| |
| |
| |
J.H. Brouwer:
Forbylding sunder poarteam.
Sjoerd Spanninga, ‘Núnders’. Reiddomprige II 2. Drukkerij Lavennan N.V., Drachten, 1950.
Sjoerd Spanning'a is in seldsume fûgel yn 'e Fryske ‘Avifauna’. Hy hat hwat mear kleur op 'e fearren as oaren, hy sjongt dryster en wylder, hipt drokker hinne en wer om ynienen mei in sierlike flecht jin de fûnken yn de eagen to spatten. Hwerom dêr net tige wiis mei to wêzen? Wy binne yn dit bihearske folk sa wend oan de fêste loopkes, dat it jin suver deugd docht, as der ris ien tusken is, dy't syn fantasij útfiere doar; dat er wolris in nuvere gier nimt en jin mei syn útlitten tjirgjen soms dwyl makket, moat men der op ta nimme.
Yn 1949 joech ‘De Fryske Bibleteek’ de bondel ‘Spegelskrift’ út; yn de Reiddomprige is by Laverman yn Drachten nou ‘Núnders’ forskynd (1950). In tredde bondel ‘Finzen en Frij’ sil noch yn Oktober útkomme, wie de hjitting. Sa'n productiviteit is op himsels al in útsûndering yn Fryslân, dêr't de measte dichters mear muoisum konstruearje as frijút sjonge, sadat har wurk ornaris mar in lytse omfang hat. Dat de kwaliteit dêrom net minder hoecht to wêzen, seit himsels.
Spanninga syn krêft (de frije flecht fan syn fantasij, dy't de bylden as flinters inoar efternei wjokkelje lit), mar ek syn swak (it al to drokke en oerladene) komt op 'en bêsten út yn it frije, lange fers, dêr't sokke weeldrige foarbylden fan to finen binne yn 'e niisneamde samling ‘Spegelskrift’. Namstomear fait it jin op, dat yn ‘Núnders’ sa'n dúdlik stribjen nei de koarte fersfoarm to merkbiten falt, dy't syn natuerlike driuw nei it streamende, suver einleaze fers binnen frij ing'e grinzen opslút. Stribbet er nei in fornijing of is it inkeld in boartsjen mei de foarm, in jin ynoefenjen op in nij stik spylark? It experimentearjen sil dizze dichter mei syn driuw nei it virtuoze grif net frjemd wêze.
It sil altiten wol in faei ûndernimmen bliuwe, út fersen jin in folslein byld to foarmjen fan de dichter as minske; dêr binne it ornaris tofolle uteringen fan it momint ta. Oars wurdt it lykwols, as deselde thema's aloan wer nei foaren komme, as deselde toan sterk troch alles hinne klinkt. In
| |
| |
harmonyske natûr is Spanninga net; hy leit faek oeral mei de wrâld en mei himsels. Wanhope en haet biselskipje him gauris; hoe kin it ek oars, as men jinsels bititelt as in skandflek op 'e kaert, dy't mei tonge en pincet forwiske wurdt, as immen dy't by forsin yn 't libben rekke is, of as in nachtlik stik ûnrant by de wei, dêr't elk forachtlik op spei. Dan wurdt de wrâld in hoantserid, it libben in narreskip. Hy forachtet de profiteurs yn it libben, komt op foar it rjocht, hâldt it, fansels, mei de opstânnigen. En withoefaek pakt er om mei it probleem fan de dea. Striid foar rjocht, opstannigens is foar de dichter ien wei ta selshânhâlding; de oare leit yn de bifrijende krêft fan it dichterskip. It is him tinken, as er seit: ‘dit wurk is op de waensin woun’ en as er it hat oer dichters fantasije, dy't de lege wanhoop fan ús steppen bifolkje moat of oer dichters dy't lava smite út 'e hel en wenje op in fûlekaen; syn bylden binne út binearing boud. Licht kriget dizze skriuwer de katharsis net. En dan is dêr de treast, dy't leit yn 'e bisibbens mei de natûr foar hwa't him in soan fan de sé en in broer fan de wyn neame mei. En djipper, it jin oerjaen oan Kristús, hwaens evangeelje altiten foar de earmelytsen, de lijers en swalkers binammen it boadskip west hat. De fersen dy't Spanninga hjir oer skreau (s. 36/37: Melaetsk, It Heil, De moune, It kastiel) sil wol net ien misforstean.
De byldspraek spilet in tige greate rol yn dit wurk, wolris in to greate rol. As de bylden suver oerinoar hinne tommelje, forliest de foarstelling oan klearens en djipte, Dochs mei net forgetten wurde, dat der mear as ien soarte fan forliking moog'lik is; men hat de rêstich skilderjende, dy't op it each bislach leit, en dêr't forstân en ûnderfining by op it fêststellen fan oerienkomsten út is en de karakterisearjende, dy't yn de gefoelssfear leit en binammen net to konkreet makke wurde moat.
Men kin suver prate fan in sucht nei personifikaesje by Spanninga. Net allinne jowt er de bisten minsklike allueres, ek alderhande forskynsels út 'e natûr (dei, joun, nacht, hjerst, sinne, moanne, stjerren, de wyn, de loft, it skaed), ja de meast abstrakte bigripen (lyk as stilte, mymring, de geast, de wanhope, de trou, it lok, it leed, it heil, de dea, it libben) wurde jin as libjende, tinkende, fielende, hanneljende wêzens foar eagen set, Ek it omkearde sjocht men, d.w.s, it minsklike wurdt forbylde yn libbenleaze dingen, al is dit net sa faek it gefal.
| |
| |
Gefolch fan ien en oar is, dat wy yn in dreamewrâld komme to libjen; net sûnder rjocht en reden hat Tamminga yn in kataloguske fan Fryske boeken praet oer ‘deidreamen’. It is gjin reële wrâld, dy't Spanninga ús yn syn fersen foar eagen set, mar in imaginaire, dêr't alle libbenleaze dingen bisiele yn binne. Fûgels en flinters hâlde tournoaijen, de dei fart mei ús nei de kimen of smyt it ljocht, syn lasso, út; de joun dipt syn pinsielen yn it wetter of bitrekt de hounewacht of rint mei gouden apels yn 'e kuorren troch it tún; de nacht smyt syn netten út, slacht nei de joun syn interheak út of fielt de moarn om 'e snút; de sinne groetet it libben of stekt ljochtskett'rjend de trompet; de moanne stjûrt har kabouters, slacht de rinkelbom, giet wiuwend om yn it hôf; de stjerren sette ôf, de lêste gasten; de wyn sjongt of sit, as in lansier, op de rêch fan oaljefanten; de stilte wannelt, swalket, kuijert, gondelt; de mymring fisket oan it roer, de wanhope springt op 'e trimen; it lok rint as in gardenier lâns de paden en fandelt de swietrook, en sa mar fierder en sa mar fierder.
It seit suver himsels, dat in skriuwer as Spanninga faek de forliking as stylmiddel brûke sil. Dêrom hat it hiel wol eigenskip jin ris goed rekkenskip to jaen fan de foarm, dy't de forliking by him oannimt. Dryste bylden doar er oan. In goed foarbyld is b.g. Vaqueiro (s. 32):
‘De dei rydt nei de donkre steppe
En smyt it ljocht, syn lasso, út.
De nacht wol oer de pampa skreppe,
Mar fielt de moarn al om 'e snút.
Hy stegert wyld, syn poaten brekke
De dize, dêr't de dauw' forwaeit -
Ont de vaqueiro op syn nekke,
De sinne as sombrero swaeit.’
De brede Homeryske forliking, dy't yn détails skildert en dy't wy yn Fryslân út 'e sonnettetiid ek skoan kenne mei it ‘Lyk as....’ oan it bigjin en ‘sa....’ yn de fuortsetting, dy forliking' is nou just net dêr't Spanninga it yn siket. Dy past by de rêstige waernimming, de skriuwer docht it him oan tiid, de beide dingen, dy't forlike wurde moatte, wurde suver détail nei détail bisjoen.
Spanninga hâldt der ek wol fan om, as er in byld ienkear to pakken hat, dat yn ûnderdielen út to wurkjen. Sa b.g. yn Scherzo (s. 5), dêr't it jacht, de seilen, de stjûne har forliking hawwe of yn Romance (s. 19), dêr't it procédé prach- | |
| |
tige winst opsmyt. Dat dizze fuortsette, analityske byldspraek ek gefaren foar in skriuwer ynhâldt, sil sûnder mear dúdlik wêze; hwat mear er yn détails giet, hwat greater de kâns dat de oerienkomst ús neat mear seit.
Mar Spanninga brûkt, ek as er de fuortsette forliking kiest, net de omhael fan ‘lyk as’ - ‘sa’; hy giet moderner wegen, By ‘lyk as....’ - ‘sa....’ bliuwe de dingen, dy't mei-inoar forlike wurde, as ôfsûnderlikheden bistean. Mar de moderne auteur wol krekt de ûndielberens, de ienheit suggerearje. Tige learsum is de forneatig'jende krityk, dy't Marsman yndertiid levere op 'e Homeryske forliking, (Kritisch proza, s. 209). Krekt like learsum is, foar in goed bigryp fan Spanninga syn wurkwize, de analyse fan Marsman's eigen fersen, út syn jonge tiid, b.g. Fort. Om by de forliking to bliuwen, yn dit fers wurdt de sinne forlike by in toer, by in lôgjende tonne, mar sûnder hokker forbiningswurden, dêr't de Homeryske forliking sa rij mei is: ‘toren der zon’ en ‘laaiende ton’ is it. It is fan dy gefolgen, dat de twa dingen, dy't mei-inoar forlike wurde, nêst-inoar komme to stean, ja suver yn-inoar skoud wurde; de g'efoelsienheit wurdt der fan forsterke en de suggestive spanning opfierd. Bisjoch ek ris ‘wervelkommen’ en ‘muren der sterren’. Ik soe net graech úthâlde wolle, dat Spanninga in vitalist en expressionist is, mar der is oerienkomst yn it bilibjen fan de dingen, der is ek, ont in biskate hichte ta, oerienkomst yn 'e stylmiddels. Spanninga is lang sa extreem net as de jonge Marsman, mar hy is troch dy syn fersen hinne gien, soe men sizze, al mist syn wurk de sterke spanning en it tige markante fan Marsman sines.
As Spanninga yn Romance (s. 19) skriuwt: ‘De simmer driuwt.... De mymring fisket oan it roer.... De nacht smyt syn netten út’, dan hat er alle forbinende skeakels (de nacht is as....) falle litten, it iene elemint forfangt it oare, de suggestiviteit fan 'e forliking wint dêr by.
It meast konsintrearre is de forliking faeks, as dy yn in tiidwurd opsletten leit. ‘Fiskje’ is in gewoan wurd; as Brolsma earne yn ‘Neisimmer’ fan Anneke Sorn seit, hja ‘wyndere’ by de stoepe del, dan kin eltse Fries him ek noch neikomme. Folle persoanliker is it taelgebrûk, as Spanninga skriuwt ‘En sjoch, lâns paden, baerjend troch de iensumens, Reizg'je de karavanen’, ‘myn leafde sil as myrrhe Trochwierkje Jou kant’, ‘Al hwat bigearte socht hat.... Dat fûgelt út jin wei en it bigjint to sjongen’. De
| |
| |
dream flintert by him yn de bosken, de moanne sparwert troch de bosk, it stoumoal puijert op 'e stamper, it simmerfjild heuvelt nei de bosken, it ivich heil hofket lâns de paden fan de herten en gedachten, de stilte gondelt. De folkstael biedt it útgongspunt, de dichter brûkt de mooglikheit om de forliking ta de greatste spanning op to driuwen.
Minder ticht, minder intensyf is de forliking yn de foarm fan bystellingen: ‘De lytse kolibri's, de stjerren, trillen’, ‘Hja boarten mei it leaf, myn gouden dreamen’, ‘Swarte swannen.... sa driuwe de skaden’, ensfh.
Planteit binne by Spanninga de forlikingen mei ‘fan’; de hynders fan de wyn, de reine fûgels fan de minne, de eachbrauwen fan Gods dunen, de touwen fan de leafde, de herberch fan de siele, de nacht fan swijen, de ranken fan syn langstme, de riemmen fan de haet, de hulde fan syn rjochterearm, de waeijers fan de minne, de wichelroede fan it djipst ûnthjit, de fluiten fan it reid, ensfh.
Fansels hat Spanninga dizze foarmen fan forliking net útfoun; nij is allinne de frekwinsje dêrfan yn syn wurk, de virtuositeit, dêr't er de mallen mei hantearret. Forrassende resultaten leverje se soms op, mar it leit yn 'e reden, dat der ek in gefaer yn sit; al to maklik wurdt it kunststik ta in kunstke en ik soe net graech sizze wolle, dat Spanninga altiten oan dit gefaer foarbysyld is.
Hwat jin yn de taelbihanling fan Spanninga opfalt is it rije brûken fan frjemde wurden. Hy hat it (om mar in hânfol op to neamen) oer: charterje, Heave away for Rio, skabrakken, Barcarole, leoparden, dzjungel, boekanier, pirateflagge, contes cruels, fisekré, pastorale, pincet, scalp, humus, azûr, beryl, astrale, gloryearje, transparant, tyfoan, triremen, diademen, kontouren, job, strip, palaver, select, vampyr, exempel, gardenier, tournoai, kemenade, brokaet, puszta, scárda, pampa, lânsier, clairvoyant, lucide, morbide, moiré, emanaesje, figuraesje, it huvareno fan 'e graesje en in macht oaren. Guon binne al frijhwat ynboargere, mar de measten sille Friezen net alle dagen yn 'e mûle nimme. Hoe is soks to fórklearjen? Grif net út geastlike loaijens fan Spanninga, ek net út in tokoaft oan kennis fan it Frysk. It is in stylmiddel. Hy wol ús in dreamwrâld foar eagen sette en hat dêrta net allinne forlet fan frjemde kontreijen, frjemde minsken, frjemde dingen, mar ek fan de frjemde wurden as oantsjutting dêrfan; it frjemde wurd as sadanich hat foar him in sterke suggestive wearde, troch
| |
| |
bigryp of klank, ornaris troch beide. It frjemde wurd helpt tige mei, om de goede sfear op to roppen.
Sa sille wy ek de wize, dêr't er it Frysk op hantearret, bisjen moatte. Hy is alderminst fij fan folksfrysk, brûkt, as dat yn syn wurk to pas komt, graech sels min of mear triviale wurden en útdrukkingen: der stjerre by de fleet; Hwa't buorket mei in lege pong Dy tsjernet him in bekfol ierde; In bek as in iepen knyft; kwealaster.... kwitse; Hwant minsken mei in kwispeldoar yn 't hert, Dy hawwe 'naris de skjinste bekken net’; ‘gjin spat foroaring’; ‘fan 't libben koest wol koarje’; ‘sa'n skoaijer mei in kop fol rimpels’; ‘'t luzich libben’, ensafh. Hoe't er soms de folkstael bisiket nei to malkjen, docht ek bliken út foarmen as ‘'naris’, ‘wo'k’, ‘do'k’.
Dit taelgebrûk, dat tichte by it folk syn sizzen bliuwt, past uteraerd op 'en bêsten yn de mear of minder sarkastyske fersen; dêr komme se dan ek binammen foar.
Soms hat it wurd út 'e folkstael in sterke, forrassende útwurking, foaral as de oarspronklike en de figuerlike bitsjutting nêst-inoar opspringe. In pear foarbylden: ‘wie dochs dêr by de griene daem Ek 't âlde sear yn my forweide’; ‘en brânt de himel as de hel’; ‘Mar hiel de lytse mienskip fan de negerij Stiek yn parade gear om de tamtam, de tromme’. ‘Stjerren - in ploechje maten dat.... danich yn 'e wolkens is’. Moai is ek de dûbel-sinnichheit yn in wurd as ‘pûrlike neaken’ (fl. pûre dagereaden).
Yn striid dêr mei liket it to wêzen, dat Spanninga suver foreale is op seldsume, âlde, forâldere of suver literaire Fryske wurden of foarmen: gibbeflecht, miele, njûr, stjûch, takkels, it oefte, it skurdige hert, skarden, ûlk, tsjoengjirde, de wige fan it libben, lylje, lillepypkje, kapen, it lemieren, bodlerij, twige, weine. Hat men by ‘rutene glinsters’ en ‘traeljene finsters’ to krijen mei eigenskipswurden of mei âlde twadde fallen fan it meartal fan de haednamme? Men soe it net freegje, as men by him ek net foun b.g. ‘yn de striele en de bôge fan de rêst’. Men moat oppasse en Spanninga syn tael net al to gau forwije; as er ‘dagereaden’ skriuwt, soe men mis wêze, as men dit foar in forfrysking fan it hollânske dageraad oanseach; hwant hy hat sûnder mis de wurden ‘dage’ en ‘read’ gearstald en ta meartal makke.
It brûken fan âlde, forâldere of tige literaire wurden moat g'rif, alteas foar in part, forklearre wurde út 'e selde driuw
| |
| |
om in net to reële sfear to skeppen yn 'e fantasijlânskippen. It stiet dus, hoe frjemd it lykje mei, folslein gelyk oan it grage brûken fan frjemde wurden. Fansels kin ek de klankwearde fan in wurd útgongspunt wêze foar it kiezen dêrfan yn in biskaet fersforbân.
Fantasij en boartlikens driuwe de skriuwer gauris ta in tige eigen taelgebrûk; dat is it goed rjocht fan de dichter en bûtendat, alle taelûntjowing birêst foar in moai part op deselde eigenskippen. Hwerom dan net bliid to wêzen, as men by Spanninga lêst: ‘yn 't libben omdoelje’, ‘de dize forskimet de kontouren’, ‘de skimering fynt my biskade’, ‘knoppen dy't iepentine’? Lit ús it him gunne, as er gearstallingen smeit as ‘blêddebrûns’, ‘fonkefal’, ‘wetterfonken’, ‘sinne-glyphen’, as er, nei analogy fan foarbylden út 'e folkstael, nije eig'enskipswurden en bywurden foarmet: ‘fearrich fine teisters’, ‘merketintich’, ‘tizich takelwurk’, ‘pearelglânzich ljocht’, ‘in wytbifearre reizger’, ‘tichtbistjerre loften’ en it net allinne hat oer ‘glêzen swijen’, mar ek oer ‘myn dize loft’ en ‘wytskulpen kusten’.
Fan 'e taelbihanling soene men oerstappe kinne op de virtuositeit, dêr't Spanninga it fers op hantearret; hy is tige gefoelich foar klank en ritme en brûkt syn ynstremint soms masterlik. Hy kin moaije, treflik byldzjende rigels skriuwe:
‘Dronken diken slingerje lâns it wetter’ (s. 31)
‘Sykje út dyn greate earmoed' wei de herte-ier,
Oant triljende dyn twige nei it wetter lûkt.’ (33)
‘Hwant stekt de stins ek steil de sterke muorren,
De stien sjit los en broazelt út de skuorren.’ (37)
‘Der is in skriemend wé oer alle fjilden reind.’ (37)
‘Mar eltse wyndring, weagjend nei de iggen,
Is yn de rûzing en de rymslach fan it fers biwarre.’ (43)
Elk ken it forskynsel, dat in fers nei de ein ta gauris sakket; de spanning is der út, it stoattelt nei de ein ta. Hiel oars Spanninga, dy't by útstek de kunst forstiet, mei in sierlike ritmyske swaei it fers nei syn bislút to lieden.
Sa b.g. s. 25:
‘Mar bistou earst sa rut as ús en lit it wiif dy slûpe,
Dan stel ik út, dat wy de lêste sulv'ren skiif forsûpe.’
s. 27:
‘Dat ta bislút in tút op alle fingerseinen,
Ik sjoch it diggelfjûr al fan de beammen reinen.’
| |
| |
s. 34:
‘De Dea dy spilet pantomime op syn lute......’
s. 44:
‘ont hja út Gods eigen lân
koerend keare op dyn hân.’
Ik wit it wol, men hâldt der net mear fan, sokke détails acht to slaen; ik wol graech tajaen, dat hja op harsels net folle wearde hawwe, mar likegoed wurdt de totaelyndruk, dy't in fers makket by it lêzen, der mei troch biskaet.
Spanninga is in dichter, dy't de muoite wurdich is. It mei gjin kwea, dat er ús ris út it smûke en skadige Fryske paradyske opjaget en syn wrâld ynstjûrt. In wiid gefoel driuwt him, hy mjit mei hwat g'reater mjitstôk as wy wend binne. Syn natûrbylden meije sa heech en kant net wêze as Marsman sines, hwat fan dy Marsman syn kosmyske forhâldingen hawwe hja wol yn en dat is winst. Dat er, by de weeldrigens fan syn fantasij, by de spontaniteit fan syn byldspraek en syn gefoeligens foar klank en kleur, soms oer de grinzen fan it oannimbere springt, is better as to birêsten yn de makke en goedkeape midsmjitte, dêr't de Fryske skriuwers mar al to faek oanstriid ta hawwe. Hy doar in great forskaet fan thema's oan en bihannelt se op in wize, as yn Fryslân oant nou ta net barde; hy hat syn eigen visy, syn eigen byldfoarm, syn eigen taelmuzyk, syn eigen ritme. Ik wit ek net ienris oft wy winskje moatte dat er war docht, syn forbylding de poarteam oan to lizzen, de geile ranken ôf to snoeijen, himsels de tucht op to lizzen fan de konsintrearre skepping mei de soberste middels. Lit him mar skriuwe, lit him mar harkje nei it lûd, dat yn him opspringt as in welle fan klear wetter en lit ús ôfwachtsje, hwat de útkomst wêze sil by dizze dichter by de graesje Gods. Der binne wol mear ynspiraesjeboarnen troch ûntidige krityk forstoppe rekke.
Lit ús him nimme, sa't er is, mei syn treflike eigenskippen en mei syn lek en brek. De tiid sil wol silje. Litte de Friezen syn wurk keapje. Is it net in skande, dat der fan dizze skriuwer in bondel ré leit, set en wol, dy't mar net forskynt, om't de útjower sels it risiko fan papier en omslach net mear oandoar?
|
|