De Tsjerne. Jaargang 6(1951)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 257] [p. 257] D.A. Tamminga: Siesta op Jakle-Set. Yndrôf is de kronyk fan Jakle-Set. In krúspaed ienris foar dy't foer en gong. In ealman hie oan dizze fjouwersprong In tolhûs foar syn eigen bûse set. In oare ealman waerd it plan forret. Hy die de earste ealman ûndergong. Nou rêste beide by de fjouwersprong. It is it âld forhael fan Skier en Fet. En ik, dy't hjir yn 't hege simmerg'ers Fiif ieuwen letter fan 't forline dream, Wit dat ik nea fan twaspjalt net genês. Deselde séwyn haffelt oan in beam Mar bringt de trie fan 't âlde riedsel net. Yndrôf is de kronyk fan 't eigen hert. Vorige Volgende