De Tsjerne. Jaargang 6(1951)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 241] [p. 241] Durk Miedema: Gallich gebet. Myn God, ik kin it langer net forneare: Hwerom moát ús bisykjen misbiteare en komt it driigjend ûnk net mear to kearen ús oer? Is dit to folle - ús bigearen nei frede? - Is 't to min? Kinn' wy 't net leare yn oare wei as lije en ûntbeare? * * * O, stjûr ús net sa warleas yn 'e wolven, smei ús in swurd of rik ús in revolver en as 't net wól: brân dan de boel yn polver. Vorige Volgende