Jongfeinte lok en lijen.
Klaes Dykstra, Untwyk - Fersen. Reiddomp-rige Nr. II3. Utj. Laverman N.V., Drachten, 1950.
In bondeltsje as Untwyk soe op dit stuit yn Hollân net forskine kinne. Dêrmei is neat sein tsjin Klaes Dykstra, en noch minder tsjin syn útjower; der is allinne mei sein, dat de forhâldingen yn Fryslân gâns oars binne.
De bilangstelling foar hjoeddeiske poëzij is yn Hollân wol sahwat biheind ta in lytse rounte fan hiele en heale intellektuëlen, wylst in great part dêrfan dan ek noch, of as resinsinten of as freonen fan de dichter, rekkenje meije op in presint-exemplaer. Fan sa'n lyts publyk kin in útjower net bistean. As er it dan alris weaget en kom mei in bondeltsje út, dan moat er der mei rekkenje, dat syn lêzers (ek al binne hja foar in great part net syn keapers) tige kritysk wêze sille. Dat hwàt der noch forskynt, moat foaral modern wêze. Binammen it experimintele makket noch in kâns om bisprutsen en bioardiele to wurden. (Weardearre ek? Dat sil de takomst wol leare. Haedsaek is, dat it net ûngemurken weirekket!).
Klaes Dykstra is net modern en alhielendal net experiminteel. Moderne ynfloeden binne him net alhiel foarbygien, mar yn wêzen slút hy oan by dichters dy't fier bûten de ‘ivoaren tuorren’ wennen, lyk as Piter Jelles en Adama van Scheltema, om nou mar net fuortendaliks greateren to neamen, Heine bygelyks. Hy bliuwt dêrmei yn in tradysje dy't folle tichter by de folkspoëzij stiet as alle modernismen. Men kin dat as in dichterlike swakte biskôgje; men kin it ek sa sjen, dat Klaes Dykstra - dy't neffens myn bitinken noch tige jong wêze moat - út dy poëtyske tradysje libbet en dichtet en yn syn fierdere ûntjowing noch alle kanten út kin. De tiid sil it leare.
In sterk eigen lûd hat dizze dichter (noch) net. Alle boatsjes binne by him rank en driuwe sierlik, de streamen binne goud en de fûgels sulverljocht; út glinsterjende eagen bloeit in stille leafde, it lân leit dreamend oan 'e dyk, de weagen sjonge in oerbikende wize en de dou koert wûndere sêft. Bitroud rymt meastentiids op goud, mar bitrouder altiten op dyn skouder. As it sa útkomt, brûkt Klaes Dykstra ek wolris in ôfgryslike stoplape:
‘Mar nea komt wer, 't is bûte kiif,
Har leave eachopslach....’
Slimmer is, dat syn dichterlik fielen net djip giet. It is meast allegearre ‘jongfeinte lok en lijen’ dêr't it by him oer giet, en dat lijen, dêr't er wol graech oer suchtet, hat dan meastentiids noch net folle om 'e hakken: it is mear jongfeinte-mankelikens. (‘Mankelyk’ is in wurd dat Dykstra graech brûkt.). Syn ‘fan ûnrêst swiere hert’ hat wol in ‘weake groun’, mar komselden docht it bliken dat dy groun ek djipte hat. Syn ‘meldijen’ binne foar it greatste part noch ‘wémoedichheden sûnder doel’ en de leafste en it heitelân, dy't hy graech bisjongt, sille op 'en djûr dochs hwat oars fan him freegje - en easkje.
It is, tinkt my, noch net to sizzen oft dat oare dan ek fersen wêze sille. Ien ding stiet by my fêst: Klaes Dykstra is in dichter, 't is bûte kiif. It docht bliken út syn toan, it docht bliken út de foarm fan syn