De Tsjerne. Jaargang 6(1951)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 301] [p. 301] Hindrik J. Brouwer: De klyster (klinget op 't Sapphyske). Oare kant de kym toevet jit de sinne. Ear't it blide feest fan 'e dei bigjinne sil, klinkt lûd de klyster syn liet allinne wyld fan 'e minne. Dryst en swiet springt heech yn 'e loft d' opteine sang, dy't myn genietsjende earen heine, myn moedleazens treastend mei leaflik reine himelske seine. Langstme slacht alarm yn 'e nacht, as gie de wrâld forlern - de sjonger syn hert moat bliede, sil er mei de stream út syn binnenst fiede toarstige ierde, Wien' der ea wol minsken dy't sjonge koene lykas dou, lyts fûgeltsje; 't nea net sjoene stall' yn rhythm' en klank; har dy't harkje woene rimpen bitsjoene? Fan de lieten dy't ik myn libben hearde binn' my dy fan Sappho it heechst yn wearde. Komt dat faeks om't dy keninginn' alear de Kunst fan dy learde? Vorige Volgende