De Tsjerne. Jaargang 6(1951)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 289] [p. 289] D.A. Tamminga: Micropolis. 1. De moarns nei de merke. It moarnske plein leit fol papier en blyk. Oeral yn 't roun gniist ôfeart jin tomjitte. Spulweinen kreakje lâns en oer de strjitte Bistoar de klank fan pieramintmuzyk. De clown fan it théatre mécanique Dy't justerjoun jit syn fanfares stjitte Ut d' âld trompet, switfaget fan 'e hjitte, Bisnoeit syn neilen wurch en mankelyk. D' équilibrist docht sleau syn sokken oan Op 't trepke fan in wein. Noch heal yn dûze Rekt hy de earms: yn flok? yn seiniging? De dounseresse peit har jong'e soan Hwat iten ta.... Dan, om 'e hoeke strûze Sproeijers fan de Gemeentereiniging. 2. Deidream. Blynkape pijen. Skaed falt as in flym. Ferve toblierret oan 'e architraven. De ljochtgasmannen stake it ûnnut graven Nei skatten, lizzend efter tiid en kym. Trepgevels, klim fan alve tolve trym, Skaffe in sit oan ûlebret en raven. Brocht hjir in ras fan pyramideslaven In stêd ta stân mei swypslach en gehym? Djipswetter, grien as spuolling yn in trôch, Dêr't dreamforlern in loaije pream op farket, Lûkt troch de pipen. Klinkerts fielle waerm. Dan út in galmgat wei slacht in alaerm De stilte stikken: 't is omdôch, omdôch! - De gravers grave fierder. Nimmen harket. [pagina 290] [p. 290] 3. De Carillonist. Hy bûket mei de fûst de toetseskael, As woed er út in stribbige matearje Eat greats en boppeminskeliks formearje Heech en ùnrikber en yn nije tael. Teantsjende taest er nei it fuotpedael En lit de hiele trieddewinkel fearje. Syn eagen sinke wei yn in mystearje: De bline noaten fan in madrigael. Mar fan 'e omgong tripket út it brûns De melodij op dak en pleinen del: In psalm, in geuzewize, in lichte douns. En oan 'e ein, as moster by it miel, It foarse liet fan Wittenberg's rebel Dy't God bisong as heech en sterk kastiel. Vorige Volgende