| |
| |
| |
Prof. Dr K. Sneyders de Vogel:
De taelstriid yn Sud-Frankryk.
(It lêste.)
Hwat is der nou dien en birikt op it stik fan de taelstriid? Al yn 1870 siet in trijemanskip fan Basken en Bretons it Frânske regear mei in petysje oan, dêr't feitlik alle easken yn sitte dy't ek op 't heden noch by de foarstriders fan streektalen op it program steane. By dy trije wie in Charles de Gaulle, skriuwer en dichter yn it Bretonsk. Hja fregen:
1) | Leger Underwiis: de ûnderwizers meije by it lesjaen yn Frânsk de tael fan it gea to baet nimme en boeken yn dy tael brûke; learlingen dy't dat wolle kinne ûnderwiis yn har streektael krije; de ûnderwizers binne forplichte it idioom fan it gea dêr't hja wenje to kennen. |
2) | Middelber Underwiis: op elk collège en lycée sil de streektael ûnderwiisd wurde; it studearjen dêryn jowt by it eineksamen deselde rjochten as de stúdzje fan frjemde talen. |
3) | Heger Underwiis: ien of mear learstuollen sille oprjochte wurde foar ûnderwiis yn regionale tael en skriftekennisse; to Aix en Grenoble foar it Provençaelsk, to Montpellier en Toulouse foar it Languedocien, to Caen foar Normandysk en to Straszbourg foar Dútsk. |
Spitigernôch rekke dit forsiikskrift troch it útbrekken fan de Frânsk-Dútske Oarloch yn 'e dôfpot. Fansels waerd it der 75 jier letter, doe't in genamt fan ien fan 'e gearstalders, Charles de Gaulle, yn Frankryk op it foaroanplak siet, hastich wer úthelle.
Underwilens hiene de lju net stilsitten. Der waerd in ‘Ligue pour la langue d' oc à l' Ecole’ oprjochte. Guon ûnderwizersbounen warden har tige, mar de tsjinwar liigde der net om. Yn 1923 wiist minister De Monzie de easken perfoarst ôf en wol gjin ‘patois’ op 'e skoalle talitte. Syn opfolger Daladier is hwat mear meigeande en skikt tominsten yn dat de learlingen op 'e legere skoalle, as hja dat wolle, lessen oer de langue d' oc bywenje. In bulte meiwurking fan officiumwegen krigen hja dus net. Fan partikuliere kant kaem der lykwols hieltyd mear aksje. Yn 1930 waerd de Societat d' estudis occitans stifte. Dat ge- | |
| |
noatskip hat in jiermannich forlyn in Institut d'estudis occitans ta stân brocht ûnder tafoarsjoch fan de Universiteit fan Toulouse en fan de Union des Intellectuels, yn neifolging fan in soartgelikens ynstitút foar it Katalaensk to Barcelona. It jowt út in Bibliothèque Occitane, de periodyk Annales en aparte skriften. Yn Parys en yn Montpellier bistiet in Centre occitan. Yn Toulouse, Montpellier, Nîmes, Marseille en Bordeaux wurde kolleezjes jown yn 'e tael, de folklore en de skriftekennisse fan it Occitaensk. Foar ûnderwizers en oaren wurde leargongen yn 'e streektael opset. Politici fan ûnderskate kleur dogge to witten, hja binne foarstanners fan desintralisaesje ek op it gebiet fan it ûnderwiis. De tiid like ryp to wêzen, mar doe't 1939 de oarloch der yn foel, fregen wichtiger dingen it omtinken.
It seit himsels dat de Dútske bisetters har trekken waernommen hawwe om it iene folksdiel tsjin it oare út to spyljen. Sa hat Vichy in decreet útgean litten, dêr't it streektaelûnderrjocht op 'e legere skoalle fakultatyf yn talitten waerd. Mei help fan 'e Ynspeksje kamen der kursussen foar ûnderwizers en krigen sa'n fiif, seishûndert bern les yn har memmetael. Dat wie yn 1942/'43. Fanwegen de oarlochstastân moast dy proef it oare jiers ophâlde, dat fortuten kin men net fan prate. Oer it generael moat it der wol op like hawwe, mar der kamen biswieren foar it ljocht. Foarearst wiene gâns ûnderwizers ûnbitrousum; hja ealgen - alhiel sûnder rjocht - in reäksjonaire, clericale mûklist.
Dêrby wiene hja learboeken brek. In trêd biswier gyng tsjin de easken fan it eksamen dat gjin rekken hâldde mei it fakultatyf ûnderwiis yn it Occitaensk. Dat biswier hie grif wol forwin op west. Mar doe't de ynvasy fan 'e Amerikanen yn Normandië pleats foun, waerd Vichy fuortreage, de mjitregels dy't de streektael bigunstigen rekken fan 'e baen en hja wiene wer like fier as foarhinne.
Mar hja bleauwen warber. Wol koe de Societat d' Estudis Occitans der jit net oer gear komme offisjele prikken yn it wurk to stellen, om't hja ornearre, de tiid wie noch to ûnryp, de hollen noch to hjit en de ienriedichheit to lyts. Mar Jannewaris 1945 hawwe guodden in forsiik stjûrd oan de Ministre de l'Education Nationale om it ûnderwiis yn 'e streektael op 'e legere skoalle syn gerak to jaen. Fan alle kanten sieten hja de regearing oan. Yn it lêstoan fan 1949 waerd in wetsûntwerp troch de Nasjonale Gearkomste oannommen en bigjin 1950 naem ek de Conseil de la République
| |
| |
it oan mei in pear foroaringen en kaem it by de Assemblée Générale werom foar it lêste útslútsel. En doe briek de stoarm los. Der waerd roppen fan separatisme, de ienheit fan Frankryk waerd gefaerlik, elk patois en lokael idioom koe men op 't lêst wol ûnderwize. De bikende skriuwer Georges Duhamel, dêr't ik oars it greatste respekt foar haw, gyng' selst sa fier yn Le Figaro út to hâlden, dit kaem hjir del op in idé ‘lancée pendant l' occupation par les Allemands et leurs valets’. Krekt as hie der sûnt it bistean fan de Félibrige in ieu foartiid nea gjin sprake west fan winsken en easken op dit stik. Oaren seagen der in ûnderdúmske set yn fan de kommunisten.
De Académie française protestearre. De bikende romanist Dauzat karde it ûntwerp op paedagogyske grounen ôf. It wie der by troch dat de bern op skoalle njonken it Frânsk ek noch in oare tael leare soene mei oare staveringsregels. It wie better de learlingen mar hwat krekter Frânsk praten en skriuwen by to bringen. Net foar har tolfte jier moasten se in oare tael leare en dan alsaleaf Spaensk of Ingelsk. It wie nammers mar in lytse kloft trochdriuwers dy't der op út woene, to sprekken út namme fan it hiele Occitaenske folk. Byhwannear't der in folksstimming hâlden waerd, soe men sjen dat de boeren der frijhwat koeler ûnder stiene as har sabeare wurdfierders. Hwerom stjûrde men jins bern nei skoalle ta? Net om in dialekt, mar om Frânsk to learen. Dêr hiene se yn it libben forlet fan.
Fûleindich wie de reäksje by gâns occitanisten. Ien fan harren, Max Roquette, de redakteur fan de Annales, neamde it Frânsk in frjemde tael en de Frânsken in frjemd folk. Mar de tuskenlju, lyk as Charles Camproux, ornearren dat it Frânsk utersté net gefaerlik waerd, dat it doel krekt wie it ûnderwiis dêryn fruchtberder to meitsjen troch forgeliking mei de tael dy't de learlingen praetten. Earst de 11e Jannewaris fan dit jier kaem der útslútsel. It ûntwerp slag'ge der troch en waerd wet.
Botte revolúsjonair is dy wet oars net. Hy jildt allinne foar it Bretonsk, it Baskysk, it Katalaensk en it Occitaensk. Wy hâlde ús by it lêste.
De ûnderwizers sille fuortoan it rjocht hawwe, binammen ta profyt fan it ûnderrjocht yn it Frânsk, it pleatslik idioom to baet to nimmen (art. 2). Hja kinne boppedat, op har forsiik, forlof krije ien ûre wyks ûnderwiis yn 'e streektael to jaen; dat ûnderwiis is foar de learlingen fakultatyf
| |
| |
(art. 3). Wichtiger is artikel 9, dat bipaelt dat by it eineksamen de streektael as fakultatyf eksamenfak ynfierd wurde kin. De sifers dy't helle wurde by dit ûnderdiel hawwe gjin ynfloed op 'e útslach fan it eksamen, wòl foar it krijen fan de oantekening ‘goed’ of ‘moai goed’.
De greate kliber fan 'e learlingen dy't tofreden binne mei it ôflizzen fan in foldwaende eksamen, sille dit fakultatyf fak dus wêze litte; de goeden sille lykwols dat eksamen wòl dwaen wolle, om't hja dan mear kâns hawwe in goede oantekening to krijen en sadwaende har kânzen by sollisitaesjes to forheegjen.
By einsluten seit de wet dat der oan de universiteiten fan Aix-en-Provence, Montpellier en Toulouse learstuollen oprjochte wurde sille foar it ûnderwiis yn 'e Occitaenske tael, litteratuer en skiednis. Hoe't dat ûnderwiis regele wurde sil stiet der net by. De neamde universiteiten jowe nammers al tiden ûnderwiis yn 'e streektael. Mar de kolleezjes wurde net bisocht troch oankommende learaers, mar troch amateurs. Hja hawwe de forhoping, dat dat nou oars wurde sil en dat, as der in fiks tal ûnderleine learkrêften opkweekt is - hwant dy binne der op dit pas net - der in nije generaesje opwaekse sil, dy't it brûken fan de memmetael heech hâldt. Dat der is in earste, skrutene stap dien. In mannich tûkelteammen binne weinommen. Mar it ûnderwiis bliuwt noch fakultatyf, likegoed foar skoalmaster as foar learling en bitsjut fangefolgen in forswierjen fan it learprogram. Oft dizze proef slagje sil is ôfwachtsjen, mar de foarstanners hawwe har moed wol.
***
Sa net, de taelstriid hat mear yn as in skoalstriid, hoe wichtich dy ek wêze mei. De striid wurdt ek fierd yn krante en tydskrift, troch radio en lêzing, op it toaniel en fan 'e preekstoel, troch rym en ûnrym.
As men dit hear ris oereaget, dan falt it jin fuortdaliks op dat der gjin greate kranten en tydskriften yn it Occitaensk forskine. Doe't it fearnsjiersbledtsje Oc nei de oarloch op 'e nij útjown wurde soe, stie it tige yn 'e kiif oft it wol alhiel yn it Occitaensk redigearre wurde koe. Op it lêst is bisletten Oc yn it Occitaensk útkomme to litten, mar de Annales rjochtoarsom yn it Frânsk. Oare periodiken lyk as Marsyas, skikke in lytser of greater plak yn foar de tael fan it gea. Selst de Occitanisten docht bliken soargje der tsjin oan in tekst yn it Occitaensk to lêzen. Dat kin
| |
| |
men hjir ek oan witte, dat der wòl gâns dichtwurken, mar in bytsje romans forskine; dêr sit gjin sleet yn en de útjowers aventûrje it net der jild yn to stekken. Oan ien wei kleije de skriuwers der oer dat hja einliks gjin lêzersformidden hawwe. It folk hat gjin niget oan taelkwestjes. De abonné's op tydskriften yn dialekt binne minmachtich.
It toaniel is in mânsk middel ta it yn stân hâlden en fuortsterkjen fan 'e folkstael. De Frânsken hâlde fan toaniel en skouboargen tilt it yn Parys en yn 'e provinsje fan op. Alle stikken dy't yn Parys west hawwe, wurde ek yn 'e Súd-Frânske stêdden opfierd. Mar hoe leit it der hinne mei it theater yn dialekt? Dat is, krektallyk as by uzes, amateurtoaniel en der wurdt rounom drok spile. Yn 1938 is der in catalogus útjown mei stikken yn dialekt. Dy list hat 550 titels. It binne meastepart ienakters sûnder pretinsje, pastourelles èn carnavalsstikken. Sa'n hûndert stikken, dêr't forskate fan allinne yn hânskrift bisteane, hawwe mear litteraire wearde. Der is fan 't jier in bureau oprjochte dat arbeidet ûnder it Institut des Etudes Occitanes en dat alle dialektstikken, printe of yn hânskrift, sammelje wol en dy biskikber stelle foar spylders en toanielselskippen, dy't fakentiids net witte hokker stikken der bisteane en hwer't se to finen binne. It moat meistimd wurde dat de dramatyske produksje, hâlden by dy fan oare lânnen, earm is en neat to folle bitsjut.
Hwat de radio oanbilanget, der binne yn Languedoc trije kear wyks útstjûringen yn 'e streektael. Apart is, dat der in klacht ynkommen is oer in sprekker dy't de boeretael fiersto biskaefd útspriek en dy't fiersto gelearde wurden brûkte. In typyske klacht, dêr't in like typysk antwurd op kaem. De sprekker fordigenet him op dizze menear: ‘Elk fûgeltsje sjongt nou ienris sa't it bekje him stiet. De troubadours en de hofdames dy't nei har harken, sille it Occitaensk ek wol net mei in boeretongslach praet hawwe. En hwat de frjemde wurden oangiet, ik bin Occitanist en gjin patoisant, dy't it iene of oare ûnderdialekt praet. Byhwannear't ik in bipaeld patois brûkte, soe dat foar de harkers út ûnderskate hoeken ek eigenaerdige biswieren meibringe. Dochs haw ik mei opsetsin party gallicismen brûkt om de harkers gjin ôfskrik to jaen en haw it net litten inkelde wurden dy't allinne yn in pear hoeken fan Languedoc jit yn gebrûk binne, neijer to forklearjen. Boppedat kin men de bitsjutting ek noch opmeitsje út it forbân dêr't se yn foarkomme.’
| |
| |
Soksoarte dingen biwize wol, hwat foar swierrichheden hja foar steane dêrsanne en ek dat der sokssahwat as in Algemien Biskaefd net bistiet. En dat net allinne yn Súd-Frankryk, mar ek net ienris yn in biheinder en homogener krite as Languedoc.
In greaten ynfloed kin der útgean fan de tsjerke. Yn Wales is de folkstael biwarre bleaun en dat is to tankjen oan it feit dat de lju dy tael yn 'e Bibel by de dei lâns liezen en fan 'e stoel ôf tydlingswei hearden. Hoe liket it fandatoangeande yn Súd-Frankryk? Better net to witten bistiet der gjin oersetting fan 'e hiele Bibel, wol fan in pear boeken apart, lyk as Genesis, dat Mistral sels fortaeld hat. Boppedat, de tael fan 'e Bibel sil yn Roomske lânnen nea net safolle útwurking hawwe as yn Protestantske it gefal is of wie. Fan dàt is de tastân yn Ierlân in tige streksum foarbyld, foaral yn forgeliking mei hwat wy oer Wales sein hawwe. It Iersk wie yn it lân in hiel ein hinne útstoarn, doe't Ierlân syn selsstannichheit krige.
Yn Súd-Frankryk wurdt yn 'e Protestantske tsjerken net yn 'e streektael preke; selst yn lytse berchdoarpen yn 'e Cévennes, dêr't noch gâns Protestanten wenje, is it Frânsk de kânseltael. Sa is it ek by de Roomsken. Mar binne der yn Provence bysûndere heechtiden, b.g. pleatslike pylgertochten, dan komme der gauris preken en lieten yn 'e folkstael op it aljemint. Omreizgjende prekers hâlde op wyn- en rispingsfeesten, yn 'e Fêste, by trouwerijen en op bigraffenissen wol preken yn it Occitaensk. In geastlike, l'Abbé Salvat, is út ein set yn syn eigen parochy to Toulouse en sprek by guon plechtige gelegenheden de tael fan Languedoc. En in groep jonge preesters folget him dêryn nei. Wylst de biskop foarhinne in Provençaelske preek, dy't him to gemiensum oankaem, wolris forbea, hat noutiids in inkelde kear de aertsbiskop fan Toulouse sels it folk yn it Occitaensk tasprutsen. In ding fan bilang dat it Occitanisme frijhwat greater oansjen jown hat.
***
It wurdt tiid dizze skôging ôf to breidzjen. It falt ôf en kom ta in fêste konklúzje. It byld dat him foar jin opdocht is bitiisdernôch. Lit my in pear dingen opneame, dy't foar in part goed wize en foar in part forkeard.
Ungunstich is foarearst it feit dat it Frânsk sà ynboargere is dat it net mear as in frjemde tael field wurdt, mar yn it
| |
| |
Suden presiis deselde rol spilet as Standerttael foar de streektalen oer, lyk as dat yn Noard-Frankryk it gefal is. Felix Castan, de tsjintwurdige redakteur fan Oc, ornearret sels: ‘Wy kenne allegearre it Frânsk likegoed en faken better as it Occitaensk’.
Fan oanweagende bitsjutting is ek dat yn gâns streken fan Súd-Frankryk de oarspronklike tael in stikhinne útstoarn is. It lege plak wurdt ynnommen fan in lokael kleure Frânsk mei syn eigen aksint, wurdkar en sinbou. Dat regionale Frânsk is in noch greater fijân fan it Occitaensk as it krekte Frânsk.
In tredde ûngunstige faktor is de straffe konsintraesje fan 'e Frânske Republyk. Alhoewol oer alle boegen oanstriden, oppenearret dy steatsfoarm him noch jimmeroan mei foarsje, oanfitere yn dizzen troch de leafde foar de tael dy't de Frânsken tige hiem hawwe en troch de opswypkjende krêft fan de leuze: ‘Ien folk, ien tael’, dy't de measten wol pan wol.
In minskegriis is ek dat hja tsjinoer it Frânsk net ienselde ienheit sette kinne. Salang't de striid tusken Félibres en Occitanisten fuortduorret, bliuwe gâns minsken skoftich foar it algemien brûken fan Occitaensk.
It Suden hat op it lêst in lange rige fan greate skriuwers fuortbrocht dy't it Frânsk masterlik hantearren. Men hoecht mar to neamen de nammen fan Montaigne, Pascal, Fénelon, Montesquieu, Mirabeau, Daudet en Jaurès. Nuveraerdich is it dat greate dichters seldsum binne. Moat men mei bilangrike figueren as Jammes en Paul Valéry foar eagen de konklúzje lûke dat it Frânsk nou yn har djipste wêzen biwoartele sit? Dan soe it der mei de Occitaenske saek binaud foar stean.
Foar dy ûngunstige faktoaren oer kin men lykwols ek gunstige sette, dy't der yn weage.
Men kin ynlizze, it giet hjir om in tael mei in romroft forline, draechster fan in heechsteande kultuer. Dat is in ding dat hâldt. Mistral-en-dy hawwe mei har wurken it biwiis levere, har tael spilet fan klearens en expressiviteit neat swakker by as dy fan Noard-Frankryk. Mireille en Calendal bihearre ta de masterwurken fan 'e wrâldlitteratuer.
Der wurdt gauris wiisd op it foarbyld fan Katalonië, dat hja ek jerne rekkenje meije ta it gebiet fan langue d'oc en dat gâns in ein fierder is yn syn striid tsjin it Kastiliaensk.
| |
| |
Mistral hat doetiids al neije oansluting socht mei de Katalaenske bruorren. Mienskiplike kongressen binne hâlden. De Katalanen hawwe de Félibrige in prachtige bokael presint dien, dêr't twa lytse bylden op steane, Provence en Katalonië, dy't inoar yn 'e earm hawwe. Ta eare dêrfan hat Mistral in liet dichte, it Coupo Santo, dat yn Provence net allinne, mar yn hiele Súd-Frankryk by feestmieltiden omreitsen songen wurdt. En it is bikend hoe'n krêft der stiket yn it mienskiplik liet.
Yn lêste opslach wiis ik op 'e oerwinning dy't nou koarts bihelle is, mei't de streektael in biskieden plakje krige hat by it ûnderwiis. De Occitanisten geije oer dy oerwinning. Mar pas as it Occitaensk as forplichte learfak en ek as fiertael op 'e skoalle talitten is, kin dizze faktor de skealjens oerhelje.
Sil de geastdrift fan in kloft oertsjûge manlju en froulju de stadige delgong en forwurding fan 'e streektalen tsjinkeare kinne? Sil it harren slagje it folk waerm to krijen foar it bihâld fan har tael? Ik doar dêr gjin biret antwurd op jaen, mar ik haw der tige noed mei. Is sa net, it leit hjir oars as yn Ierlân, dêr't de wjeraks tsjin alles dat op Ingelsk liket in oantrún is; dêr't de skoalle en alle offisjele org'anen it gebrûk fan Iersk dreech stypje en selst foarskriuwe. En lykwols hinget it der swier yn mei it Iersk.
Ek yn Súd-Frankryk, krektallyk as yn Ierlân, binne hiele hoeken, de fleurichste en ynfloedrykste, mei foarop de greate stêdden, dy't foar de ynberne folkstael forlern gien binne. It sjocht der nei út dat de stadige forfrânsking fan it lân wòl opkeard, mar net tobekkrongen wurdt. Dat soe in muoilik forlies wêze, hwant de memmetael is in kostber goed. En dochs moat men oan 'e oare kant de bitsjutting fan 'e tael net oerskatte. Doe't de Galliërs har Keltysk idioom farre lieten en op syn Latynsk bigounen, hawwe hja op dat Latyn har stimpel set. Itselde is bard yn Spanje en yn oare lânnen. De Meridionalen, dy't al ienkear yn 'e skiednis har oarspronklike tael wiksele hawwe foar in oarenien sûnder yn 'e groun to degenerearjen, sille ek, mochten hja nei tsjinwar fan ieuwen by einbislút it Frânsk oannimme, yn dy tael grif bliken jaen fan har stege en drege libbenskrêft.
Mar de takomst leit biskûle yn 'e skerte fan 'e goaden.
(Oersetting D.A. Tamminga.)
|
|