[Nummer 10]
Meidielingen:
Sa't de lêzer sjocht hat de duvel fan de sonnetteprizen syn dingen wer ris dien op 'e greate bult fan de net-mear-jongerein. De hearen D.A. Tamminga en Anne Wadman, dy't troch de Jury as winners fan de sonnette-priisfraech oanwiisd waerden, fiele har dan ek min of mear skurf en klauwe har biskamsum efter it ear.
Mar de redaksje as gehiel tanket de goegunder fan de prizen, foar syn pryslik initiatyf, en de jury foar har wurk. De beide bikroande ynstjûringen wurde yn dit nûmer publisearre.
In wurd fan tank past by dizzen ek oan de Utjowerij, dy't fannijs ré west hat, oan 'e ein fan dit jier de kopij-oerfloed mei in mannich extra-siden op to heinen.
De Redaksje.