De Tsjerne. Jaargang 6(1951)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 291] [p. 291] Anne Wadman: Lytse triptyk foar reizgers op in thema fan Jan van Nijlen. I. Ris dyn falys mei dreamen, jow dy ou, slút oan by dy't foar de loketten steane, Bidikerje mei niget de lânsdou: stêdden, en boeren dy't in nôtfjild meane. Toan greatsk dyn paspoart (kleur der ogen: blauw, Bijzondere kenteek'nen: gene - earne bliuwst op papier dyn ynlikst wêzen trou!) it passe-partout foar dy't de wrâld omgeane. En is dyn doel yn 't sicht, wês dan in man bireizg'e yn al syn lidden, dy't de hân drystmoedich om syn koffer's hânsel heakket: in globetrotter thús yn elts hotel, dy 't wetter spetet oer syn stoffich fel. Gjin focht to wrâld dy't al syn dreamen weakket. II. Fordream de ûren yn in frjemde stêd, sjoch nei kastielen net noch kathedralen; drink dy oan sinneskyn en sûrstôf sêd: dat is genôch foar har dy't doelleas dwale. Sit op in bank yn 't park, oersjoch it mêd fan memmen, berneweinen, hounen, skrale mynhearkes dêr't de tiid him wol mei rêdt, en fammen dy't net nei dyn omskot tale. Dit is it bêste diel: sa anonym as sân of wetter fierder vegetearje, fuotwaskje en smoke en in poëem probearje, en fruchtleas stinne op in treflik rym. Jow alles oer en glimkje en wit foaral: Gjin dream fynt ea op reis syn klearst krystal. [pagina 292] [p. 292] III. Sjoch wer dyn eigen lân, wiskje út in trien om sa'n goedhinnich, freonlik, froed gewraksel. Wês bliid: hjir hastou earder stien en gien, priuw wer fan d' eigen groun it yngoed baksel. Haw leaf de popels mei har soppich grien, de wide wetters: 's Hearen hearlikst maksel. Dou bist wer thús, mei alles ien en mien. Fykje út dyn dreameswolm en dyn wjeraksel. Untdoch dyn koffer fan syn smoarge brol, skuor frij dyn paspoart fyn, oan alle snippels, en gean to gast oan spek en bêste jippels. En bistou warch - dyn buorman is jit warger. Kear op dyn basis as in earsum boarger en doch dyn plichten sa't de dei it wol. Vorige Volgende