De Tsjerne. Jaargang 6(1951)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 269] [p. 269] Marten Brouwer: Lyts tuskenspul. herten yn 'e nacht triljende flanken wachtet noch earne rêstdelling' foar it bloed dat slacht? slûzen gean iepen en ticht floeden wâlje heech donkere ierde tocht de kosmos leech herten yn 'e nacht skom op 'e flanken nearne wachtet rêst en it bloed slacht *** ik leau dat alle leafde donker is hwant nacht is donker, bounzjend bloed is donker en ik bin donker as ik dronken liz yn dyn donker hier donker de hel de himel en de ierde en dizze stille fivers en de swiere wyn fan donkere lippen dêr't myn tinzen yn ûndergean ik leau dat alle leafde donker is koel as de sé of flamjend fjûr, mar donker nou't ljocht fan sinn' en sinnen yn dyn eagen donker wurdt *** leafde leafde dy't útgloeid is lit jin tofré as alle ûnrêst útroeid is spankrêft útfloeid is spegelt de sé [pagina 270] [p. 270] dounsjen, freugde forgetten wêzen allinne mear gjin dronkene herten sêd it frettend bigear alles is ien, alles alles is neat faeks is foller stiller allinne de dea. *** gjin hoopjen, nearne forwachtsjen skel is de sinneskyn skerp it bitter fenyn en dochs wachtsjend, wachtsjend. Warskoging. Leafd' is as in sjipsopbel - nou hjir, dan dêr ien hinneblaze. Ivichheit? In sleetske frase. Skitter duorret mar in tel. Leavj' is kaerte om ús sels tsjin Morael syn spullebazen. Smyt dan troef oer harren azen: ik de boer en dou de nel. Leafde is in koele wel. Oer 't woestynsân ropp' en raze stimmen - mar yn dyn oase jow 'k foar hjoed myn wurgens del. Sa. Ast rabber's hite wazem nou aenst fielst, wurdst net mear kel. Vorige Volgende