| |
| |
| |
Kronyk fan it proaza.
Anne Wadman:
Tinken ut 'e mythe wei.
E.B. Folkertsma, ‘Eachweiding’.
Utj, Fa. J. Kamminga, Dokkum 1950.
Gjin skriuwer yn Fryslân wit ik dêr't foarm en ynhâld sa tige ien by binne, dêr't sa tige de styl de man is, as E.B. Folkertsma. Gjin skriuwer ek, frjemdernôch, by hwa't ik sa klear it fielen haw, dat men him fan twa kanten oankomme kin: as stilist en as Frysk strider. Men soe oer dy beide aspekten fan ‘Eachweiding’ elk in skôging skriuwe kinne mei oars neat mien as de titel fan it skôge wurk. Hokker fan dy beide aspekten kieze foar dizze skôging? Of beide? En sa ja, hokker earst? Dat men dy fragen stelt, stelle moàt, biwiist de réaliteit fan de skieding. It is hwat oars as it forneamde dilemma foarm-ynhâld. It leit djipper. Hja binne net geargroeid troch de macht fan it aesthetysk biwitten, it is net dat de ynhâld dutsen wurdt troch de foarmjowing, likemin dat de foarmkrêft mei-biskiedend is oer de ynhâld, sels net dat hja elkoar bifruchtsje. Wis, yn al syn litteraire uteringen vibrearret de massiviteit fan de strider, yn al syn idéen vibrearret it kunstnerskip fan de berne stilist. En as men dan dochs foar de kar stiet: strider of kunstner, dan biwiist it faeks net mear as dat wy hjir twa kategoryën hawwe dy't men yn it Westersk tinken út soarte fan har ûnforienigberheit of alteast prinsipiële fijannichheit skiede moat. It seit himsels, dat dizze skieding in abstraksje is, fan it libben sels allegeduerigen wjerlein. Dat wy der dochs net omhinne kinne, biwiist de smelle basis fan ús Westersk tinken dat de libbensforskynsels ûnderwurpen hat oan abstrakte kateg'oryën en gjin kâns sjocht om se wer ta har oarspronklike ienheit to forbinen, nettsjinsteande alle bisykjen. Wy hawwe keazen foar de ‘logos’ tsjin de ‘muthos’.
Miskien oppenearret him hjir ìt probleem fan de moderne ‘essayist’ en biskiedt dit probleem de eigenaerdige posysje fan 'e essayist tusken de dichter en de romancier yn. Foar de dichter (en oer syn wêzen forskil ik mei Folkertsma oanmerklik fan bitinken) is de oarspronklike lib- | |
| |
bensienheit
jitte in réaliteit. Foar him bisteane de tinkkategoryën net of amper. De romanskriuwer lykwols moat it fan dy tinkstruktueren krekt hawwe, hy arbeidet mei rationele ‘gegevenheden’ lykas it forhael, de intrige, de tendinz, de morael. In gedicht fan foarm-sûnder-ynhâld kin in great gedicht wêze, in roman fan ynhâld-sûnderfoarm in greate roman. Mar de essayist taest gauris werom nei de oarspronklike libbensienheit fan de ‘muthos’, en moat it hawwe fan beide: sûnder ynhald is syn wurk gjin essay, sûnder foarm is it gjin kunstwurk, mar in stik wittenskiplik proaza lykas it ús út tûzen en ien dissertaesjes oangappet. Sa bisjoen stiet dus de essayist tusken dichter en romancier yn en net, lykas faek oannomd wurdt, noch fierder fan de dichter as de romancier. Dit forklearret mei-iens - mar it avontûr op skematisearjen en generalisearjen is sa great - dat der faek sa'n ynlike relaesje bistiet tusken dichter en essayist. Foar de dichter is de essayist in net minder sterk komplemint as de romancier. Men soe der leau'k sprekkende foarbylden fan by elkoar swylje kinne. Nim Kloos, nim Valéry, nim Jac. Bloem en Aafjes en Marsman, nim Fedde Schurer, nim Eliot. It is net tafallich dat al dizze lju it sterkst binne yn har dichterlik en essayistysk wurk, it swakst yn har saneamd skeppend proaza, foar safier't hja it skreaun hawwe. Fan Prof. van der Leeuw soe ik my fersen foarstelle kinne, in roman perfoarst net.
Nou leau ik, dat dizze twa-ienheit fan strider en kunstner, dy't foar de skôger dy eigenaerdige kar-út-twa meibringt, yn 'e figuer fan E.B. Folkertsma biskate nuodlike kânsen ynhat. In to sterke bining, yn it algemien, fan strider- en kunstnerskip kin foar strider en kunstner beide funest wêze. De strider kin him yn syn projekten liede litte fan 'e yn 'e forbyldingssfear toevjende visy fan de kunstner en op ûnpraktyske sydpaden reitsje. De kunstner kin him meinimme litte fan de reëel-politike easken dy't it striderskip op him laedt en op praktyske, a-litteraire sydpaden brocht wurde. De politikus is dan net langer in technysk forlangstik fan de strider, mar absorbearret de strider. De strider, om it oars to sizzen, kin der ûnder strûpe yn 'e romantyske floed fan dream en fizioen. De kunstner kin, rjochtoarsom, fortoarstgje yn 'e toarre woastyn fan 'e lytse died en de lytse partijstrideraesje. It is hjir net it plak om Folkertsma
| |
| |
syn gongen as strider-politikus yn 'e finesses nei to gean. It soe in lang forhael wurde fan de Jongfryske Mienskip oer Tsjûgenis, Kristlik Selskip, Twamanskip en Striidboun nei it geheimsinnich fordwinen út 'e Desintralisaesje-kommisje ta. Yn 't algemien kin men sizze, dat it Folkertsma west hat dy't de eask fan in ‘Fryske polityk’ it earst en it klearst, net mis to forstean, formulearre hat. Oer 't algemien ek mei men leau 'k wol sizze, dat hy oan de gefaren fan de twa-ienheit strider-kunstner moai goed ûntkomd is. Mar der sit yn syn ‘optreden’, kleare wurden of net, dochs in elemint fan ûnwissens. ‘De wisse lieder () motivearret net rij, en hat faken en jerne ûngelyk,’ seit er op s. 108 fan dit boek. It mei wier wêze, binammen as kaei ta de karakteristyk fan dy oare lieder dy't mei ‘einleaze motivearringen’ striidt om dochs mar gelyk to hawwen. Mar yn wêzen is it in machtsspreuk dy't gearhinget mei de nuodlike forhâlding fan kunstner en strider. Dy twang nei twa kanten, it bisykjen om dy beide yn in hecht forboun gear to binen en to hâlden, hat op syn wêzen sûnder mis syn mark set. Syn proaza is it produkt fan in swiere inerlike wrakseling, it symbolisearret de swiere gong fan it yndividu dat twa kanten tagelyk útmoat en dochs ien wei gean wol. De spoaren fan dy swiere gong kin men it bêste bineikomme dêrre hwer't de kunstner oer de strider hinnetoeteret, dêr't de strider útwykt foar de kunstner omt er in biskate ûnmacht fielt foar de feiten en de realia oer. It dúdlikst is it wol dêr't er de skiednis skriuwt fan de strideraesjes yn en om it Kristlik Selskip. Dêr sjit Folkertsma mei aesthetysk swier geskut wylst er foar myn gefoel oars net wêze hoegd hie as in tûk skerpskutter. Dêr forfalt er sels ta de flater dy't er de oare
‘lieder’ oanwreau: einleaze motivearringen. Dêr forpletteret er de feiten (dy't ik wier net lytser hawwe wol as hja wiene) ûnder in monumentaliteit dy't foar dy feiten tofolle eare bitsjut. ‘Habbe wy it net sein, earst Visser en Wybenga en Wendelaer en ik, en doe v.d. Woude, ear't er dûmny wie, en syn maten, en doe Brouwer en Schurer en de Jong, en sa mannich in oarenien, dat dizze wei him dearoun?’ (s. 3) Sa'n suver Homeryske oanrin mei syn polysyndetyske opneaming en syn rhetoaryske toan sjif oer de feiten folslein hinne, hjir toeteret de dichter oer de strider hinne. Hjir is in blaesorkest fan 80 man op folle krêft oan it wurk, dêr't in tergjende fluit takinnen hie. ‘Hwant nearne jit yn Fryslân is Tsjûgenis de treddel- | |
| |
jier fan syn bistean mei djipper meifieling en ynliker blidens lêzen as ûnder de jongfeinten fan it donker, ynbânnich, hertstochtlik Gaesterlân en it ljochte, iepene, wyn- en sé-trochrûze Lemsterlân; de deis fan 'e gearkomste noch mocht ik it fan in pear fan harren hearre.’ (s. 12) Steande ûnder in eskenbeam yn it dizige, kymtobrutsen Ferwerderadiel, hat men oanstriid om der oan ta to foegjen. Men soe jin ek ôffreegje kinne oft de skriuwer hjir krektsa oer skreaun hie, as er op dat stuit in sigaret opstutsen, in fiter fêstboun of in moaije faem rinnen sjoen hie.
Mar myn doel is net om to ridikulisearjen. Hwant it wol my oan, dat op dizze steden Folkertsma syn oarspronklike wêzen him forriedt. Sokke rigels nammentlik bringe ús hommels yn 't sin hwer't de oast sit mei dy antithese kunstner-strider. Dêr't dy twa mei elkoar oerheap lizze oppenearret him de oerienheit, de oerboarne fan syn wêzen. It wie net samar dat ik Homerus der by helle. Ek yn it twadde sitaet binne de epitheta Homeriaensk. Folkertsma tinkt hjir út 'e mythology wei, lit my leaver sizze: út 'e mythe wei. It wol my oan, dat wy yn de gong fan dizze minske sjen kinne de gong fan de tinker-út-'e-mythe-wei yn de moderne westerske maetskippij. Oeral yn syn politike struktueren fine wy dy mythe werom. Yn 'e groun is de mythe ek biskiedend foar syn takomstprojeksje fan Fryslân. Ik tink hjirby noch net ienris fuortdaliks oan de mythe fan it yn fiere midsieuwen glânsgloarjende Frisia Magna, al stiet ek dat iderkear op 'e eftergroun fan dizze skôgingen. Ek syn definysje fan ‘polityk’, al hoe tige ek rjochte op 'e réaliteit, giet regelrjocht fan de mythe út: ‘Polityk is de driuw fan it bloed, om it idé reëel to meitsjen’ (s. 196).
Dizze mythyske tinkûndergroun stelt Folkertsma yn steat ta sa'n forbjusterjend heldere en greate visy op en analyse fan de kultuerproblematyk, lykas yn it opstel oer Tolstoj, in model fan ûnwittenskiplikheit, as ik it sa sizze mei. Mar Folkertsma mist hjir ek hwat, dat de wittenskipsman wol hat: it formogen om to détaillearjen, to atomisearfen. Hwant út 'e mythyske sjenswize wei forsimpelet er de dingen faken ta in al to ienfâldige skematyk. Folkertsma kiest mei in yntuïtyf ynsjoch hwat er nedich hat en lit it oare wei, ja sels, hy rekkenet it as net to bistean. Great is de visy en hja giet rjocht op in doel ôf. Mar ek yn dat doel oppenearret har de mystike tinkwrâld, Yn lêste ynstânsje wurdt Tolstoj ôfwiisd omt er, as 19de ieuwer, net
| |
| |
wist of net wie, hwat ‘wy’ as 20-ste ieuwers wol ‘witte’ of binne. It tokoart fan de 19de ieu is nammers evident genôch, mar hokker winstpunt oangeande de minsklike wearde kin de 20ste ieu dêr foaroer sette? Ik bidoel: hokker winstpunt net foar ien of twa of hûndert ienlingen apart, mar foar ‘ús’, foar de biskaving, foar it minsklikheitsbisef?
Yn it negative sjogg'e wy de mythyske tinkstruktuer forskinen b.g. dêrre hwer't Folkertsma syn visy jowt op it wêzen fan 'e dichter. Ek dy wurdt biskaet troch in to ienfaldige skematyk fan dichter en folk. ‘De dichter ideälisearret yn 'e geast de reäliteit,’ seit er op s. 196, wylst polityk de driuw is fan it bloed, om it idé reëel to meitsjen. Men sjocht hjir hoe't er de polityk skôget út de mythe wei en de dichter ta de steriliteit fan de geastlike abstraksje fordomme wol, dus winliken ta de.... logos! Wylst yn wêzen de dichter al sa nei oan de mythe bisibbe is as it folk. ‘Hwat it folk souner, dat is ûnliterairder, politiker libbet, hwat de kunst mear formidden habbe en bloeije sil.’ (s.201). Wier mei dit lykje, mar ìs it allinnich as men frede hat by de ivoaren toer en frede by de ûnskuldige steriliteit fan de dichter, as men de mythe reservearje wol foar it folk en de dichter in frijkaertsje jaen om yn syn iensume loge fierder to abstrahearjen.
It is foar de ‘mythicus’ net sa maklik en fyn de wei ta de praktyske polityk. De politicus sit ‘midden yn 'e polityk’ op in biskaet stuit en hy theoretisearret der net oer. Hy bidriuwt polityk en ergeret it him net. Yn Folkertsma syn oanienwei oanpriizgjen fan de polityk as de ‘wei dy't wy opmoatte’ sprekt syn kommen út 'e mythe wei. Midden yn syn praktysk-politike wurksumheit lykwols kin de âlde Adam fan de mythe sprekke, en de mythicus eklipsearret út in kommisje of hinget in geheimsinnich flues om in politike striidorganisaesje hinne.
Men moat my goed bigripe, ik bidoel dit net as krityk, mar as karakteristyk. Hwant ik achtsje dizze mythyske ynstelling krekt de greate wearde en de greate bitsjutting fan de skriuwer Folkertsma. Hwant de ‘mythicus’ is nea opportunist, al moat er wolris in praktyske fear litte. De mythicus as strider hâldt yn him de gânske folheit fan it libben en forliest him net yn 'e abstraksjes fan de wittenskipsman noch yn 'e redenrykdom fan 'e fak-politicus. Hy
| |
| |
kin yndied sizze: ‘Jim habbe de redenen, mar ik hab gelyk’.
Tinker út 'e mythe wei, - dat bitsjut ek dat it mythysk elemint bihalven yn 'e politike projekten, werom to finen is yn de taelfoarm. Fan 'e oergong folkstael-kultuertael hoech ik wierliken gjin foarbylden by to bringen. Dêr't Folkertsma taelbouwer is, d.w.s. wurket om it rûge materiael fan de folkstael om to smeijen ta de heger foarm fan it kultuerbisit, is dat mooglik omt hy dy folkstael net sjocht lykas de folklorist, as in isolearre matearje dy't net forlern gean moat, mar as in ûnforwrigber en libben diel fan de Fryske mythe, dat, yn it flak fan de kultuer opheve, lykwols syn mythyske wearde bihâldt. Dêr leit it greate forskeel mei Jan Jelles Hof en syn folgelingen. As Folkertsma arbeidet mei typysk folkske biswarringsformules lykas ‘Wis al,’ ‘ei siker’, ‘woe 'k habbe’, ‘mar oars, hab ik soarch’, dan is dat prinsipiëel hwat oars as dat Hof it docht: dêr is de taelfoarm net mear adaequaet oan syn útdrukkingswearde. Hof syn kopswiere idioomtael is it produkt fan rationeel tinken sûnder mythyske ûndergroun. It idioom wurdt út syn mythysk milieu weihelle yn it ‘litteraire’ meidieling'sflak.
Dat wol net sizze dat Folkertsma syn tael net ‘litterair’ wêze soe. Litteraire eleminten lizze as ûnmiskenbere biwiisstikken yn dizze tael forwurke: rhetoaryske f ragen, tige gebrûk fan it predikatyf attribút (‘hy giet in machteleaze ûnder’, s. 207-208; ‘al habbe hja Fries berne in diel yn it libben’, s. 195), analogyske wurdskepping (‘Fryslân hat nea steatgjende macht hawn’, s. 134), variearjende en útwreidzjende herhellingen (‘Hwerom dat ûnderskied? Hwerfoar dat ûnderskied?’, s. 56; ‘Mar hja woene gjin sizzen habbe, de froede mannen woene fan ús, domdryste feinten, gjin reden forstean’, s. 3; ‘It sil oannommen wurde of forwijd, oannommen folslein óf folslein forwijd’, s. 213; rhythmyske spankrêft dy't troch de chiasme jitte forsterke wurdt). Ik jow mar in mannich foarbylden, omt in folsleine analyse fan dit proaza soe tofolle bledsiden easkje. Lit my lykwols fêststelle dat dizze ‘litteraire’ boustiennen folslein organysk yn it gehiel lizze, dat hja net forwurde ta litteraire oanstellerij, mar yn de mythyske monumentaliteit fan dit proaza mei opnommen binne.
As ik de tael fan Folkertsma forbyldzje moast yn visuële symboalen, soe ik har blokkich en fjouwerkant neame,
| |
| |
massyf en fol, mar ôfroune troch it slypjen en forsliten, as in net to stuitsjen stream swiere swerfstiennen. Mar hjir kom ik ek op hwat ik mis yn dit proaza. Der is in tokoart oan rhythmyske variaesje, to min dynamyk, to min tempo-ôfwikseling. Dat hâldt yn in tokoart oan flitsende feart, oan esprit, oan skerpte, oan fine humor. Dit proaza, it is dúdlik ek foar hwa't Folkertsma syn kommen út 'e mythyske tinkwrâld folge hat, is net gien troch de smeltoun fan it Frânske intellektualisme. Fan geast is it mear Romeinsk as Gryksk (nammers Augustinus kin men jin as Gryk net tinke), yn Westeuropeeske noarm oerbrocht: mear Germaensk as Romaensk, mear Dútsk as Frânsk.
Fansels is dit alwer net as krityk bidoeld, of it moast wêze in hiel persoanlike krityk dy't ik yn dit opstel leaver net biminge wol. Ik wol der allinne mei sizze, dat dit proaza, omt it net alle eleminten fan it moderne Westersk tinken yn him opnommen hat, in biskate iensidigens fortsjintwurdiget. It mist in biskate, om myn part ‘Frânske’, linichheit en finesse. Mar it wurdt dúdlik, bihalven út 'e mythyske ynstelling, ek al út it dea-inkelde feit, dat by de figueren dy't foar Folkertsma it 19de ieuske Europa útmeitsje, wol Schopenhauer en Nietzsche binne, mar net Heine, wol Flaubert en Zola mar net Stendhal.... Hwant de mythe leit yn it flak fan de earnst, en ken de godlike humor en de esprit allinnich as in ynbrek op en in oantaesting fan harsels.
As samling, as gehiel, by einsluten, is ‘Eachweiding’ net it monumint dat ‘Toer en Tsjerke’ wie. Men kriget by it lêzen iderkear wer it idé, dat in wreedaerdige demon hearske hat oer it gearstallen der fan. Sokssahwat as de dadaïsten dy't wurden út 'e kranten knipten en yn in pet smieten en hwat der by it útheljen foar 't ljocht kaem útjoegen foar in gedicht. It is as hat Folkertsma him biwust tsjin elke systematyske yndieling forset. Sadwaende sjocht men yn dit boek gjin ûntjowing, gjin ‘lijn’, gjin kontinuïteit. Miskien is dit ek in útwurksel fan de ‘mythyske’ ynstelling. De mythe nammers moat it ha fan de bloedwaerme chaos. De systematyske oardering fan ús moderne wittenskip is har folslein frjemd. De mythicus fordigenet him mei dy natuerlike chaos tsjin syn oare ik, de politicus. De mythicus ken ús rationalistysk tiidsbigryp net en lit dus leaver alle exacte datearringen wei. Mar faeks bin ik it slachtoffer fan myn opskrift en is dit boek allinne mar
| |
| |
sloarderich en ûnneitinksum by de printer ynlevere.
En dochs is dit boek foar de Fryske litteratuer in rike oanwinst. As paedwizer ta Fryske polityk is it boppedat in hantboek fan net to ûnderskatten wearde, in hoekstien ta it byld fan it libjende Fryslân en syn takomst.
|
|