De Tsjerne. Jaargang 6
(1951)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd
[pagina 263]
| |
Joazep Witteveen:
| |
[pagina 264]
| |
moade-ûntwerpers gean op Faubourg Saint-Honoré en hwat foar de saek keapje. Ik wurd to âld. Jonge, hwat woe ik noch graech! - Man, hâld op mei dat gejeuzel! Ik moat fóár komme. Ik gean net nei Parys. Ik ha in moard dien, bin dêr skuldich oan, moat dêr joun hinne. - Jowt allegear neat, jonge. Gean mar nei Parys en nim dan postsegels foar my mei. Op syn toffels roun er de keamer op en del en bleau by de forwaerming stean. - Gek, jonge, mar ik wurd minder, ik fiel it. Ik bin net mear lyk as ik earen wie. Ik wurd minder op 'e gong. Ik wit goed hwat ik wol, mar myn âld lichem wurdt minder. Lestich, as dat net mear mei wol. Hwat soe 'k in protte út 'e wei sette kinne oars. Ik moast it folk ris efter. It hat neat gjin nocht mear oan it wurk!
***
Mem is de stêd yn to winkeljen en Heit sit hwat yn 'e keamer to jeuzeljen. Ik gean nei boppen nei myn eigen keamer. Hwat sil ik nou? It is noch lang gjin joun om nei Esplanade ta to gean. Ik gyng sitten en doe wer stean, seach ris yn 'e spegel oft myn hier goed siet en roun doe de keamer wer út, wylst ik it ljocht oeral opknipte. Roun nei de útfanhûzerskeamer en telde de blokken fan it sprei dat oer it bêd lei. Aenst moat ik in briefke skriuwe dat ik joun net kom. Nuver, hwat koe 'k dochs wûnderbaerlik tinke. Sa wie 'k oars nea. Immen ôfskriuwe, to witten dwaen dat ik net kaem. Dat wie gjin wenst. De doar fan Memme sliepkeamer stie iepen. Neilelak, poeijer, fleskes, buskes en pinsieltsjes leine op 'e kaptafel. Ik seach yn 'e spegel, kjimde myn hier út, roek doe oan in fleske en loek de kastdoar iepen. Yn in hoeke stie in wite doaze mei in blau lint der omhinne. Ik krige de doaze út 'e kast wei en naem him mei nei myn eigen keamer. Brieven sieten der yn. Alde brieven fan ûnbikende manlju oan ús Mem út 'e earste jierren fan har trouwen. Brieven dy't oerrounen fan ridderlikheit. Ekskuses oan ús Mem foar it lêst dat hja fan har eig'en man hawn hie, oant hja mei freonen fan harres út gyng as hy fuort wie om stoffen to keapjen foar de saek. *** | |
[pagina 265]
| |
De telefoan gyng. - Komst aenst efkes lâns? Mem is hjir ek! - Ja, ik sil Mem wol oanhelje! Dus Mem is ek.... Och ja, hwerom soe hja net. In knappe frou. Moai moat se west ha eartiids. Op foto's fan har stiet se altyd eptich, tige goed yn 'e klean. Hja die foarútstribjend en gie mei de tiid mei. Hwerom soe hja net ris.... Ik pakte de doaze wer yn, it blauwe lint der omhinne. In oare kear kin ik wol fierder lêze. Net alles tagelyk witte wolle. Súntsjesoan, bytsje by bytsje. It stadichoan ynwurkje litte. Heit mei in midinette. Mem mei in great sakeman. Hwat in forskeel. Oerlangsum it forhael ûntwine. Bytsje by bytsje dy skiednis my eigen meitsje. Ik sil Mem nou ophelje en aenst mei har yn 'e earm nei hûs ta rinne. Wy geane net mei de tram. Ik wol mei har rinne, lyk as hja mei R., de sakeman nei hûs gien is, ek rinnende of mei in coupeetsje. Yn elts gefal hat hy mei har yn 'e earm roun, hwant hy skriuwt fan útgean nei Extase en it Lido. Sa wol ik ek mei Mem rinne. Spitich dat der gjin tiid oer is om mei Mem nei it Lido to gean.... Ik kjim myn hier út, smar der hwat brillantine yn, doch dan de oerjas oan en gean nei de tramhalte. Fansels duorret it lang ear't de tram komt en ik set de kraech omheech. De hannen djip yn 'e bûse wachtsje ik. De tram is fol en ik moat yn 'e ludze hingje. Gau-eftich bin ik to plak en skilje oan. De faem docht op en lit my yn 'e hall. - De jas hjir mar delhingje, mynhear! Sil ik mar efkes foargean? Hja kloppet oan en ik gean de keamer yn. Mem sit op 'e canapé en ik jow mefrou Z. in hân en freegje hoe't it der mei giet. Tanke wol! Goed fansels. - Jo sjogge der goed út, M., seit mefrou Z. - Ja, ik wrot tsjintwurdich noch al hwat yn 'e saek. It is in drokke tiid en ik ha der tige nocht oan. - Dochs aerdich foar Jou man, seit hja tsjin ús Mem, dat M. de saken nou waernimme kin! - Ja, dat is sa, antwurdzje ik. Der wurdt thé ynskonken en ik bitankje foar in koekje. Ik soe leaver myn noas ris himmelje. Mar it hat al sawn ûre west en ik moat joun noch fuort. Sille wy mar? Wy stappe op en rinne nei de tram. Ik mei Mem yn 'e earm lyk as doe dy frjemde man R. Frjemde man, nou ja, ik ken him net, dêrom frjemd. Fuortendaliks komt de tram | |
[pagina 266]
| |
en fuortendaliks binne wy thús. Ik ha g'jin sin oan iten. Ik moat fuort. - Ik hoech hjoed gjin iten. Ik moat noch efkes fuort. Ik bin net sa let thús. Ik haw de jas net iens útdien. Ik krij in sigaret en gean wer nei bûten ta, wylst ik mei in slach de doar efter my ticht falle lit.
***
Fordomme, hwer is dy Dinnestrjitte nou? It liket hjir allegearre op inoar. Elzestrjitte, Boekestrjitte, Linebeamstrjitte, Dinnestrjitte. Dêr is er dan, Nûmer 356. Hwat in ein. Hjir is it pas 14-16. Alle huzen binne gelyk, selde kleur, selde túntsje, selde stekje fan bakstien der foar. It avensearret neat: 168...., 170...., 172. Einlings bin ik to plak: 356. In gewoan hûs, krektallyk as alle oare huzen, selde stek, selde túntsje, selde foardoar. Ik skilje oan en fuort wurdt der iepen dien. - Ik hie Jo al earder forwachte. Kom yn! Ik wurd yn in keamer litten, dêr't inkelde manlju sitte en ien frouminske, itselde dat my ynlitten hat. Hastich wie hja nei har plak roun. - Goejoun, sei de man dy't yn 'e midden siet. Hy hie in sêfte, rêstige stim, in tenor, tocht my, en syn gesicht wie guodlik. - Nim in sit, sei in oarenien. Ik gie sitten op in plúchen stoel mei it gesicht nei it skilderij ta dat boppe in foech dressoir hong. De manlju sieten oan 'e iene lânskant fan 'e tafel, ik oan 'e oare, it frouminske fan siden. - Wy hawwe Jo hjir komme litten, sei de middelste man wer, om't Jo skuldich binne oan in moardaffaire. Dêr ha je it wer, ik bin wer skuldich en ik wit fan neat! Hwat wol dy âld man dochs mei my? Ik haw him noch nea sjoen en hy hâldt in forhael tsjin my. - It slachtoffer is ûnder de groulikste omstannichheden út 'e wei holpen, wylst er oars net dien hie as forhalen fortelle oan it folk. Dat is in slim ûnrjocht! De oare mannen en it frouminske knikke mei de holle. - Hâld Jo klear as de deifurdiging komt. Dy wurdt Jo sa gau mûglik tastjûrd en dan forwachtsje wy Jo hjir binnen 24 ûren wer. It like ús better ta, it Jo fan to foaren kenber | |
[pagina 267]
| |
to meitsjen. It is hwat hurd sa mar in oprop to krijen. Oant sjen. Ik wie stean gien en hie de hân útstutsen om mei de sprekker ôf to fûstkjen, mar hy bleau sitten en it frouminske liet my wer út. - Goendei, sei ik tsjin har, mar hja seach noch krektsa as doe't hja tsjin my sei: Wy hiene Jo earder forwachte. Ik roun de Dinnestrjitte út. Frjemd fielde ik my. Ik hie dus de boade krige, ik soe in deifurdiging krije en moast my dan melde. Ik soe dan ûnder arrest komme, fêsthâlden wurde, foar it neist wol yn in sei opsletten. Hoe koe dat nou? It wie dochs net fan 'e polysje of fan 'e rjochtbank, de gewoane baelje. Hoe koene de minsken my dan skuldich forklearje oan in moard. Dêr hiene hja dochs it rjocht net ta! Dy minsken hawwe it op myn libben forsjoen of op myn sinten. Mar hja liken dochs ek neat op chanteurs, alhiel net. Dy sprekker hie in guodlike, sêfte stim; it frouminske stie my allinne net oan. Unrêstich gyng ik nei hûs, rinnende, hie gjin sin om mei de tram.
***
Thús gyng ik fuort nei myn keamer, klaeide my út en gyng yn pyama by de kachel sitten. Ik soe earst oan it lêzen, mar dat woe net. Ik sette de radio oan, skommele hwat hinne en wer op in Walzer fan Strauss en bleau doe sitten to harkjen nei it enervearjend rhythme fan 'e Bolero fan Ravel. Hieltyd itselde rhythme, hieltyd itselde en in melodij dy't op 'e senuwen wurke. As ik dy deifurdiging krij en ik sit yn 'e sei mei dit selde rhythme, dan flean ik by de muorren op. In wize om immen ta bikentenis to twingen. Mar ik haw it net dien, ik bin net skuldich. Ik bin net skuldich! Hwat wol dy âld man fan my en dy man mei dy salvjende stim. Hieltyd dat rhythme, dat slaen fan dy trommen, dy pauken! Ik fleach oerein, roun de keamer op en del. Ik haw it net dien! Ik haw it net dien!! En de radio spile troch. Ik haw it net dien! Ik wurd gek! Stil waerd it yn 'e keamer. Ik stompele allinne roun. It wie alhiel stil nou, allinne de lampe barnde noch. Ik taestte om my hinne. Alle lûd wie wei wurden, ik siet yn in loftliddich. - Ik haw it net dien, lústere ik, dat kin net. | |
[pagina 268]
| |
Ik skeuvele wer troch de keamer, de hannen foarút as in bline, nei de stoel ta. De stilte foel as it slaen fan in swipe oer my hinne. Ik kroep der fan yn inoar, weidûkt yn 'e kjessens fan 'e stoel. De lampe barnde noch. De stilte g'ounze: dou hast it dien. De muorren foelen op my, bidobben my. Ik haw it dien! En as ik it nou ris dien hie, hwat dan noch. Dan wie ik dochs al lang troch de polysje oppakt wurden. En ik roun noch frij om. Ik wie noch altyd thús, die hwer't ik sin oan hie en forfelende dingen die ik net. Ik mocht graech mei prykjende earen yn 'e kjeld om rinne en ik slynde sprútsjes yn 'e kelder. Mar ik haw it net dien. Ik bin net skuldich. De radio kundige de nijsbirjochten oan en ik draeide de knop op út. |
|