De Tsjerne. Jaargang 6(1951)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 242] [p. 242] E.B. Folkertsma: Roazen fan Helgolan. Helgolânske fiskers, wenjend to Hörnum op Söl, brochten dêr lêstendeis yn 'e herberch Zum lustigen Seehund bloeiijende reade roazen, dy't hja plôke hienen op Helgolân. Noch bloeije op Helgolân de roazen, Noch bloeije hja, útdaegjend rea, Mids fjilden pún, eazende hoazen Fel stiel bloeit libben út 'e dea. Dû wurdst, o Helgolân, djip ploege, De macht hja skuort dyn grounslach op, Hja wol dyn ierde en oerd útroegje, Tobroaz'lje dy de greatske kop. Mar 't libben bloeit. Ut púnwoastinen Rust', rots, in roas boppe de sé, Ut nacht en need silst heech opskine En flamjend stean op 't ieuw'ne sté. De ploaitser sil dy dochs net ploaitsje, Hy wrikt dyn woartel dochs net om, In nije moarn sil oer dy loaitsje, O rots, o roas, Great Fryslâns blom. Huzum, 19 July 1950. Vorige Volgende