Op 'e wâl setten oerstjûre lju hinne en wer. De lytse jonge swom baltend nei de kant. Fabian fordronk. Hy koe bigreatlikernôch net swimme’.
Men sjocht earst nuver op fan sa'n guodkeap slot oan Fabian syn skiednis. Mar op it terrein fan 'e satire (en Kästner is satiricus) meije sokke effekten net allinnich foarkomme, mar binne se ek regel. It is net it djippe meilibjen mei de persoanen, dat jin yn Kästner syn boeken ynnimt, mar de fornimstigens, de geastigens en de tûk oerleine komposysje, dy't wer as middels brûkt wurde om de morael fan 'e skriuwer to fordúdlikjen. Net om 'e nocht hat de roman ‘Fabian’ ta ûndertitel ‘Die Geschichte eines Moralisten’.
Oan ‘Fabian’ folge al gau it forhael ‘Emil und die Detektive’, in berneboek dat mear ynsloech as al syn oare boeken (ek dy't neitiid kamen). Dêrnei folgen al dy oare berneboeken en romans, dêr't de satiricus, de paedagooch, de moralist en de skriuwer-dy't-syn-fak-forstiet harsels allyk yn bliuwe. Tige goed falle yn al dy boeken hieltyd wer de dialogen út, dy't men mei in bulte nocht ek op harsels lêst. Bikoarlik is ek dy aparte forbining' fan nonchalance en tucht. En inkelde knepen dogge it by him ek altyd, lyk as de gewoante om ien fan 'e lêste wurden fan in sin ta ien fan 'e earsten fan 'e folgjende sin to meitsjen. In foarbyld út it foarwurd fan ‘Fabian’: ‘As dat neat jowt, dan jowt hielendal neat mear. Dat hielendal neat mear hwat jowt, is neat bisûnders. Eat bisûnders is it earder, as soks de moralist de moed binimt’.
Oft Erich Kästner, nou't er it mei de dramatyske kunst bisiket, ek op it toaniel likefolle sukses ha sil as yn 'e lyryk en it proaza, is noch net oer to sjen. De bikoaring fan syn dialogen leit eigentlik mear yn it epyske as yn it dramatyske. Dat er stikken skriuwe sil dy't op poaten steane, dêr kin men yn alle gefallen wol op oan.
Biskôget men Kästner syn paed fan 'e earste fersbondel ôf oant it epigramboek fan nou ta, dan sjocht men mei fornuvering, dat der bihalven Thomas Mann gjin inkelde jit libbene skriuwer is, hwa't it sukses nea en to ninter yn 'e steek litten hat. Der binne gauris Dútske skriuwers, dy't der oer krimmenearje, dat it publyk sa'n ‘ûnbilangrike’ skriuwer neirint, wylst de lêzers fan skriuwers ‘fan bitsjutting’ altyd mar sa minmachtich binne. Wolnou, men kin maklik neigean, hwer't Kästner syn sukses oan to