De Tsjerne. Jaargang 6
(1951)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd
[pagina 245]
| |
Douwe Kalma:
| |
[pagina 246]
| |
wurdmennich, al komt it fan mysels, dochs by guodden it omtinken op dizze bysûndere minske en syn great wurk rjochtsje; en dat kin foar in soarte fan bitinking, en grif net de minste, gean. Ik kin op gjin bettere wize ta Melville komme, as troch jit effen by Poe stil to stean. Ik winskje him alle eare to jaen dy't him takomt. Hy is om to bigjinnen, technysk in g'reat virtuoos, hy is in stilist fan bitsjutting, hy is in great yntellekt; kritysk en satirysk, soe men sizze, hie hy it tsiendûbelde prestearje kinnen fan hwat hy neilitten hat, as hy net sa troch alles hinne yn bislach nommen wie fan syn earm siik sels. It is mar selden, dat men by skriuwers sa'n parallellisme tusken wêzen en wurk fynt. De bûtenwrâld wurdt foar Poe einliken nea mear as in haetlike harsenskime, dêr't hy allinne oan ûntflechtsje kin troch yn himsels to forsinken. Mar yn himsels driigje der harsenskimen, dy't ûneinich nuodliker en haetliker binne, en dy't hy net trochsjocht noch trochsjen doar. De freonskip hat gjin krêft yn syn libben west, sels de kammeraetskip net; en de wei nei de frou wie blokkearre fan ien fan de sûnderlingste kompleksen, dy't de literaire skiednis ken. Poe kin troch de leafde foar in frouminske sterk oangrypt wurde, ta folsleine razernije forfalle, mar it earme frouminske mei neat en dan ek neat as siele wêze. Syn heitinnen binne allegear lijende, stjerrende of dea. Hy wie troud mei in syklik nichtsje, dat by it boask 14 jier âld wie (har alderdom waerd falsk opjown), de forhâlding tusken harren wie nea oars as dy fan in broer en in suster dy't tige folle mei-inoar ophiene, en doe't Virginia stoar, bleau Poe as in folslein stjûrleas minske oer. Dat hat mei de artistike wearde fan syn wurk neat to meitsjen; der bliuwe altyd greate dingen oer to birikken foar ien dy't talint hat en selsbihearsking; mar dêr folget ek út, dat der in stjûrende krêft wêze moat, dy't by einbislút boppe it sels út giet, en dêroan ûntbriek it by Poe. Poe's wrâld is in wrâld-yn-ûntbining. Lyk as Edgar Poe, kaem ek Herman Melville al as jonge mei syn boargerlik Amerikaensk formidden yn konflikt, mar hy lost it op in gâns oare manear op as Poe, drinkt en dobbelet net, mar rint fuort nei sé ta, en nimt, twa-en-tweintich jier âld,Ga naar voetnoot1) tsjinst as matroas op in walfiskfarder. It libben dêr- | |
[pagina 247]
| |
op is hurd en wreed, hy hâldt it net út, en sjocht kâns op de Markesas-eilannen to desertearjen, dêr't hy finzen nommen wurdt fan in neaken rinnende en, hwat slimmer is, kannibaelske stamme. Mar hja ite him net op, en yn pleats dêrfan liket hy syn part noch al to krijen fan it faeks wol hwat frije, erotyske libben fan it folkje. De aerdichheit dêroan forg'iet him lykwols, as de kannibalen op in goede dei in mennich fan har forsleine fijannen yndied opplúzje sille, en hy wit to ûntflechtsjen (letter, yn hurdere omstannichheden, sil hy dat ien fan de stomste setten út syn libben achtsje). Wer oan board fan in walfiskfarder; dan fan in fregat fan de Amerikaenske float, dêr't de manlju op regearre wurde mei de swipe. Dan, nei sokke foarmjende ûnderfinings, yn Amerika werom, en skriuwer; op syn 32ste jier it greatste wurk dat hy skreaun hat, it epos fan de walfiskfangst, ‘Moby Dick’. Opstannich fan wêzen, hat de sé him jit helte opstanniger makke: it hiele boargerlike Amerika jaget er tsjin him yn it harnas. De sindlingen (‘Kristianisearje it kristlike Amerika, ear't jim op de heidens los geane’), de rânseljende ofsieren (mar it komt safier, dat hja it rânseljen litte moatte, binammen nei syn boek ‘White Jacket’), yn syn forsmiten fan de wrâld-oanwâl wurdt er bytiden heal in minskehater - net foar neat hat er himsels yn ‘Moby Dick’ de namme jown fan Ismaël. Hy is ien fan dat soarte minsken, dêr't de wrâld it measte lêst mei bilibbet, en dêr't hja aldermeast forlet fan hat en hâldt: ien fan de ûntemberen. Him regearret gjin presidint, gjin ofsier, gjin tsjerkfâd, sels gjin, frouminske: der is hwat elemintairs yn him. Sokke minsken binne der alderg'eloks, mar hja kinne selden skriuwe; Melville, binammen yn de boeken fan syn earste periode, skriuwt as in bigenedige, skriuwt as ien dy't de oaséanen yn al har leaflikheden en har forskrikkingen ken, en hy sjongt mear as hy skriuwt fan Leviathan en de Minske. Men fornimt ek, hoe nuodlike ôfhinklik hy is fan syn bisieling, mar as dy him stjûrt, dan lêst men him net mear, men libbet mei him. Dêr giet de Pequod, op it greatste aventûr, mar it is mear in mystike ropping, dêr't ea in skip op fearn hat: de jacht op de wite walfisk, ûnder in fanatike ienskonkige kaptein, en dû giest mei, lêzer, en dû giest nei de kelder, wês dêr mar wis fan, astû gjin Ismaël bist. Hwant in Ismaël komt altyd wer boppe, al is it (sjoch de lêste side fan ‘Moby Dick’) yn de deakiste fan in kannibaelske freon; it moat in great forsin fan de Mohamme- | |
[pagina 248]
| |
danen wêze, to leauwen dat dy ûnbitwingbere nou feilich en wol nêst syn mem Hagar yn de Ka'aba to Mekka rêst. Ismaël rêste! * * *
‘Moby Dick’ dan, dat nou hûndert jier lyn forskynde, is in boek fan de walfiskfangst, dat wol sizze fan de aventûrlike, net fan de mechanisearre; en effen bikrûpt jin de frage, oft der fan de mechanisearre wol ea in epos to skriuwen wêze sil - hja komt moai wis better ta har rjocht yn de foarm fan statistiken. De Pequod, ‘ús’ skip dan, is in trijemêster, mar ik moat tajaen, dat ik nei de lezing' fan it hiele boek skraech de nammen fan de trije mêsten ken. Oars, ik wit nou wol in bulte dat ik earder net wist, mar dat is binammen oer de walfisken; hwant Melville docht gjin lichten, ear't men net soarten, libben en maetskippij fan dy ûntsachlike wrâldboargers suver better ken as dy fan jins safolle lytsere meiminsken. Men lêst jerne fan dy greate munsters, foarst om't Leviathan, alles meiïnoar, in oannimlik en faek sels minlik dier is, oard om't Melville gjin sentimentaliteit mar wol in goed soarte humor ta syn foldwaen hat, tred om't hy in strou net om in aei bidjerre sil (yn de literatuer in like greate flater as yn de koken). Mar Melville mei bilang hawwe by walfisken, hy hat it net minder by de walfiskfangers. Sa'n tritich minsken hat de Pequod oan board en hast allegear wurde hja jin nei, fan de kaptein Ahab ôf oant de fan bangens idioat wurden lytse negerjonge Pip ta. Melville's metoade yn de skildering fan syn persoanen is opmerklik: hy birikt réalistyske effekten troch in hast biswarrend lyrysk oproppen fan de figueren; lyk as faek by Dickens, oertsjûgje en bifredigje hja jin minsklik, wylst men dochs klear sjocht dat hja mei holle en skouders boppe it minsklike útstekke. It duorret lang, hast oan it tritichste haedstik ta, ear't de haedfiguer, kaptein Ahab, op it toaniel forskynt, en dochs is dy lange tarieding faeks it masterlikste diel fan dit masterlike boek. Wy krije al tige gau bilang by Ismaël sels, mar dy laet ek gau ús omtinken ôf fan himsels nei hwat hy sjocht en meimakket foar syn oan board kommen. Twa dingen binammen bliuwe jin dêrút by: syn yn 'e kunde kommen mei de ex-kannibael Kwiekwek (de omstannichheden binne sa, dat men se yn in fatsoenlik tydskrift min | |
[pagina 249]
| |
neifortelle kin, mar Ismaël is dêr net forfeard fan, en hy en Kwiekwek wurde greate spitsen) èn de walfisk-preek fan fader Mapple, dy't syn gemeente oansprekt as ‘bêste skipmaten’ en, preekjend oer Jona en de greate fisk, it minsklike op oangripende wize foar de Ivige oer stelt. Earst fierder yn it boek sjocht men mear en mear, hoe treflik dizze en de fierdere ynliedende stof past as prolooch ta it eigentlike drama. Dat drama sels spilet him ôf tusken de twa haedfigueren: kaptein Ahab en de wite walfisk, ‘Moby Dick’. De kaptein is hielendal it tipe, dat wy yn dizze tweintichste ieu mar al to goed wer kennen leard hawwe: de fanatyk bisetene, opjage fan syn wil oant yn de dea om de wite walfisk to fangen, troch hwa't er syn iene skonk kwyt rekke is. Hwat him bisielet, is mear as wrok, it is dy fûl forneatigjende haet, dy't gleonens en krêft faeks hjiroan meast ûntlient, dat er sa ticht by de leafde stiet; Lucifer yn opstân tsjin God, tinkt men, mei ‘Paradise Lost’ yn it ûnthâld. De Walfisk dêrfoaroer, is minder maklik yn it geastlike byneist to kommen. Hy is snoader as dier of minske, der is eat fan it godlike yn him, miskien is er hast hielendal g'odheit, mar nei goed of tsjoed moat men dan net freegje - ‘jenseits’, om Nietzsche syn wurd to brûken. Wol liket Ahabs driuw tsjin him ûnreedlik yn alles, dat er fansels ek is. It boek wynt stadich, hast troch in wrâld fan walfisk-kunde en -sêge, nei it hichtepunt ta dat de twa haters foarinoar oer steane; in jacht fan trije dagen; dan smyt Ahab sels de needlottige harpoen, it kronkeljend ôfrinnende tou slacht om Ahabs hals, en Ahab fordwynt yn de djipte. Fan de Pequod en syn boaten liket neat oer to bliuwen, oant it Ismaël yn 't sin komt, dat hy sels oerbleaun is, mar Ismaël is nou ienris ien, dy't maklik himsels forjit. ‘Moby Dick’ is elementair yn in sin, dêr't mar in hiel inkeld boek oanspraek op meitsje kin. Elemintair yn syn oproppen fan de oaséaen, en de greate munsters dêryn; elemintair yn syn werjaen fan de simpele, bodzjende, stridende minske; elemintair yn syn great konflikt, de minske dy't it Riedling ûntriedselje en deadzje wol, en mei it tou om 'e strôt yn de djipte fordwynt. It is altyd hwat nuodlik fan konstruktive en destruktive boeken to praten, hwant hwa binne wy, dat wy witte soene hwat neffens Gods rie konstruktyf en destruktyf is? Mar my seit it dochs altyd eat, en folle, oft in boek binearjend of bifrijend op my | |
[pagina 250]
| |
ynwurket. Poe is binearjend, alles meiïnoar, lyk as in bitiisd minske eat binearjends is; de geast fan Melville, hoe't hy it Amerika fan syn tiid ek ta argewaesje west hat, is bifrijend. By einbislút is de wyn oer de oaséaen better as de fordoarne lucht fan in dompig'e keamer. Lit ús yn Fryslân net forjitte, dat de greate se ek uzes wie en is; en hwat ús walfiskfarders oanbilanget, har tsjûgenissen en grêven binne jit mank ús, en har skaei is net útstoarn. |
|