Filmkronyk:
Michael Redgrave as skoalmaster.
Michael Redgrave, de greate Ingelske toanielspylder, binammen forneamd as Shakespearefortolker, is ek in filmacteur fan bûtenwenstich formaet De film ‘Mei earfol ûntslach’ dêr't er de haedrol yn spilet, is troch syn créaesje ien fan de bêsten fan it seizoen wurden. Syn kunstnerskip makket de lytse tragyk fan in mislearre skoalmaster ta in oangripend minsklik drama.
Crock Harris, de haedpersoan yn dizze film, is learaer yn de klassike talen oan in middelbere skoalle. Hy kriget, wegens lichemsswakte, ‘earfol ûntslach’ sûnder pensjoen. De film lit jin winliken net folle mear sjen as syn lêste Grykske les, in pear biskiedende moetingen en it offisjele ôfskied fan de skoalle. Mar dan hat men tagelyk de psychologysk uterst nijsgjirrige ûntjowing en de dramatyske crisis fan in hiel minskelibben meimakke. Yn it prachtige tafriel fan de Grykske les leart men Crock Harris daliks kennen as ien fan dy almachtige, earme skoalmasters, dy't mei in eachopslach, in gebearte, in inkeld ironysk wurd syn hiele keppel makket en brekt. Der is gjin oare forhâlding tusken him en syn learlingen as in izeren discipline en in hypnotyske freze. Hy is tige knap, jowt perfect les en bidoelt it heil fan syn learlingen. As er tafallich nei de lêste les heart dat se him de ‘Himmler fan 5A’ neame, kriget er in swiere skok. Hy wist, dat syn jonges net fan him hâldden, hy wist net, dat hja him haetten. As it bliken docht, dat er dochs ien fan syn learlingen, de fleurige Taplon, woun hat, snikt er fan oandwaning. Syn moai, wreed jong wiif ûntnimt him dizze lêste illúzje, mei't hja him útgniist en fortelt, dat Taplon him omkeapje wol om oer to gean. By it offisjele ôfskied fan skoalle sil er in lange rede hâlde, mar hy bliuwt der yn wei en stammert: ‘Ik haw oars neat to sizzen as trije wurden, inkeld trije wurden: ‘I am sorry.’ Ik hie jimme leafde ta de klassiken en algemien minsklike leafde bybringe wollen, mar ik bin folslein mislearre. Ik hoopje, dat jimme my forjaen wolle, mysels kin ik net forjaen.’ Syn forbjustere learlingen bringe him dan in stoarmjende ovaesje, hy lykwols fordwynt, in iensum minske, yn toga oer it plein. In skoalmaster is ûndergien, in minske, dy't de moed hat ta
ûnbarmhertige selskrityk en skuldbilidenis is út de crisis opstien.
De jonge Redgrave byldet dizze learaer-op-jierren sa masterlik út, dat men op it earste gesicht al efter it masker fan de patentearre skoalmaster it swiere leed fan in wrakseljend minske sjocht. Elk wurd, elke mimyk, elke biweging is laden mei dramatyske spanning. Alles yn dizze film is like sober, like stylfol. Gjin sensaesje en gjin omballingen, sels de forhâlding fan Harris syn wiif mei ien fan de jonge learaers, is net pikant, allinne mar tragysk ûnderdiel fan it psychologysk drama.
It publyk, it Amsterdamske alteast, wit diskear kwaliteit to wurdearjen en komt by kloften.
INNE DE JONG.