ôfdien, mynhear Salomons. Praet fan 'e minsken deart my net, salang't it mar praet is. En hwat der wiers yn skûlet, doch ik op myn wize myn foardiel mei. SAL.:
Stel wy namen jo.... jo soene hjir op it fabryk in fijannige stimming fine.... Der binne trije man fan it personeel fallen yn 'e oarloch.... Hja sille jo dêr op oansjen, jo hune, jo.... AR.:
As jo my brûke kinne, leit my dat sljocht. Ik haw de yllúzje net, dat ik de lju respekt ôftwinge kin, dêr haw ik to folle selsirony ta. Ik wol hjir net stean as martelder foar de útsuvere skuld, dat is de hillige ûnskuld.... SAL.:
Hm.... hoe tinke jo oer de joadehaet? AR.:
Haw ik foar my mei ôfdien. HERM.:
En hoe oer Ruslân? AR.:
Dêr haw ik net west, en ik haw net folle krantlêzen... ik bin noch to koart yn 'e maetskippij werom, om to sjen hoe't dat sit. It swartwyt fan guon lju hjirre haw ik net heech. SAL.:
Hwat soene jo dwaen as de Russen hjir ynfoelen? AR.:
Ik wit it noch net.... HERM.:
En ienris hawwe jo tsjin dyselde Russen fochten.. AR.:
Miskien soe ik it wer dwaen, mar mei in oar gefoel yn myn body. Ik haw ienris.... sawn jier forlyn.... trije Russyske partisanen delsketten, yn 'e snie. In frouminske, in âld man en in jonge fan in fyftjin, sechstjin jier, alle trije mei in gewear. Ik haw se delsketten. As men soks dien hat en men hat it jin réalisearre, docht men it net maklik wer. SAL.:
Lit my de fraech oars stelle.... Hoe tinke jo oer de demokraty? AR.:
Jo koene better freegje, hoe't ik oer ‘de minske’ tink. HERM.:
(Sinysk.)
Nou? AR.:
Ik haw ienris miend dat de minske to goed wie foar | |
[pagina 315]
| |
de demokraty. Nou mien ik soms, dat de demokraty to goed is foar de minske. SAL.:
Beide net botte posityf. AR.:
Docht jo dat nij? Seis jier haw ik yn in kamp sitten, earst yn in sel, togearre mei oaren dy't harsels ek to goed foar de demokraty achte hiene. Jo witte wol, de lju dy't ienris boud hiene op en oan Hitler syn greate Europeeske solidariteit ûnder lieding' fan Dútsklân. Hwat wie der oerbleaun fan al dy mienskipsidéalen? Haet en oergunst, leffens en egoïsme. Wrok binammen. Dat lêste haw ik ek oan meidien. Winliken hiene wy gelyk hawn tsjin de Rus to striden, n'twier? En hwat hiene de nijen fan 'e maetskippij to lânne brocht? Hitler wie de wrâld út, mar de oarloch net. Wy hiene it ommers by it rjochte ein hawn. Sa swypken wy elkoar en ússels op. Doe haw ik op in nacht dreamd fan dy trije partisanen - dreamd, hwant it wie mar in dream, ik haw nea yn Ruslân west. Doe't wy oan 't Eastfront kamen lei dat al yn Poalen. Dat fan dy trije partisanen is net wier bard, mar ik haw it mear bilibbe dan as it wier bard wie. Foar my ìs it wier bard. It wie in forskriklike dream. En doe, neitiid, wearzge my it hiele bidriuw. Hwat sil in minske idéalen yn 'e mûle nimme sa lang as er net skjin is oan syn eigen siel? Hwerom net rojaelwei skuld to bikennen en mei ússels yn 't lyk ear't wy bigeare wer mei de wrâld yn 't lyk to kommen? SAL.:
Ik bin it fjouwerkant mei jo iens. AR.:
Doe bin ik loslitten en haw sjoen hwat de ‘forkearden’ winliken foar kwea oanrjochte hiene - it is wier, hwat guon fan ús sizze, dat se fan Dachau en Auschwitz net ôfwitten hawwe. It is bidroefde wier. Wy seagen it systeem net troch. It systeem wie net sa lyk dat der sokke dingen barden, mar it systeem wie boppe-al dat suver nimmen wiste, dàt se barden. En dat systeem, dêr hawwe wy oan leaud. HERM.:
Sûnder jimme hie dat systeem net bistean kinnen. Jimme hawwe it mooglik makke. AR.:
Folslein wier. Siz mar gerêst dat wy it útfoun hawwe. In minske sjocht de portée net fan syn eigen útfynsels. Mar ik haw ek sjoen hwat de goeden der fan to rjochte brocht hawwe. Dêrmei forachtsje ik | |
[pagina 316]
| |
dy goeden net. Hja hawwe gelyk hawn. Gelyk ek, dat hja har macht brûkten om har rjocht to bifêstig'jen. Ik haw net kikt doe't sa'n snotjonge fan 'e ûndergrounske dy't amper in gewear tille koe, my mei in kneppel op 'e hûd joech. Syn razernij koe 'k my bigripe. Mei dyselde razernij hawwe ik en myn maten Poalske partisanen ôftichele. Ik haw allinne mar bigreatsjen hawn mei de goeden, dy't sa'n bliksems bytsje fan de forkearden leard hiene, of sa'n heap, krekt sa't men wol. HERM.:
Leauwe jo net oan in prinsipiëel ûnderskied tusken hwat de saneamde fouten yn it great en woloerlein en tûk birekkene misdien hawwe en hwat dy saneamde goeden by wize fan útsûndering en yn in opstiging fan razernij diene? AR.:
Ik haw net praet fan saneamd goed en forkeard, mar allinne fan goed en forkeard, beide yn har suvere bitsjutting. Allinnich, ik leau dat in goeden yn biskate omstannichheden maklik fout wurde kin, mar ek, dat immen dy't yn 'e groun fout is, ûnder biskate biljochting maklik goed lykje kin. SAL.:
Ik stim jo mei, dat goed en fout tige bitreklike bigripen binne. Mar ik fornim by jo in soarte fan greatskens. Is dêr reden ta.... ik wol sizze: binne jo der fan oertsjûge dat jo hwat woun hawwe, dêr't jo jo op biroppe kinne en greatsk op wêze? AR.:
Ik haw my fan myn skuld net mei in slinger en in slach ôfmakke. Ik haw miskien in heap illúzjes forlern, mar as der ien ding is, dat ik wòùn haw, dan ditte: dat de iene minske bitrouwen hawwe mòàt yn 'e oare, ek al wit er dat er yn njoggen fan de tsien gefallen bidragen útkomt. Hy moat leauwe, wylst er wit dat it net forstannich is, of miskien omdàt it ûnforstannich is. Ik leau oan in heap dingen net mear, mar noch wòl, dat men leauwe mòàt. Leauwe sûnder hoop, of miskien: leauwe sûnder forwachting, leauwe sûnder eigenbaet. Ik wit net oft jo dat winst neame kinne. Ik wol. HERM.:
(Smeulsk.)
Yn alle gefallen tige ynteressant. SAL.:
Miskien bigryp ik it net allegear like goed. Mar ik wol jou earlikheit respektearje. Ik leau dat ik in streek sette moat, ek al soe it forkeard jern spinne. Ik sèt in streek. Jo kinne hjir wer komme.... | |
[pagina 317]
| |
HERM.:
Mar heit.... SAL.:
Stil, Herman, lit my útprate. Plak as haeding'enieur is der fansels net mear. Faeks binne jo tofreden mei minder forantwurdlik wurk. Der kin op 'e tekenkeamer tydlik in man pleatst wurde. Letter kinne wy wer sjen. HERM.:
Heit, lit jo en my earst ris togearre prate.... Wy moatte earst dy man syn dossier ynsjen, en witte hwat er.... AR.:
Utspûke hat? Dat kin ik jim sels wol fortelle. Better as tsien dossiers. Ik haw.... SAL.:
As wy leauwe, en as wy in streek sette, is it dossier net fan bilang. Mynhear Koopmans, kinne jo akkoart gean mei in plak as tekener op arbeidskontrakt?
(Ine komt op, Uit steapel papier op Dir. syn tafel.)
AR.:
It is my hjir net bigoun om ìt baentsje, mar om ìn baentsje. HERM.:
Heit, noch ien ding.... der binne omstannichheden dêr't jo net fan ôfwitte.... Lit ús earst....
(Jowt Ine in wink mei de eagen, dy wer ôf.)
SAL.:
Ik forsykje dy, Herman.... ik wol mei alle omstannichheden rekkenje en him as 't nedich is mei in wike wer ûntslaen, mei in dei as 't nypt. Mar op 't heden haw ik in streek set. Bigrepen? HERM.:
De risiko's binne foar jo.
(Oan 't skouder lûkend.)
SAL.:
Hwer bisteane dy risiko's út? HERM.:
Under oaren hjirût, dat heit om in nije ûnderdirekteur sjen moat. SAL.:
Dat is dan dat. In streek is in streek. Rop juffer Smeding efkes.
(Herman giet nei de doar fan de wachtkeamer.)
SAL.:
In sigaer, mynhear Koopmans? AR.:
Né tankje, dat bin ik ôfwend. HERM.:
(By de doar, keart him om.)
Hitler smookte ek net. Ek al sa'n puritein.
(Slacht doar ticht.)
SAL.:
Herman is hwat oerémus. Hy hat it net maklik hawn yn 'e bisettingstiid. Trije jier ûnderdûkt sitten, oppakt by in razzia, nei Dútsklân brocht, úthongere en meager as branhout, suver in lyk doe't de Amerikanen kamen. En myn oare soan.... AR.:
Ik wit it. SAL.:
Myn frou senuwsiik wurden. Myn broers en susters nei Poalen sleept, myn neven en nichten op twa nei.... | |
[pagina 318]
| |
AR.:
Ik wit der alles fan.
(Skoft swijen, Ine komt op.)
INE:
Hie mynhear my roppen? SAL.:
Ja, juffer Smeding. Wolle jo efkes in biwiis fan oanstelling tikje? Model 5A.
(Ine efter machine, mei rimpene, hastige gebeartens, bigjint to tikjen.)
INE:
Namme? AR.:
Arent Migiel Koopmans. INE:
Berne? AR.:
7 Oktober 1916. INE:
Diploma's? AR.:
Wurktúchkundich ingenieur Delft 1941. INE:
(Tsjin Salomons.)
Oanstelling? SAL.:
Tydlik, arbeidskontrakt. INE:
Mei yngong fan....? SAL.:
15 Febrewaris 1951.
(Ine tikket jit efkes troch, bringt Sal. it duplikaet. Dy tekenet, ûnderwilens komt Herman op.)
SAL.:
Mynhear Koopmans, hjir is jou oanstelling. Ik sil it trochdwaen oan it Arbeidsbureau. HERM.:
Yn 'e hope dat dy it net trochjowe oan Dútsklân. SAL.:
Herman, ik forbied dy.... AR.:
Tankjewol, mynhear Salomons. Miskien kin 'k my daliks efkes foarstelle oan de nije haedingenieur? HERM.:
Nije? De tiid koe wol stilstien hawwe.... SAL.:
(Tsjin Ar.)
Goed, ik sil wol efkes meigean, as jo wolle. AR.:
(Tsjin Herm.)
Mynhear Salomons, ik hoopje.... HERM.:
(Keart him ôf.)
Jo en ik prate noch wolris wer. AR.:
Juffer Smeding.... INE:
Moarn, mynhear Koopmans.
(Sal. en Ar. ôf.)
HERM.:
(Rint pear stappen op en del. Bliuwt foor Ine stean.)
Dy fint soe jin pûr meitsje mei syn stielhurde logika. Ik bigryp ús heit net. Of leaver: ik bigryp him wol.... Lit him altyd by 't hert krije, hat altyd sa west. Hy leart it nea, sels net fan skea en skande.... INE:
Hwàt leart er nea? HERM.:
Hurd to wêzen. INE:
Is dat altyd in deugd? Hurd wêze? HERM.:
As wy nou net hurd binne, bigjint aenst it gedonder fannijs. Ik kin se der nou wol útpikke, Ine, dy't aenst de boel forriede sille, as de Rus hjir komt. Dizze miskien net, mar dan in oar wol. It giet net tsjin de man, mar tsjin it soarte. | |
[pagina 319]
| |
INE:
(Giet stean.)
Moat men ìèn man forachtsje omt men syn soarte net fortrout? HERM.:
't Is alteast better as it sòàrte to haetsjen omt men ien man net bitrout. En dat hawwe dizze lju dien, de Joadehaters fan juster. INE:
En de kommunistefretters fan hjoed. Dou stiest dy Steensma net, ik wit it. Ik ek net. Mar men moat bitrouwe en leauwe, ek al komt men bidragen út. HERM.:
Dou bigjinst al aerdich troch syn mûle to praten. Hat er dy geweken nommen dêr nyskes yn dy wachtkeamer? INE:
Wy hawwe gjin wurd tsjin elkoar sein. HERM.:
Mar namstomear tocht, hè'n? INE:
(Lûkt oan 'e skouders en giet foar 't finster stean.)
Dou bist hjoed de reedlikste net, Herman. HERM.:
Ik kin 't net helpe, ik haetsje dat njirrebrod. Ik kin net forjitte en net forjaen. As ik oan ús Louis tink.... INE:
Hwa jowt dy it rjocht om ivich ta haetsjen dy't ienris misdien hawwe? Hiene dou en ik, yn hwat oare omstannichheden net presiis itselde dwaen kind as hy? HERM.:
Neffens de logika miskien al. Mar 't is net bard.
(Driftich.)
It is net bard, hearste....? Ik stean hjir.... Ik hie dea wêze kind, lyk as Louis.... Krepeard op transport yn in bistewein, of yn in gaskeamer.... It is net bard, hwat bitsjut dat?
INE:
Datst tankber en bliid wêze meist. HERM.:
Miskien. Mar ek dat ik noch haetsje mei. Dat men dea wêze kind hie en winliken neffens de logika dea wêze mòàtten hie, dat bitsjut yn dit gefal hiel ienfâldich, dat men it foar de deaden opnimt. INE:
Leaustou net oan de mooglikheit om jins sûnden to dylgjen? HERM.:
Alwer: neffens de logika al, ja, mar it libben hat neat oan al dy logika, - neffens de logika hie ik dea west, en neffens de wanlogika libje 'k noch. Dat jowt my it rjocht om to libjen by de wanlogika. Hwerom ha wy dat rosmos net útroege, lyk as hja ús folk dien hawwe? INE:
Omdat wy dan it rjocht út hannen jown hiene. It rjocht, mar ek de barmhertichheit. HERM.:
(Ironysk.)
Barmhertichheit. INE:
(Mei ynmoed.)
Ja. | |
[pagina 320]
| |
HERM.:
(Ironysk.)
Sels al is it dwaes. INE:
(Mei ynmoed.)
Sels al is it dwaes.
(Swijen.)
HERM.:
(Earnstich.)
Jitris: dou hast gelyk. Dy Koopmans hat ek gelyk. Us heit hat ek gelyk. Jimme hawwe allegear gelyk. Ik bin mis. Mar dat mis is myn gelyk, myn minsklik gelyk. INE:
En dêr makkest him it slachtoffer fan. HERM.:
Soe hy gjin slìmmer slachtoffers makke hawwe? INE:
Slachtoffer is slachtoffer. Mar wy forslane al wer yn 'e theory, Herman. Mei ik dy noch ien ding freegje, - en dan wurd ik wer braef jimme heite sekretaresse. HERM.:
En dat is? INE:
Hwat bidoeldestou mei dy ‘omstannichheden dêr't heit neat fan ôfwit’? Forjow my dat ik it heard haw. HERM.:
Dat witstou dealiske goed. INE:
Dus al? HERM.:
Dus dou hast ek yn e gaten, dat dy fint hjir net komt om syn skuld to dylgjen, mar om dy werom to krijen? INE:
Lit it sa wêze, lit ús nou ris sa erchtinkend wêze, is it dan rjochtfeardich dat wy it oannimme sûnder it minste biwiis? Boppedat: Is syn oanwêzichheit hjirre op it fabryk de iennichste mooglikheit om my werom to krijen? Lit it wier wêze, der is mear. HERM.:
Dou leaust oan syn goede trou? INE:
Ja. En dou ek. HERM.:
(Skoft.)
Ja potdomme, ik ek. En dat is krekt it biroerde. INE:
Hwerom? Kinst net bliid wêze omt er fan goede trou is? Dou witst hiel goed: ik haw mei him ôfdien. Nèt omt er fout west hat, mar omt ik fan dy hâld. HERM.:
Goed, dou. Mar hy? Hy praet fan rjochtlik plak. INE:
Tinkstou wier, dat ik myn rjochtlik plak net wit? HERM.:
(Lûkt oan 'e skouders.)
INE:
Herman? Neist dy?
(Slacht har earms om syn hals.)
HERM.:
Goed.
(Tutet har.)
Bitrouwen hawwe, ek al hat men it net. Leauwe, ek al is it dwaes. De paradox fan de bikearde SS.
(Doek.)
|
|