Tsjits Peanstra:
It wersjen.
Efternei bisjoen hie ik tinke kinnen dat it sa gean soe, alteast, doe't ik Sikke de keamer yn kommen seach, hie ik tinke kinnen.... Mar kom, ik sil bisykje myn tinzen hwat to oarderjen, oars silst' de tried fan dit forhael faeks net folgje kinne. It wie ien fan myn lêste nachttsjinsten. Krekt doe't de Westertoer zijn tolve slaggen oer de stêd hearre liet, gyng de telefoan. In nije pasjint, yn 'e nacht en foar de izeren long, it joech, as altyd, in tige opskuor. Wy sleepten mei krûken en tekkens, der kaem sûrstof en krekt doe't wy ré wienen (it sil goed ien ûre west ha) gyng de hûsbelle oer. Ik wit net sa lyk mear hoe't wy alles biskrept hawwe, it sil miskien in healûre letter west ha, doe't ik tiid krige ris om my hinne to sjen. Ientoanich en binearjend sûze it zzzzzt - zzzzzt fan 'e long en flikkere it reade kontrôleljocht - út-op-út-op: Oan ien tried wei moast ik sûrstof jaen oan 'e pasjint, in jong'e frou noch, like my ta, Sa't ik sei, ik kaem hwat ta mysels en likernôch op it selde stuit gyng de keamersdoar iepen. Yn it earstoan tocht ik dat ik it net goed seach, mar dan: ‘Sjouk, dû hjir?!’ Ik hie sizze wollen: ‘Sikke, dû hjir’, mar ik sei it net, it wie, oft my stadichoan twa hannen om 'e kiel lein waerden, warleas as ik wie, koe 'k neat sizze. Ik fielde dat de kleuren my op en ôf gyngen en doe't ik wer hwat sizze koe, sei ik: ‘Sjoch nei dyn frou!’ It wie der út foar't ik der erch yn hie. Even letter gyng hy de keamer wer út. Hwat ûnmeilydsum waerd my op dat stuit de groede iepene, dy't ik al lang ticht waende. Yn ien flits seach ik dêr de hiele film fan ús libben, Us fornachtsjen yn it lytse herberchje oan 'e Belgyske grins, ús fakânsjetochten troch Nederlân en België; en hiene wy net ris fjirtsjin dagen to geandefoet yn Ingelân
omswalke? En ek soe ik nou noch elke reidpôlle, elk eilân yn 'e âlde feanen oantsjutte kinne, hwant it hie fan ús west.
Doe kaem de oarloch, it ûnderdûken, earst hjir, dan dêr, mar hwat lette it, salang't ik elke Sneon noch nei de pleats of it skûlplak komme koe? En doe op in dei - waerd hy pakt mei in razzia. It wie sa gemien allegearre, wy hiene gjin forwar. Earst nei wiken hearde ik, dat de jonges dy't