catalpa of breabeam, dy't treflik bylket tsjin in reade boekebeam fierderop.
By 't simmer binne op 28 en 29 July de Flaemske poëzijdagen foar de tsiende kear hâlden yn in bernlik forsierd Merendree. Der hat gâns in smite folk west; de ienriedichheit tusken Roomsk en Unroomsk wie in lust. Mynhear Pastoar hie ek nou wer foar elkenien in freonlik wurd, al of net mei in knypke yn 'e earm en kulminearjend yn syn hertlike tanksizzing oan Frank Meyland: ‘Uw schattige vrouw en uw schattig kindje staan van verre toe te zien en zijn fier op u.’ Soks jowt greate blydskip, binammen as it slachtoffer sels noch frjjfeint is.
De wurklist brocht in moai forskaet. Pastoar Van de Moortel lies in tige bidaerd oersjoch foar fan de poëtyske rispinge 1950-1951, dêr't in kommunist en in pear âld-nazi's likegoed har gerak yn krigen as nihilisten en pikswarte ultramontanen.
Leo Simons spriek oer Rilke en Flaenderen: de briefwiksel mei Pol de Mont en meiwurking oan dy syn tydskrift Kunst en Leven. Dr Paul de Ryck kaem yn 'e wapens foar Paul van Ostayen, noch altiten min bikend yn Flaenderen, sels by jonge dichters en by eksaminandi. Mark Decorte liet, ienfâldich mar sûnder djipte, ien en oar hearre oer humor yn 'e poëzij, dy't foaral goed útkaem yn De Roos van Jericho fan Raymond Herreman. Frank Meyland biseach de poëet troch alderhande brillen, mar almeast troch dy fan de guodlike húslikens. Frank syn mem wie tige wiis mei de rymkjende soan, mar warskôge aloan mei it foarbyld fan Nonkel Gustaaf dy't as jonge boeken fol ferskes kwattele hie, mar nou, earm en âld, mei tûchslobbers en waskmasinen sutelet. Heit ornearre: ‘Het zal wel boelen zonder blazen’.
Tusken de rymstikken troch waerden yn sonoar Flaemsk fersen foardroegen, dy't ynstjûrd wiene foar de poëzijkriich, útskreaun fan it regelingskomité. De 600 ynstjûrde rymproeven, út noch yn net it wurk fan de litteraire avantgarde, hawwe in bulte wurk meibrocht. De Sneintojouns spile it Studio fan it ‘Nationaal Toneel van België’, in warber ploechje, it abel spul Esmoreit en dêrnei de klucht Nu noch foar in tige meilibjend publyk fan kongressisten en in pear hûndert minsken út it doarp en de omkriten.
Ta bislút waerden de prizen buorkundich makke: in stikmannich bikroaningen foar poëzij, mar de essaypriis fan de provinsje East-Flaenderen (5000 franc) soe net útrikt wurde, hwant de fjouwer ynstjûrde opstellen koene gjin sprekken lije. It falt hwat ôf en forienigje smaek mei kennis ta in artikel, dat elke yntellektueel mûlket.
De frage komt by jin op, soene der neffens it model fan de Flaemske gjin Fryske of meiskien sels Noard-Nederlânske poëzijdagen organisearre wurde kinne, bygelyks op in smûk plak yn 'e Wâlden hwannear't de bliere simmer jubelet troch f jild en bosken? In poëzijkriich soe der ek best yn falle, tinkt my sa. It is ommers yn Fryslân - great forskeel mei Hollân - krektlyk as yn Flaenderen: ‘Het dichtet al wat lepel likt’. Soe der net in ynstansje yn Fryslân wêze dy't soks ris oanpakke kin?
Tj.W.R. DE HAAN.