De Tsjerne. Jaargang 6
(1951)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermdOp it harspit.
| |
[pagina 287]
| |
pún! Mar, lekker ite, net to folle dwaen, en pronkje mei ôfwikings; dè libbensfunksje: stof ta kletsen jaen. O, 't gyng oer 't Almenak? It spyt my, ik bin 't mei dy iens. 't Hie hwat grouwéliger kinnen. En as ik mysels noch studint neame mei, dan is it studintendom it tomkesobjen net to boppenkommen. Sil it dat ea? 't Is sa oars in moai ein ûnderweis nei de bernskens. De frage is nou mar: Hâlde jimme it salang út, oant der in nije generaesje it findel oernimt? En ja, hwat fan 'e neiteam? Fryslân? It liket soms it collectivum foar ‘hufters’ wol. Ja, boppedat, wie it soks mar.
26 July 1951. SYBE SYBESMA.
Op it bisprek fan it Studinte-almenak soe ik allinne (hwatte secundair, en alheel persoanlik) anderje wolle, dat ik net safolle spul mei dichtsjen ha kin as criticus forlanget. Poëzij is in byprodukt fan it libben - om yn suveltermen to bliuwen: de waei dy't der by it tsiizjen efterbliuwt. Dat moat men nimme sa't it falt. Ik ha 't der alteast net foaroer, my to gurdzjen ta de barrikadeoarloch. En tominsten net tsjin dizze âlderein, dy't sa goed is as bôlle, sels sa goed dat hja sels mient de jongerein de revolúsje ynskune to moatten. Foar sa'n selsforleagening kinne wy neat mear oersette, wy lûke ús mei skamte tobek yn ús praetrountsje oer nasjonale kêsten (Rotterdam sil ús dêr nammers net folle mear yn 'e wei lizze). Nou't it ús fan A.W. bispotlik makke is, bigjinne wy dêr fansels mei sin oer to disputearjen. Fan de neamde útlânske skriuwers haw ik allinne fan Sartre en Vestdijk hwat lêzen. It komt lykwols foar dat lju dy't mei dy modernen heech rinne, likegoed yntellekteweel en tizerich tsjânseljende boeken skriuwe. As dat net sa wie, soe men hast in Frysk dichtersexamen ynstelle wolle, dêr't men dat en dat en dat lêzen hawwe moast. Mar nou haw ik alhiel gjin hope; dat moat men net to tragysk opfetsje; sa't ik sei: kunst is bysaek. Dêr kin 't hjoed wol mei ta. Ik hoopje dat Jo jitris in striidfeardiger jongerein foar Jo oer krije. Dan hoecht men net sa yn it loftlege to balten.
30 Aug. 1951. HINDRIK BROUWER.
......dan woe ik graech op 'e tekst oer hwat Jo skreauwen fan it Studinte-almenak '51 yn it July-nûmer. Ik stim Jo mei, dat de litteraire wearde net great is, mar dat der gjin fjûr mear yn ús jongerein, dêr't ik dan sels ek ta hear, sitte soe, dat wol der by my net yn. Sterker jit, ik leau fêst, dat as der jild wie, der wol in tydskrift fan en foar dizze jongerein bistean koe. Mar salang't der net genôch fan dat ierdske slyk ûnder ús is, kin de Tsjerne him feilich deljaen; salang bliuwt de dynamytlading fan dy kant wol wei. Mar lit ús in eagenblik oannimme, dat der gjin of to min talint wêze soe, oan hwa de skuld dat der gjin klimaet is, dêr't it yn dije koe? Is it ús skuld, dat wy ús net thûsfiele yn it Tsjerneformidden? As de Tsjerne sa graech it geastlik liederskip hawwe | |
[pagina 288]
| |
wol, hwerom giet der dan sa'n bytsje fan út hwerom wurde dan alle bydragen fan de âlderein altyd opnommen en dy fan ús, as se al publisearre wurde, hielendal net of to min bikritisearre? It wiere liederskip bistiet dochs hjiryn, dat men mear út 'e minsken hellet as dêr't hja harsels ta by steat achten; hat de Tsjerne dat ea dien? Kin der net in iepen Forum útslutend foar de jongerein yn opnomd wurde? Salang net alle middels to baet nommen binne, wol ik net leauwe dat der gjin kriich en gjin talint ûnder ús wêze soe! En as der al op ús gearkomsten net praet wurdt oer de greate geasten fan dizze tiid, yn it persoanlik petear namstomear! Soe it net krekt yn ús aerd lizze om op offisjela gearkomsten net as persoanlikheit, mar as offisjeel persoan to kommen en dêr dus net oer niisneamde fraechstikken to praten? En soe it dan net fan frjemdsin tsjûgje dat to forbrekken, en oare studintemienskippen nei to bauwen? De Federaesje is nou ienris om Fryske problemen ûnder eagen to sjen; dêrneist bliuwt foar de oare ûnderwerpen romte en tiid genôch oer om de harsens op to slypjen yn de ûnderskate corpora. Dat de nihilisten miskien mei ûnfortarde komplexen sitten bliuwe, leit dan foar har eigen rekken, dat hoecht de koerts fan de Federaesje net to foroarjen. Dit nimt lykwols allegearre net wei, dat ik ek wol hwat mear enthousiasme sjen woe en dat it miskien wier is, dat it oanwêzige talint der jit net genôch foar striidt om it to biwarjen en sterk to brijen, mar dit hiele skriuwen wie ek mar in tige persoanlike réaksje om to uterjen, dat wy net alles lankmoedich oer ús hinne gean litte!
31 Aug. 1951. U.J. BOERSMA. |
|